1,088 datasets found
Dutch Keywords: moord Place of Narration: Kollumerzwaag
Bloedplakken dy't troch in moard ûntstien binne, binne onútwisber.
nl.verhalenbank.37379
As der yn in húshâlding sawn jonges binne, is de âldste of de jongste of de middelste in wjerwolf. In wjerwolf, dat is in man, dy't de natuer hat fan in beest; ien dy't formoardzje mat.
nl.verhalenbank.16994
Greate Pier wie us in kear oan 't ploeijen. Der kommen twa Hollanders oan, dy fregen him, hwer't greate Pier wenne. Doe tilde Pier de ploege op en dêr wiisde er mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er." En doe sloech er dy beide Hollanders mei de ploege dea. (Het verhaal is met St. Hearke bij haar niet bekend)
nl.verhalenbank.24076
Wybrand Hovius fan Lutjegast fortelde my ris, yn Westerhorn by Grypskerk, tichte by 't spoar, dêr wie ris in keppel jongfolk byelkoar to jounpraten. Ien fan dy mannen swetste mar raek en sei: "Ik bin foar gjin duvel bang." Doe seinen de oaren ûnder elkoar: "Wy sille him ris bang meitsje." Ien fan dyselden gong de oare jouns, doe't it tsjuster wie, op in...
nl.verhalenbank.24075
Oan 'e Wedze stie alear in beam mei in krús. Dêr wie in poep formoarde woarn. Twa murdejeijers wienen dêr us yn 'e nacht oan ta (± 1880), doe bigong de iene houn to spûkgûlen en roan deabinaud nei hûs ta. Mei de oare houn koenen se ek neat wurde. De beesten hienen hwat sjoen, dat de beide murdejeijers net sjoen hienen.
nl.verhalenbank.15728
Soms dwaelden der minsken op 'e paden om dy't al stoarn wienen. Dy hienen hwat útheefd en koenen de rêst net fine. Of se hienen noch in bigearte, dy't earst yn forfulling gean moest. Ek guon dy't formoarde wienen dwelmen nachts om. Yn Kollumersweach wie in wiif stoarn, dy har man hie har min bihandele. Nei har dea kaem se hyltyd wer by dy man. Soms roun...
nl.verhalenbank.29939
By de Skilige Piip hat froeger in slot stien. Yn dat slot wenne in âlde hear. Letter is dy âlde hear formoarde en sûnt dy tiid spoeket hy dêr altyd op 'e Boppewei om, dy't nei de Falom giet. In hiel soad minsken ha him sjoen, soms op ljochtskyndei. As ien oan it ploeijen wie, koe 't gebeure, dat se de âlde hear op 'e oare ein fan it lân seagen.
nl.verhalenbank.15766
As ien in moart dien hat en hy hat minskebloed oan 'e klean sitten, dan giet dat der noait wer út. De plakken bliuwe der yn.
nl.verhalenbank.17131
In bloedplak dat troch moart ûntstien is, kin men net útwiske krije.
nl.verhalenbank.36662
It bloed fan 'e moart oan 'e Mûzegroppewei koe net útwiske wurde. Oan 'e Nyegeaster Hegewei binne twa âlde minsken formoarde woarn. It bloed ha se der noait wei krije kind.
nl.verhalenbank.17322
Bloedplakken, troch in moard ûntstien kinne net wer útwiske wurde.
nl.verhalenbank.37939
Op Teadehoekje, oan 'e wei nei Boarnburgum spoeke in sekere Teade, dy't dêr formoarde woarn is.
nl.verhalenbank.37017
Oan 'e Mûzegroppewei hat in sikere Batema wenne, dy hat syn dochter formoarde en doe hat er himsels tokoart dien. It bloed, dat dêr by foel, wie noait út to wiskjen. De plakken kommen der altyd wer yn. It hûs is der nou wei.
nl.verhalenbank.16961
Bij de Lebbestoak, bij Peest, daar is vrouw Lebbe vermoord. Iedereen kent dat verhaal hier in de buurt. Elk Drents dorp heeft zo wel zijn verhaal.
nl.verhalenbank.48902
Op 'e Mûzegroppewei is yndertiid in moart gebeurd. De bloedplakken dy't der doe kommen, wolle net wer út it sket wei, dy komme der altyd wer yn.
nl.verhalenbank.17708
Oan 'e Boskwei stie in hûs, der spûke it altyd yn. Sy wolle wol ha, dat dêr yndertiid in poep yn formoarde woarn is en dat dy dêr yn spûket.
nl.verhalenbank.28562
Bloed fan in moard ofkomstich wol net wer út 'e planken wei. Dat sei beppe altyd.
nl.verhalenbank.36158
Jierren lyn is der op 't Wyldpaed in man formoarde: Piter Veenstra. Ymke de Vries sei: der is doe bloed stroomd, dat kinne se der noait wer wei krije.
nl.verhalenbank.36587
Yn 't sket fan 't hûs fan 'e Batema's op 'e Mûzegroppewei sit in planke mei bloedplakken. Dêr is yndertiid in moard gebeurd. De plakken woenen der net út.
nl.verhalenbank.36169
Bloedplakken, dy't ûntsteane by in moart krijt men net wer wei.
nl.verhalenbank.37475