2,319 datasets found
Dutch Keywords: nacht
Hjir hat in skoaljuffer wenne, dat wie Foekje v.d. Bos. Dy wie mei de helm geboaren. Dy gong der yn 'e nacht op út om lykstaesjes to sjen. Hja mòest it dwaen.
nl.verhalenbank.36491
By Earnewâld spûke de lange Sleatterman. As dêr in skip oan 'e wâl lei woarden midden yn 'e nacht de spitten út 'e groun helle en op it dek smiten. Dan lei it skip los. Dat wie it wurk fan 'e lange Sleatterman.
nl.verhalenbank.36108
Der wienen bûthuzen, dêr doogde it net, dêr spûke it, faek op in bipaeld plak. In koe koe dêr noait fêst bliuwe, dy rekke altyd los, samar fansels; dat gebeurde yn 'e nacht. Dat is yn 'e Kompenije wol gebeurd.
nl.verhalenbank.36096
't Gebeurde wol dat de tsjernmoune gong yn 'e nacht. "Hwat dat wer is, dat witte wy net", seinen wy dan.
nl.verhalenbank.28109
Der wie in man dy ried yn 'e nacht tusken tolven en ienen op 'e fyts yn 't oasten fan Grinzer Pein. Hy ried midden op 'e wei en wie alhiel allinne. Doe woarde er samar ynienen mei fyts en al oan kant smiten. Hy hat noait hwat sjoen, mar der woarde doe forteld dat der in lykstaesje passearde.
nl.verhalenbank.36045
Romke Ages wenne yn Surhuzum. Dy wie mei de helm geboaren. Nachts gong er faek fan 't bêd en der út. Dan roun er by 't molkfabryk lâns nei 't brechje ta. Dêr gong er op stean en dan seach er fan alles. Dêrtroch wist er altyd fan tofoaren hwat der gebeure soe.
nl.verhalenbank.36681
I. De duivel 4. Wordt van hem verteld, dat hij, evenals de nachtmerrie de mensen berijdt of dat hij bepaalde mensen (b.v. de vloekers) achtervolgt? Hij had iets te maken met zwarte katten die 's nachts gingen dansen. Dit werd nader gepreciseerd in een verhaal. Zie bijlage.
nl.verhalenbank.127102
Dwergen Pa, die 'è' nog 's gegaan van Sluiskil, da' weet-e wel, naar 'uis, en die 'è' 'nen 'êêlen nacht gelôôpen en 'ij kost nie tuis geraken. IJ kost nie' over de roet 1) kommen, 'ij ging altijd maar, en ij kwam gêêne stap vooruit. 1) Spoorweg
nl.verhalenbank.38940
foarspoed of klopperije: 't Gebeurde wol, as wy yn 'e nacht troch Twizelerheide kommen, dan seinen wy: Hark! Dêr bin se wer oan 't klopjen.
nl.verhalenbank.33017
Bij een boerenhuis op Baansterburen onder Rauwerd werd vroeger ook een spook gezien. Daar stond 's nachts een oud vrouwtje bij het draaihekje, door hetwelk men op en van het erf kwam. Dit hekje kon men nooit des nachts gesloten houden, men deed wat men deed. Al werd het 's avonds met zorg gesloten, des morgens stond het altijd open.
nl.verhalenbank.69786
Vreuger zaoge ze ummer ’n zjwarte kat euver de weeg loupe es ze sjnachs de vroedvrouw ginge hoole. En noe noch; este ’n zjwarte kat höbs, zegke völ luu: “Dèè zouw ich mèr weg doon, dèè brink òngelök.
nl.verhalenbank.49070
Een wegje dat langs een begraafplaats lag, daar dorsten de mensen in den avond of nacht niet heen.
nl.verhalenbank.125978
By nacht mat men noait midden op 'e wei rinne, hwant men kin dan oan kant reage wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.38339
Guon wurde mei de helm geboaren, dy sjogge letter altyd lykstaesjes. Hja geane nachts faek út bêd wei om der nei to sjen. Tink der om, seinen se froeger tsjin ús, net midden op 'e wei rinne. Oars kinne jim yn 'e sleat smiten wurde.
nl.verhalenbank.36670
Op de Harste stiet in hûs: It earrebarrenêst. Dêr hearden se froeger alle nachten de tsjerne gean. En dochs wie der neat.
nl.verhalenbank.25630
By Hattum de Vries yn it loantsje spoeke nachts altyd in wyt wiif. De minsken doarsten dêr nachts noait to kommen. Hwant sy waerden dêr stadich troch dat wite wiif oan kant treaun nei de dobbe ta. Sûnder dat se it sels fornamen kommen se yn 'e dobbe torjochte.
nl.verhalenbank.17053
Oan 'e Noarderdwarsfeart wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der út as der in lykstaesje to sjen wie by nacht. Die er it net dan lei er to triljen. Hy roan soms hiele einen de mieden yn. Hy woarde dreaun.
nl.verhalenbank.36923
Ik ha wol plakken kend, dêr hearden se nachts altyd de tsjerne gean. Dat wie yn Boelensloane.
nl.verhalenbank.29396
Yn 't hûs dêr't nou Jille Tsjoelker wennet yn 'e Rotfalle rint nachts op 'e telle altyd út him sels in wein op en del.
nl.verhalenbank.33325
Jehannes Tsyske wie mei de helm geboaren. Hy seach bigraffenissen fan tofoaren. Hy kaem der nachts foar út bêd wei. Dan kaem er de lykstaesje tsjin. Hy moest dan oan kant gean.
nl.verhalenbank.37221