Jierrenlang haw ik arbeide yn 'e sûkerfabryk yn Grins. Dêr seagen wy us yn 'e nacht in greate fjûrbol út it suden wei oankommen. Dy reizge de loft lâns nei it noarden ta. Dêr dôve der krekt as in baelder.
nl.verhalenbank.15780
Ik ha wolris heard dat hjir pleachbeesten west ha, dy't yn 'e nacht mei de minsken oproannen.
nl.verhalenbank.24070
To Hurdegaryp wennet in maet fan 'e duvel. Dy docht dêr elke nacht in hekke iepen, as dy ticht sit. Der ha wol guon west to oppassen. Mar deselde dy't de hekke iependocht is ûnsichtber.
nl.verhalenbank.17004
Op in nacht wienen wy oan 't murdejeijen. Doe't wy by 't hûs fan Japik Rins kamen, bigongen de hounen bot to razen en waerden fjûrbinaud. Dêr hat fansels hwat west, mar wy ha noait hwat sjoen.
nl.verhalenbank.17003
It is nou sahwat twa, trije jier lyn. Ik lei mei 't wiif op bêd, dêr op dat bêdsté. Doe kamen der midden yn 'e nacht trije froulju ta 't hûs yn stappen. Griet sei: Ik sjoch se net.
Ik sei: Ik sjoch se wòl. Sy kamen oan 'e koai ta. Ik seach se dúdlik, Griet seach neat. Doe gongen se werom, en even letter wienen se fuort. Dat is trije nachten achter elkoar...
nl.verhalenbank.16996
Dy't by nacht midden op 'e wei roan, koe samar oan kant set wurde. Wy waerden froeger altyd warskôge: rin noait midden op 'e wei.
nl.verhalenbank.24071
Men mat noait midden op 'e wei rinne by nacht, hwant dan kin men tsjin in lykstaesje oprinne dy't men net sjocht.
nl.verhalenbank.37336
Skoanmem en Gauke wennen yn dit hûs. Doe binne wy der ynkaem. De flier wie doe noch net fan hout, mar it wienen allegear noch estrikken.
Der wenne in âld mantsje, hjir tichteby. Dy brocht ús alle moarnen sûpe. Mar Griet smiet it altyd fuort, hwant wy fortrouden dy man net.
Mar wy krigen nachts noait in wink yn 'e eagen.
It wie nachts ien stik leven...
nl.verhalenbank.16107
Oan 'e Godloas Singel wie nachts altyd ien warber.
Dêr is ris ien deamakke woarn. Sûnt spûket dyselde dêr om. Doe't se 't heechhout dêr ôfbrutsen ha, ha se dêr it geraemte foun.
nl.verhalenbank.37335
Yn Hurdegaryp wienen twa by nacht oan 't murdejeijen. Ien fan har seach hwat wyts. De hounen woarden sa binaud, dat se hienen de sturt tusken de poaten.
nl.verhalenbank.15756
By Piters Willemke hong elke moarn in ponge mei jild oan 'e doar. Dat jild brochten se har yn 'e nacht. Mar 't wie duvelsjild. Sy hie har oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.17012
Op itselde paed oan 'e Swadde, dêr't ik yndertiid yn 'e nacht de trije froulju en dy keardel troffen ha, spûket nachts in rolle fyfskaft om. Men koe it noait krije. It lei stil, mar as men der op taroun, om it to pakken, rolle it fuort. Men krige noait in kâns.
nl.verhalenbank.17001
Op in kear wie heit mei syn broer yn Eastemar. It wie by nacht en sy roannen in sânwei lâns.
Doe ha se dêr hwat wapperjen sjoen, dat net gewoan wie. Heit hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.15776
To Hurdegaryp wie in hiem mei in hekke. Dat wie by dokter Bontekoe. Dy hekke gong yn 'e nacht altyd fansels samar iepen.
nl.verhalenbank.24900
In hynder sûnder sturt mat hjir achter hûs oan 'e Hantsje-loane omrinne, alle nachten.
Dat hynder wie sa wyld. De boer hie 't hynder by de sturt beet. 't Hynder naeide út en doe hâldde de boer de sturt yn 'e hân. (Der wurdt ek wol sein dat Geart Sturtsnijer út 'e Westerein it dien hat.)
Dat hynder spoeke letter.
nl.verhalenbank.37366
Oan diz' kant Grins is in greate helling. Dêr sloegen se nachts altyd om sûnder dat der ien sjoen waerd.
nl.verhalenbank.25825
Yn 'e Koaten spoeke ek ien, dy neamden se Jack de Rippert. Fral de froulju hienen it der net op stean.
nl.verhalenbank.15769
Noait mat men by nacht midden op 'e wei rinne, fanwegen in lykstaesje, dy't altyd paed ha mat en dy't dan wolris tsjin jin oanstompe kin.
nl.verhalenbank.30112
Yn 'e Koaten spoeke in dikke, swarte houn om, yn 'e nacht dy't de lju kearde en in soad minsken bang makke hat.
To Kollumersweach wie krekt sa'n beest yn 'e nacht warber.
nl.verhalenbank.15768
To Kollumersweach wenne in man, dat wie net sa'n bêsten ien. Op in nacht krige Hantsje him topakken en smiet him in hiel ein fuort.
nl.verhalenbank.15772