7,013 datasets found
Dutch Keywords: nacht Narrator Gender: female Place of Narration: Eastermar
Ik ha faek heard dat de tsjerne yn 'e nacht troch gong - dat dat sein woarde, en ek dat se yn 'e nacht de kloppen fan 'e flaljes hearden.
nl.verhalenbank.28393
Op Skûlenburch, is 't sizzen altyd, rint nachts in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.36032
Bouke Schievink fan 'e Harkema hie altyd de duvel by him. Hy wie ris by ús to jounpraten. Doe't er nei hûs ta soe brocht heit him in eintsje. Doe sei er: "Hjir giet Bouke en dêr giestû." ('Dû' - dat wie de duvel).
nl.verhalenbank.36171
To Hurdegaryp, by it slot fan Bontekoe, is in hekke, dy giet op bipaelde tiden yn 'e nacht iepen. Guon binne der wol by stean bleaun, mar hy bleau net ticht.
nl.verhalenbank.36034
Guon dy't mei de helm geboaren binne gean der yn 'e nacht op út. Dy witte altyd fan sterfgefallen foarút.
nl.verhalenbank.36175
Op 'e Parsingel to Eastemar spoeke it. Dêr gong it yn 'e nacht altyd bot oan wei. It wie dêr in hiel stik leven en lawaei.
nl.verhalenbank.20887
Men mat nachts noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin men oan kant set wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.36168
Alde Frytsen wenne yn Eastemar yn 'e foarige ieu. Dat minske gong nachts soms út bêd, dan seach se lykstaesjes.
nl.verhalenbank.37608
Alde Geart Bakker (stoarn ± 1955) fortelde dat der oan it paed nei Jan Nicolai op it Wytfean yn 'e nacht in wyfke siet to spinnen oan in gouden spinnewiele.
nl.verhalenbank.12506
Tsjerke Lize wie heldersjende. Hja wenne oan 'e Mûzegroppewei en moest der hiel faek ôf nachts om hwat to sjen. Sy seach dan meast lykstaesjes.
nl.verhalenbank.12270
Der mat in stik roggebrea mei op bêd yn 'e langste nacht fan 't jier. (ook te Oudega genoteerd)
nl.verhalenbank.20470
Guon wurde mei de helm geboaren. Dy sjogge de lykstaesjes foarút. Ik haw sa'n ien noait kend. "Sy matte it bislist sjen", sizze se. Us mem sei altyd: "Rin by nacht noait midden op in paed."
nl.verhalenbank.35930
Kabouters, seinen se, hienen har wenplak yn 'e groun. Nachts dienen se it wurk foar de minsken. Wy plachten wol to sizzen, as it wurk jouns net ôfmakke wie: "Smyt it wurk der mar hinne en lit de kabouters der mar mei rêdde."
nl.verhalenbank.29307
De flaeikloppe mocht froeger net op 'e tersk lizzen bliuwe, foar de nacht. Dy woarde altyd ophong. Oars gong it yn 'e nacht op in terskjen.
nl.verhalenbank.20602
Der wie in boer yn Hurdegaryp, dy syn kij gongen om tolve ûre yn 'e nacht altyd oerein yn it lân. Trije brûsden der altyd út. Op 'e stâl gong it krekt en gelyk. Ek al woarden se fêstboun, se rekken altyd wer los.
nl.verhalenbank.21812
As der yn 'e nacht eksters op 'e naed fan 't hûs omskatterje, dan komt der yn dat hûs gauachtich in deaden.
nl.verhalenbank.20494
Piter Ielkes Zandstra fortelde: It wie sahwat yn 1867, ik ûngetide doe to Easterlittens. Wy hienen in wike meand, doe gong it op in swyljen. Dêr woarden forhaeltsjes by forteld. Ien fan 'e mieren fortelde: Der wie us in feint by in boer, dy moest elke dei to melken mei it boatsje. Mar it nuvere wie dat dat boatsje elke dei hwat op in oar plak lei as dêr't...
nl.verhalenbank.21735
Albert Postma wie de heit fan Klaes Oersetter. Hy wie fisker en gong der yn 'e nacht algeduerigen op út, mei syn boatsje. Hwerom, dat wie net bikend, mar men tocht, dat er dan hwat sjen moest.
nl.verhalenbank.21828
Jaring Hollander (= J. Veenstra) wenne oan 'e Fjouwer Roede. Op in nacht wie Jaring allinne op stap op 'e Fjouwer Roede. Ynienen wie der ien njonken him, dy stapte mei him op. Mar hy sei gjin stom wurd, ek net doe't Jaring him joun sei. Jaring waerd binaud. Hy tocht: Dit doocht net. Doe sei er: "Ast ien fan 'e duvel biste, ferdwijn. Ast ien fan God biste,...
nl.verhalenbank.33610
It wie yn 't bigjin fan ús trouwen, wy wennen noch yn Jistrum. Wy leinen de nachts op bêd, doe hearde myn frou ynienen dat it bûten drok op in timmerjen gong. Sy tocht: hoe kin dit nou sa, midden yn 'e nacht? De oare moarns sei se tsjin Sibbele Tryntsje, de buorfrou: "Ha se by jimme fannacht sa timmere?" It minske wie forbaesd en sei: "Né minske, hoe...
nl.verhalenbank.29305