26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: nacht Place of Narration: De Westereen
To Hurdegaryp wie in hekke dy't nachts altyd om deselde tiid út himsels iepen gong.
nl.verhalenbank.36878
Bontsje Keke fortelde, dat der yn 'e nacht wolris minsken oan kant reage waerden as der in lykstaesje oan kaem. Hy hie wolris guon warskôge.
nl.verhalenbank.36577
Wite wiven seagen se hjir froeger wol faek yn 'e Westerein.
nl.verhalenbank.34594
To Hurdegaryp is in hekke dy't yn 'e nacht samar fansels iepen giet.
nl.verhalenbank.36838
Myn skoanheit is ris by nacht in lykstaesje tsjinkom. Hy woarde fan 'e wei ôfset en moest yn 'e berm lâns.
nl.verhalenbank.36282
Alde Baeije Ike hie altyd nachts in nachtmerje by him.
nl.verhalenbank.29755
Wy woarden altyd warskôge: Rin noait midden op it paed by nacht. Dû kinst troch in lykstaesje oan kant set wurde. Guon fan 'e Westerein is dat wol oerkom.
nl.verhalenbank.36344
Guon wurde mei de helm geboaren, dy sjogge letter altyd lykstaesjes. Hja geane nachts faek út bêd wei om der nei to sjen. Tink der om, seinen se froeger tsjin ús, net midden op 'e wei rinne. Oars kinne jim yn 'e sleat smiten wurde.
nl.verhalenbank.36670
Alde Piters Willemke wie in tsjoenster. Nachts reizge se op 'e biezemstok troch de loft. Hja foroare har soms yn in swarte kat.
nl.verhalenbank.36673
Der kommen ris guon dy't ik wol kend ha yn 'e nacht fan Twizel. Sy moesten nei de Westerein ta. 't Wienen twa man. Underweis op 'e Twizelerwei seagen se trije katten yn in beam sitten dy wienen drok oan 't psalmsjongen. Sy songen psalm 68. 't Wie hiel dúdlik to forstean west.
nl.verhalenbank.36663
Yn 'e Westerein spoeke nachts in greate, swarte houn.
nl.verhalenbank.20919
Op in eintsje loane hjir yn 'e Westerein roan altyd in pleachbeest, nei't se seinen. Allinne by nacht. Guon ha him dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.38401
Us beppe wie mei de helm geboaren. Dy wist altyd krekt as der ien deagean soe. Dan seach se de bigraffenis al fan tofoaren. Dy't mei de helm geboaren binne matte der nachts út.
nl.verhalenbank.36818
Op 't Spoar hjir yn 'e Westerein roannen nachts altyd twa famkes om, dy hienen reade strimen om 'e hals. Dy famkes wienen froeger formoarde woarn. Se hienen har de halzen útsnien.
nl.verhalenbank.36876
Froeger waerden der wol wite wiven sjoen nachts yn 'e Westerein.
nl.verhalenbank.17488
Myn swager Willem Postma seach geregeld lykstaesjes. Dy moest der om út bêd wei. Dan gong er oan 'e kant fan 'e wei stean. De oare deis sei er dan: Der gebeurt wer hwat; ik ha fannacht wer in lykstaesje sjoen. Mar hy sei noait hwa't der stjerre soe.
nl.verhalenbank.33676
Bontsje Knjillis wenne op 'e Sweachlannen. Dy wie ek mei de helm geboaren en moest ek alles sjen. Dy roan dan yn 'e nacht alhiel nei 't Sweachster tsjerkhôf ta. As er let wie gongen de hekken fansels foar him iepen.
nl.verhalenbank.38504
Hjir yn 'e Westerein wennen froeger minsken dy hearden de lûden fan 'e trein by nacht al, foardat der noch in trein ried.
nl.verhalenbank.38512
Op in moarn om 4 ûre wie 'k yn Kollumersweach op 'e lânnen. 't Wie op in moandei-to-moarn. 't Melken wie krekt dien. Doe fleach der hwat boppe my lâns. Dyselde sei: "Goeije Morgen." Ik koe net sjen hwat it wie. Mar se seinen allegear, it moat in tsjoenster west ha. Hwat skepsel kin oars fleane?
nl.verhalenbank.33678
Men moest de brake fêstbine foar de nacht, mei in tou deromhinne, hwant oars woarde der yn 'e nacht braekt.
nl.verhalenbank.33743