Vuurbollen zijn te zien 's nachts om 12 uur. Ze vliegen door de lucht en komen tot stilstand op de uiterste takken van wilde struiken.
nl.verhalenbank.45288
Dy't by nacht midden op 'e wei roan, koe samar oan kant set wurde. Wy waerden froeger altyd warskôge: rin noait midden op 'e wei.
nl.verhalenbank.24071
To Boelensloane sweefde nachts in spoek oer de wei op it plak dêr't Kees Antsje wenne hat.
nl.verhalenbank.37782
Ik ha ús heit en dy faek praten heard oer minsken dy't mei de helm geboaren wienen. Dy gongen der nachts ôf. Dan seagen se lykstaesjes. Dan fortelden se de oare deis: der roannen sàfolle manlju achter en sàfolle froulju.
Soms seinen se tsjin ien: even oan kant gean, hwant dêr komt in lykstaesje oan. Mar de oare seach dan neat. Nachts moest in minske net...
nl.verhalenbank.36265
Men mat yn 'e nacht noait midden op 'e wei rinne.
nl.verhalenbank.24674
In pleachbeest sit yn 'e nacht achter de minsken oan. Guon yn 'e Westerein hienen dêr wol ris lêst fan.
nl.verhalenbank.36310
De klompen moesten fóár de nacht by ús altyd omkeard wurde, oars roannen oaren der yn om.
nl.verhalenbank.22276
Op in nacht koe ik net sliepe, sa bot gong it op in timmerjen. Ik gong der ôf en makke myn dochter wekker. Ik sei: "Mast ris hearre fanke, sa giet it op in timmerjen. Der komt grif in nij hûs achter op 'e tún." Mar myn dochter hearde der neat fan. Mar koarte tiid dêrnei woarde der in nij hûs op 'e tún delset.
nl.verhalenbank.12363
Yn 'e Westerein spoeke nachts in greate, swarte houn.
nl.verhalenbank.20919
Oan it eintsje wei fan 't Blauhûs nei de Boelensloane roan nachts altyd in fôlle op 'e wei. Dy spûke dêr.
nl.verhalenbank.38012
Doe't ik jong wie gebeurde it wol dat de tsjerne nachts gong; dat gebeurde mei in rad dêr't de pols mei yn 'e tsjerne gong. Dat neame se in wige.
Deis hienen se it hynder der foar. Mar nachts gong it mei de wige. 't Wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.27447
Sikke Hoekstra hat hjir njonken ús wenne yn in âld húske. Yn syn feintejierren wie dat in raren ien. Op in kear kaem er by ús. Sa bleek as in doek. Doe sei er: "Nou hat de kweade my fannacht fan 't bêd ôf smiten."
nl.verhalenbank.29697
Us beppe wie mei de helm geboaren. Dy wist altyd krekt as der ien deagean soe. Dan seach se de bigraffenis al fan tofoaren. Dy't mei de helm geboaren binne matte der nachts út.
nl.verhalenbank.36818
Bouke Schievink fan 'e Harkema hie altyd de duvel by him. Hy wie ris by ús to jounpraten. Doe't er nei hûs ta soe brocht heit him in eintsje. Doe sei er: "Hjir giet Bouke en dêr giestû." ('Dû' - dat wie de duvel).
nl.verhalenbank.36171
Dy't mei de helm geboaren binne, matte letter alles sjen. Dan matte se nachts út bêd wei.
nl.verhalenbank.38186
To Hurdegaryp, by it slot fan Bontekoe, is in hekke, dy giet op bipaelde tiden yn 'e nacht iepen. Guon binne der wol by stean bleaun, mar hy bleau net ticht.
nl.verhalenbank.36034
Op 'e Kletten spûke nachts in wite dame op it plak, dêr't nou de bungalow fan Algra stiet.
nl.verhalenbank.20864
Ook spookte het aan het Ronde Gat, bij de Dedemsvaart, daar zou een wit paard lopen. D'r is er eens een naar toe gegaan in de nacht. "Ik ben niet bange, ik heb een revolver." Maar hij zag niks.
nl.verhalenbank.43521
It spinwiele woarde fêstset oars woarde der yn 'e nacht troch spoan.
nl.verhalenbank.22278
Piter Alka plichte wol gau us by ús to kommen. Hy fortelde, dat by de grouwe beam (betonwei) dêr siet nachts ien to jildtellen. 't Wie in spoek. As men de egen der even ôf hie, dan wie 't ek samar ynienen fuort.
nl.verhalenbank.22253