2,698 datasets found
Dutch Keywords: nacht Place of Narration: Houtigehage
In wjerwolf komt yn 'e nacht. Hy hat it foaral op bern bigrepen. Hy docht de bern neat, mar pleaget se allinne mar. De bern kinne dan net sliepe.
nl.verhalenbank.24308
Men mat nachts noait midden op in reed rinne. En dat die hy àl, hy roan midden yn 't weinspoar. Dat wie krekt forkeard. It wie eins syn eigen skuld.
nl.verhalenbank.25603
Dêr't nou dôve Germ wennet yn 'e H., dêr wennen froeger Jan Frânses jonges, Auke en Jan. Dy murdejagen altyd. Op in joun wienen se der togearre op út. Sy kommen by de Janke-dobbe, dêr fornommen se in murd. Sy stjûrden de beide hounen der op ta, mar de beide hounen woenen net. Doe sei Auke: "Godfordomme, dêr sille jim op ta." Mar dêr fljocht him hwat op 'e...
nl.verhalenbank.23590
Alde Rikele hat wol sein, as syn wiif, âlde Myt nachts fuort wie, dan leinen allinne de yngewanten njonken him op bêd.
nl.verhalenbank.24560
Ik haw oan matteweven dien. Jouns, as 't iten dien wie, die ik in bout yn 'e kop fan 't mattetastel. Der sette ik him stiif mei. Dan hearde ik nachts de slaggerboom en de triedden ratteljen. As ik him los liet, hearde ik it net.
nl.verhalenbank.37681
Pake fortelde, yn Houtigehage, by de Megielsreed, dêr wie in man, dy hie in koe forkocht; dy moest mei de boat mei. De nachts die er de koe oan 't tou en gong der mei op stap. Underweis moest er by in hage lâns. Dêr woarde dy koe samar opnom - ik hâldde him beet, sa fortelde er - en doe woarde dy koe oan 'e oare kant fan 'e hage wer delset. It tou siet...
nl.verhalenbank.23583
Us mem sei froeger, as ik ris hwat tsjinkom yn 'e nacht: "Tink der om: as it wyt is, slach der dan net nei."
nl.verhalenbank.23798
As ik nei Dútslân gong to meanen, dan meande ik de earste twa nachten op bêd.
nl.verhalenbank.23571
Ik bin ris yn 'e nacht fan Rottefalle kom. Doe gong der ien njonken my lâns. 'k Ha him twakear 'navend' sein, mar ik krige gjin antwurd. Doe is er fuortgong en sa is er ek weibleaun. 't Gebeurde by de grifformearde skoalle op 'e Langewyk.
nl.verhalenbank.23799
Ik haw us praet mei in man út Wynskoat, dat wie in scheepklinker, dy fortelde my, hy wie op in skip en dêr woarde nachts klonken. It wie sa dúdlik to hearren. Mar doe't se seagen wie der neat to dwaen. De oare deis waerd der echt klonken. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.23827
Sahwat midden op it ein fan Blauhûs nei Boelensloane, oan'e oastkant lâns stie in hulzenhage. Dêr roan it sânpaed by lâns. Der hearden se gekerm en gekreun, krekt as siet dêr ien yn 't nau. Se hearden it allinne nachts.
nl.verhalenbank.24227
Hjir hat in hûs west dêr wennen minsken yn, as dy jouns de doar op 'e skoattel dienen, dan wie er de oare moarns, as se fan bêd kommen, altyd wer iepen. Doe ha se nei de doomny ta west, dy woe 't net leauwe. Dy hat der neat oan dien.
nl.verhalenbank.24309
Der waerd sein dat der nachts tusken Blaufallaet en Bûtenpost in frommes yn in regenkleed omspûke.
nl.verhalenbank.31115
De ierdmantsjes dogge soms foar de minsken it wurk yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.31111
't Is wol gauris gebeurd, dat, as der ien mei hynder en wein ried by nacht, it hynder ynienen stean bleau. Dan woe 't mei gjin stok fierder. Dan seach it in lykstaesje.
nl.verhalenbank.25615
In nachtmerje wie in man of in frou, dêr't men deis oer prakkesearre en dy't dan nachts by jin kaem. Men moest hinnegean en stopje de kaeisgatten fol guod, hwant de nachtmerjes kamen altyd troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.37786
Dêr't âlde Jille Pultrum wenne, wenne earder syn heit Durk. Dy lei op in nacht op bêd, doe hearde er planken ratteljen. In healjier letter troude Bareld Pultrum, in broer fan Durk. Doe moesten se hout leegje yn 'e nacht. Doe hearde Durk krekt itselde lûd wer, mar nou wie 't werklikheit. Doe kom Bareld Pultrum dêr to wenjen. Dêr bouden se in hûs foar.
nl.verhalenbank.23724
De nachtmerje kaem nachts by de minsken. Dy kaem ta 't slotsgat yn. Men mat noait de klompen mei de snuten nei de doar ta foar de drompel sette. En sa matte de toffels ek net foar 't bêd stean. Ik tink dêr altyd noch om.
nl.verhalenbank.31120
't Wie op 'e Houtigehage yn 't bigjin fan ús memme trouwen. Op in nacht hearde ús mem klear dat der peallen delgoaid woarden en hout. Mar dat wie yn werklikheit sa net. 't Wie tjirmerij, hwant letter brochten se peallen foar Wytske-moai har spitkeet yn 't achterhûs. Dàt hie se heard. Hwant Wytske-moai woe in hutte ha. Hja hie in bern en de heit fan it...
nl.verhalenbank.24648
As jy de kaem fan 't mattestel net der út dogge foar de nacht, dan wurdt der yn 'e nacht trochweefd, wurdt der sein. (Se weefden froeger matten yn Houtigehage en Boelensloane)
nl.verhalenbank.23735