To Boelensloane sweefde nachts in spoek oer de wei op it plak dêr't Kees Antsje wenne hat.
nl.verhalenbank.37782
Tsjerke Lize wie heldersjende. Hja wenne oan 'e Mûzegroppewei en moest der hiel faek ôf nachts om hwat to sjen. Sy seach dan meast lykstaesjes.
nl.verhalenbank.12270
Op 'e Hearrewei, tusken Nyegea en Sumar spoeke it. In hopen doarsten dêr by nacht net lâns.
nl.verhalenbank.15721
Ik ha ús heit en dy faek praten heard oer minsken dy't mei de helm geboaren wienen. Dy gongen der nachts ôf. Dan seagen se lykstaesjes. Dan fortelden se de oare deis: der roannen sàfolle manlju achter en sàfolle froulju.
Soms seinen se tsjin ien: even oan kant gean, hwant dêr komt in lykstaesje oan. Mar de oare seach dan neat. Nachts moest in minske net...
nl.verhalenbank.36265
Men mat yn 'e nacht noait midden op 'e wei rinne.
nl.verhalenbank.24674
In pleachbeest sit yn 'e nacht achter de minsken oan. Guon yn 'e Westerein hienen dêr wol ris lêst fan.
nl.verhalenbank.36310
Tussen Doeveren en Elshout, maar kort onder Elshout, daar zijn twee wielen aan weerskanten van de dijk, recht tegenover mekaar. Daar rijdt elke nacht om twaalf uur een rijtuig van het ene wiel naar het andere volgens de overlevering. Een rijtuig, bespannen met twee paarden. Dat rijdt van de ene wiel in de andere.
nl.verhalenbank.127540
Hindrik Gerks Hoekstra seach us op in nacht in wein riden sûnder hynder der foar. It wie yn 'e foarige ieu, wol tritich jier foardat der auto's kommen.
nl.verhalenbank.24015
To Hurdegaryp wie in hekke, dy gong altyd krekt om 12 ûre yn 'e nacht iepen. Guon minsken ha der wol om tocht.
nl.verhalenbank.37914
In deade tsjinkomme
Heit hat ús wol gauris ferteld—want sokke stikjes fertelden se withoefaak—, doe wienen se yn Grinslân en dêr slepten se yn in boerespultsje. Se leinen yn 't hea en doe hienen se it mantsje dat dêr earder buorke hie de skuorre delkommen sjoen. Dat mantsje wie dea, se hienen him skoan kennen. Hy hie de stoarmlantearne yn 'e hân, sei...
nl.verhalenbank.12160
De klompen moesten fóár de nacht by ús altyd omkeard wurde, oars roannen oaren der yn om.
nl.verhalenbank.22276
Yn 'e buert fan dyselde van Wageningen op 'e Finnen roun nachts in fôlle mei in brijpot om 'e nekke.
nl.verhalenbank.38574
Op in nacht koe ik net sliepe, sa bot gong it op in timmerjen. Ik gong der ôf en makke myn dochter wekker. Ik sei: "Mast ris hearre fanke, sa giet it op in timmerjen. Der komt grif in nij hûs achter op 'e tún." Mar myn dochter hearde der neat fan. Mar koarte tiid dêrnei woarde der in nij hûs op 'e tún delset.
nl.verhalenbank.12363
To Aldegea mat nachts in fôlle mei in brijpot rinne.
nl.verhalenbank.37134
Men mat noait midden op 'e wei rinne by nacht, hwant dan kin men tsjin in lykstaesje oprinne dy't men net sjocht.
nl.verhalenbank.37336
Yn Droegeham wenne in man, dy sei: "Myn wiif is in tsjoenster. Yn 'e nacht giet hja der op út. Dan haw ik in pânse njonken my op bêd lizzen."
nl.verhalenbank.28558
Yn 'e Westerein spoeke nachts in greate, swarte houn.
nl.verhalenbank.20919
Op in eintsje loane hjir yn 'e Westerein roan altyd in pleachbeest, nei't se seinen. Allinne by nacht. Guon ha him dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.38401
De nachtmerrie bij 't paard, dat hadje allenig 's nachts, de dierenarts wist d'r ok geen raad op.
nl.verhalenbank.70445
Dêr't wy froeger wenne ha, tichte by de Fjouwerroede ha se yn 'e nacht faek timmerjen heard [en] is der letter in nij hûs kaem. Dat fortelden heit en dy dan, mar hokker hûzen dat wienen wyt ik net mear.
nl.verhalenbank.37526