De karn moest fastset worden, anders werd der in de nacht doorgekarnd.
nl.verhalenbank.27324
Yn 'e nacht dat al dy minsken forbrând waerden is de loft boven 't Faan noch altiten read.
nl.verhalenbank.37441
Oan it eintsje wei fan 't Blauhûs nei de Boelensloane roan nachts altyd in fôlle op 'e wei. Dy spûke dêr.
nl.verhalenbank.38012
By nacht mat men noait midden op 'e wei rinne. Oars wurdt men gewoan oan side drukt.
nl.verhalenbank.23463
Bij Visvliet is een plaats, doar stoan de deuren altyd los. Die kunnen se nachts niet fasthoudn.
nl.verhalenbank.24410
Op 'e klaei gebeurde 't wol dat nachts by de boer de tsjerne gong. Dat wie foartjirmerij. De oare deis woarde der wer tsjerne.
nl.verhalenbank.25962
Se seinen froeger algemien: noait midden op 'e wei rinne, hwant der kin ris in lykstaesje oankomme dy't men net sjocht. Dan wurde jo samar oan kant reage.
nl.verhalenbank.27998
By âlde Wytske waerden krânsen foun yn 't kessen fan Foppe.
Dy flechte de tsjoenster der nachts yn.
nl.verhalenbank.32016
Ik en Jan Jagersma fan Kornhorn froegen us op 'e Grunniger klei bij in boereplaats of we doar sloapen mochten.
De boer sei: "Jim kunnen doar beter niet sloapn. De deur goat altyd open."
Moar wy woagden it doch. Wij deden een pakje floeikes tussen de deur. Moar de andere morgen was de deur wèl open.
Een knecht fan de boer was doar fermoard worden. Doar...
nl.verhalenbank.27332
Op guon plakken woarde nachts brake. En ik haw ek wolris heard dat der nachts ergens tursken woarde. 't Wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.27878
De kopkes en pantsjes dêr't men út dronken hie, moesten foar de nacht yn elkoar set wurde, oars woarden se nachts brûkt.
nl.verhalenbank.27879
Der hat hjir in boerefrou wenne, dy slofte nachts de gong del, dan moest se der wer út om hwat to sjen.
nl.verhalenbank.25895
Op in nacht sei er: "Wat sal dat nou wezen. Het bromt in de locht." It gong der bot oan wei.
Letter kom de Graf Zeppelin troch 't noarden oer ús hinne mei prins Hindrik der yn. Doe't er dat loftskip seach, sei er: "Dat mei 't west ha."
nl.verhalenbank.27303
Myn man hat in kear in pleachbeest troffen. Dat wie op in nacht. Hy roan rjochtút op Trimunt oan. Hy roan op it fytspaed, doe kom der in swart ding njonken him. It hie fjouwer poaten en 't wie great en swart. It roan op it weinpaed njonken it fytspaed, mar dan alhiel op 'e kant, flak by Ouwe (har man).
Myn man sei "Goeie navend", mar it sei neat werom....
nl.verhalenbank.23467
In wjerwolf is in man, dy bimuoit him mei froulju. Hy skuort har mei syn tosken de klean fan 'e hûd en lit se dan wer gewurde. Hy docht it allinne by nacht en bûtendoar. Hy mat it dwaen, hy kin net oars.
nl.verhalenbank.24118
Der waerd ús froeger altyd foarhâlden noait by nacht midden op 'e wei to rinnen, hwant dan koe 't gebeure dat men tsjin in lykstaesje oproun.
nl.verhalenbank.37576
By ús heit en mem op 'e Skieding hearden se nachts faek de brake gean. Dan stompte mem heit oan op bêd en sei: "Jan, hearst de brake wol?" It wie foartjirmerije.
Dan gong it de oare deis wer op in braekjen.
nl.verhalenbank.25991
Sipke Albert gong nachts faek nei de Feanster boat nei Ljouwert en Grins ta. Onderweis sprong him op it plak dêr't Gietema wennet in dier op 'e rêch en dat lei him de poaten op 't skouder. Dat dier wie tige swier. Dan moest er dat dier meidrage oan 'e AVEK ta. (dêr't de Warreboskloane bigjint). Dan gong 't wer fan 'e rêch ôf. Dan spielde Sipke fan swit....
nl.verhalenbank.38687
Op in nacht fernam Douwe spûkerij in 'e spitkeet.
Doe het hij de deur der uutnomen en 'm op de andere kant zet. Doe was de spoekerij over. Doe kwam dat spoek niet meer bij hem.
nl.verhalenbank.23963
Rinne jo yn 'e nacht midden op 'e wei, dan kinne jo oan kant reage wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.27169