To Boelensloane sweefde nachts in spoek oer de wei op it plak dêr't Kees Antsje wenne hat.
nl.verhalenbank.37782
Noait midden op 'e wei rinne, hwant as der hwat is, dan rint men dêr by op en falt men der achter wer by del. Dat jildt foaral foar nachts foar tolven.
nl.verhalenbank.21905
It gebeurde ek wol dat Durkje har man jouns bûtendoar foar hûs siet. Doe wied er al dea. Durkje seach him sitten. Dan wie se bang. Dêrom moesten der nachts guon by har wêze.
nl.verhalenbank.38699
Boardzer Bruining seach op in kear in lykstaesje midden yn 'e nacht fan 'e kapper (oan 'e Spekloane) ôf oan Hindrik de Haan ta (oan 'e Houtigehaechsterwei). In wike letter wie dêr in èchte bigraffenis.
nl.verhalenbank.28313
Tichte by 't Blauhûs wienen froeger houtsjes. Dêr spoeke nachts altyd in bûnte stabijhoun.
nl.verhalenbank.17738
Heit en mem wennen yn 'e Houtigehage, sahwat krekt op 'e grins fan Boelensloane. Op in moarn sei mem tsjin heit: "Der woarde fannacht sa timmere en mei planken smiten hjir op 'e heide, ik ha der net fan sliepe kind. Hjir komt grif in nij hûs." In jier letter stie dat hûs dêr.
nl.verhalenbank.28312
Janne Durkje hie har man Jan hiel min bihandele. Sy doarst nachts noait allinne to wêzen doe't se har man yn 't graef hie. Alle nachten gong har man letter yn 't swart klaeid mei in lange jas oan en in hoed op nei de souder ta.
Dan dindere it théguod en 't gong der sa bot op 'e souder om wei, dat sy koenen it op 'e wei hearre.
nl.verhalenbank.38698
Doe't wy op 'e Fjouwer Roeden wennen, wienen dêr faek dwaelljochtsjes to sjen. As âlde Hindriks Lol har man fan hûs wie, siet se faek by ús. "Nou wolle wy joun us oppase, Bouk," sei se dan tsjin my, "dêr dwale hjir altyd ljochtsjes lâns."
Wy bleauwen dan yn 't tsjuster sitten om dêr om to tinken. Dan seagen wy se. "Dêr komme allegearre nije huzen skielk",...
nl.verhalenbank.17599
Doe't wy noch mar krekt troud wienen, wienen ik en Miente (myn man) us togearre nei 't Fean ta to jounpraten. Op 'e weromreis yn 'e nacht, doe't wy by it Blauhûs de wei nei de Loane ynslein wienen, hearden wy hwat, dêr't we beide stil fan woarden. Wy kommen deun by elkoar en sa bleauwen wy stean. It wie noait liker as gong der in swerm bijen troch de...
nl.verhalenbank.17700
Jan Veenstra kom us troch Koatstertille op in nacht ± jier lyn. Doe't er sahwat by de brêge wie, hearde er skean achter him in lawaei fan stienladen en timmerjen en smiten mei ark en doch wie der neat to sjen. Koarte tiid dêrnei ha se dêr de konstruksjefabryk delset.
nl.verhalenbank.17720
Hjir wennen trije susters, dat wienen alle trije tsjoensters. Nachts gongen se nei in stik lân ta mei in biezemstôk. Dy hienen se by har. Dan wienen se dêr op it lân oan 't tikboartsjen. Se sprongen om 'e biezemstok hinne. Guon ha har wol hippen sjoen.
nl.verhalenbank.17736
Ik ha in âld omke hawn, dat wie in broer fan ús mem. Hy wie skuonmakker en sprong op krukken en wenne yn in hûs tsjin 'e iepenbiere skoalle oer. Hy sei: "It timmert hjir achter altyd, hjir gebeurt hwat." Hy hearde it nachten oanien. "Hjir komme huzen", sei er. Mar der wie noait hwat to sjen.
Hy hat gelyk krigen. Letter kamen dêr twa nije huzen.
nl.verhalenbank.17701
Fan sawn famkes dy't op elkoar folgje is ien in nachtmerje.
Fan sawn jonges, dy't op elkoar folgje is ien in wearwolf.
Ien fan 'e famkes fan Wiger Hollander (=W. Veenstra) wie in nachtmerje seinen se altyd. (Wiger Hollander wenne op it Wytfean). Dy gong nachts fan 't bêd ôf en dan gong se de minsken op 't boarst sitten en dan knypte se dy minsken de hals...
nl.verhalenbank.32778
Doe't ús mem yn 'e Westerein wenne, wie der in âld man by har yn 'e kost. Dy moest der nachts faek ôf. Dan moest er in lykstaesje sjen.
Hy wie al sa âld en sa minnichjes, dat hy koe hast net mear út bêd wei komme.
"O Klare, Klare," sei er dan, "ik mat wer fuort." Dan stie er op syn skonken to triljen. Hy woarde dan oer hagen en oer hekken hinne smiten om...
nl.verhalenbank.17723
Sytse Frouk wenne op Feansterheide. Hja woarde siik. Hja tochten, se kin wolris bitsjoend wêze en doe seagen se de ynhâld fan 't holkessen nei. Ja, hear, dêr kaem in krâns út.
Doe binne se nei de duvelbander ta gong. Dy joech in drankje mei. Hy sei, hja moesten de krâns forbrânne, mar goed oppasse dat alles sekuer ticht wie; elk gatsje moest tichtstoppe...
nl.verhalenbank.37780
It Godloas Tolhek tusken Drachten en Olterterp koe nachts noait ticht bliuwe. 't Wie de oare moarns altyd iepen.
nl.verhalenbank.36098
Egbert Hoekstra kaem op in nacht by syn faem wei. Oan dizz'kant it Blauhûs roan in paedtsje en dêr is er in hiel ein smiten woarn. Hy hat it my faker as ien kear forteld en woe der in eed op dwaen dat it wier wie.
nl.verhalenbank.17356
Us Boardzer kaem op in nacht thús, doe stienen de finsters by ús opskoud en de gerdinen wapperen nei bûten ta.
Doe't hy der yn kaem, seach er yn in hoeke fan 'e keamer syn jongste broerke yn in deakistje lizzen. Dat wie allegear foartsjirmerije. Mar it bern wie doe al siik. Gauachtich dêrnei is it stoarn.
Boardzer hie it net tsjin ús mem sein omt er har...
nl.verhalenbank.17722
Der wennen in lytsfeint en in greatfeint by in boer.
De greatfeint sei tsjin 'e lytsfeint: "Hwat sjuchstû der min út, jong. Hwat bistû meger en gammel."
De lytsfeint sei: "Ik yt oars goed. Mar nachts, dan ha 'k altyd in straf."
"Hoedat sa?" frege de greatfeint.
"Nachts komt de boerinne altyd by myn bêd en dan mat ik der altyd mei har op út. Alle nachten...
nl.verhalenbank.17731
Der wienen in man en frou, dy wennen op 'e rûmte. In suster fan 'e frou wenne by harren yn. De man forstoar. Doe forkochten de beide susters alles en gongen nei 't doarp ta to wenjen.
Op in nacht wie 't hiel min waer. It wearljochte en tongere oan ien tried wei. Doe hearden se bûten flak foar 't hûs in houn. Dat beest blafte en jankte sa, dat de beide...
nl.verhalenbank.19303