26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: nacht Place of Narration: Harkema
De kij en de skiep komme yn 'e krystnacht oerein.
nl.verhalenbank.12337
Yn 'e krystnacht sjonge de bijen.
nl.verhalenbank.21326
In bile mei noait yn in houtblok sitten bliuwe, oars bigjint it to kappen yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.16902
Men mocht foar de nacht net in nuddel en tried yn it guod sitte litte, dêr't men mei oan 't naeijen wie.
nl.verhalenbank.16900
As to Kollumersweach nachts de molke bitsjoend wie, fleagen de lidden fan 'e bussen ôf.
nl.verhalenbank.15519
Tiense Boomsma fan 'e Houtigehage seach nachts altyd lykstaesjes. Sokken wienen der trouwens ek wol yn Boelensloane. Tiense is nou al fiif en fjirtich jier dea. Nachts gong hy út bêd wei. Dan gong er oan 't glês ta en dan die er 't gordyn iepen. Hy fortelde, dan kom der in lykstaesje oan, altyd út it westen wei, hjir oan ta, sei er - hy wenne oan 'e...
nl.verhalenbank.25550
Alde Rapke Wijma fan Surhuzum wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen, oan 'e lêste ûre fan syn libben ta. De lêste nacht noch, - doe koed er op syn fuotten net mear stean - is er út bêd weiklaud om hwat to sjen. Yn 'e gong is er yn elkoar sakke. Hy makke soms hiele reizen yn 'e nacht, wolris oan Eastemar ta. Rounom gong er hinne. En 't kom altyd...
nl.verhalenbank.23521
By ús heit en dy hearden se earen, as se braekje soenen, fan tofoaren de lûden fan 'e brake al.
nl.verhalenbank.32955
De klompen moesten fóár de nacht by ús altyd omkeard wurde, oars roannen oaren der yn om.
nl.verhalenbank.22276
Op in nacht koe ik net sliepe, sa bot gong it op in timmerjen. Ik gong der ôf en makke myn dochter wekker. Ik sei: "Mast ris hearre fanke, sa giet it op in timmerjen. Der komt grif in nij hûs achter op 'e tún." Mar myn dochter hearde der neat fan. Mar koarte tiid dêrnei woarde der in nij hûs op 'e tún delset.
nl.verhalenbank.12363
Yn Droegeham wenne in man, dy sei: "Myn wiif is in tsjoenster. Yn 'e nacht giet hja der op út. Dan haw ik in pânse njonken my op bêd lizzen."
nl.verhalenbank.28558
Hjir yn 'e omkriten spoeke nachts ek in baerch om. Dy baerch waerd ek altyd fansels wer wei. De minsken wienen der tige bang foar.
nl.verhalenbank.19351
Yn 'e Petten wenne Jille Antsje (J. Hamstra syn wiif). Dat minske wie mei de helm geboaren, seinen se. Dy wist alles foarút. Hja wenne dêr hiel iensum, mar hja wist krekt hwa't der by har lâns komme soenen. Ik en myn wiif binne der is op in nacht om twa ûre lâns kom. Doe stie hja op 'e daem; krekt as wachte se ús op.
nl.verhalenbank.25907
Kabouterwyfkes kinne spinne. De kant nei Zoutkamp út dêr wie sa'n wyfke. Yn 'e nacht siet se to spinnen foar de minsken.
nl.verhalenbank.16858
De krúswei del yn 'e Harkema rint nachts altyd in wite juffer om.
nl.verhalenbank.19349
Wy gongen froeger wol nei de Grinzer Klaei to wjudden. Dêr wienen skuorren dêr doogde it net. Dêr ried dan nachts wol in wein oer de telle. Dy ried samar fansels.
nl.verhalenbank.19358
It spinwiele woarde fêstset oars woarde der yn 'e nacht troch spoan.
nl.verhalenbank.22278
Timmerlju meije it ark net lizze litte sa't it leit, as hja foar dy deis ophâlde. Hja matte it oppakke, oars giet it yn 'e nacht op in timmerjen.
nl.verhalenbank.16901
Piter Alka plichte wol gau us by ús to kommen. Hy fortelde, dat by de grouwe beam (betonwei) dêr siet nachts ien to jildtellen. 't Wie in spoek. As men de egen der even ôf hie, dan wie 't ek samar ynienen fuort.
nl.verhalenbank.22253
Op in kear seach ik in lykstaesje. 't Wie yn 'e nacht. By 't nije tsjerkhôf bleauwen de minsken stean.
nl.verhalenbank.33014