1,438 datasets found
Dutch Keywords: moord Place of Narration: Boelenslaan
It bloed fan 'e moart oan 'e Mûzegroppewei koe net útwiske wurde. Oan 'e Nyegeaster Hegewei binne twa âlde minsken formoarde woarn. It bloed ha se der noait wei krije kind.
nl.verhalenbank.17322
Op 'e Mûzegroppe by de Batema's koenen se 't bloed net wer út 'e planken krije nei de moard. Dy sitte dêr altyd noch.
nl.verhalenbank.36194
Yn 'e Parken by de Trije Roede ûnder Boelensloane hearde men somstiden nachts in freeslik gejammer. Dêr mat earen de nachtwacht deaslein wêze.
nl.verhalenbank.17413
Op 'e Goudberch - tusken de Noarderdwarsfeart en Drachtster Kompenije - spoeke in berntsje. Dat wie dêr froeger formoard woarn, seinen se. Nachts tusken tolve en ien ûre kom it op 'e lappen. Dan bigong it to razen.
nl.verhalenbank.27263
Durkje boun har dochter jouns oan 'e stile fêst. Op in kear hat se it bern in dik wân op 'e hûd jown. Dat kom sa bot oan. dat doe hat it bern noch in fjirtsjin dagen leefd, doe is se stoarn.
nl.verhalenbank.38700
Yn Hurdegaryp stie in slot, dêr stie in hekke by. As dy hekke jouns op slot dien woarde, wie er de oare moarns altyd wer iepen. Se koenen dy hekke net op slot hâlde. Froeger mat dêr in kasteel stien ha en dêr is doe ien formoarde woarn. Dyselde hie dêr paed. Dêrtroch gongen dy hekken iepen.
nl.verhalenbank.28529
Bloedplakken dy't troch moart foroarsake waerden komme altyd wer tofoarskyn, as men se útwiske hat.
nl.verhalenbank.25487
Hinke Kaert wie kaertlizter op Nijebrêge. De duvel hat har de nekke omdraeid. Hja lei op in kear mei de nekke omdraeid yn 'e keamer.
nl.verhalenbank.27279
Oan 'e Lytse Wei stie froeger in beam mei in krús der yn. Dêr wie in âld-minske formoarde woarn. Dat krús bleau dêr altyd yn sitten. Kapten se de beam om dan sprute dy wer út en 't krús kom der wer yn.
nl.verhalenbank.28283
By Sytse Bates oan 'e Mûzegroppewei is in moart dien. De bloedplakken ha se net wer út 'e flier krije kind. Dienen se der in nije flier yn, dan kommen dy plakken dêr yn.
nl.verhalenbank.28284
To Hurdegaryp hat in hekke stien, dy gong nachts tolve ûre altyd iepen. Der wurdt wol sein dat dêr de baron in feint deaslein hat. Hy die dat mei it hoofdstel fan in hynder, krekt op it plak dêr't dy hekke letter kom. Doe ha se dêr letter in tichtsluting makke. Dat wie in gewoane peal mei in ketting der oan. Dy peal siet oerdwars. Mar hy wie de oare...
nl.verhalenbank.26106
Frijmitselers binne kûgelfrij. Ien dy't hwat oars wie as oars, dy't mei de boaze hwat út to stean hie, dat wie in frijmitseler. Dy't ien kear frijmitseler is mat it altyd bliuwe. Hwant as jy it wurde matte jo in kontrakt tekenje mei eigen bloed. Dy't der by wei wol wurdt deamakke. Sy matte in skoft yn har eigen kiste lizze.
nl.verhalenbank.25814
Yn 'e Pein woenen us guon ynbrekke by in boer. Mar de boer fornimt hwat der to rêdden is en de mannen stoune fuort. Ien fan har soe oer in hekke. Mar de boer wie in flugge, linke keardel dat hy kryt him topakken en slacht him dea. It hiet letter, dat in koe de man op 'e hoarnen nom hie en sa dearekke wie, mar sa siet it net.
nl.verhalenbank.21727
Op 'e Skieding (by Grinzer Pein) is us ien formoarde. Myn wiif komt dêr wei. De post kom by ús en fortelde 't. Wy der hinne. It minske lei yn 'e kelder. Sy hienen har mei in bile de holle ynslein. Der sieten bloedplakken op 't sket. Dy koenen se der net wer wei krije. Mei gjin semint. Dy bleauwen sitten.
nl.verhalenbank.23939
Op 'e Noarderhegewei binne alris twa âlde minsken formoarde woarn. It wie sahwat op 'e Kletten. Oan 'e skoarstienmantel en oan 'e soudersbalken binne de bloedplakken sitten bleaun en dy binne der net wer ôf to krijen. Oan 'e Mûzegroppewei hat in hûs stien dêr is ek in moart yn gebeurd. (Sytse Bates). Dêr sieten bloedplaken yn 't bêdsté. Sy dienen der fan...
nl.verhalenbank.24388
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Hja mat op syn minst ienkear yn 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se der sels oan, hwant sy is yn 'e macht fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.28159
Moard op 'e Mûzegroppewei (S Batema) : 't bloed, dat net útwiske wurde kin. Rymke: Sytse Bates, dy wie gemien. Dy hat syn dochter de hals út snien.
nl.verhalenbank.17603
Yn 'e Surhuzumer Mieden ha se in âld-minske formoarde. Dat dienen se mei in swiere skoech; dêr sloegen se har mei op 'e holle. Ik wie dêr oan 't meanen. 't Wie allegear like stil. Doe hearde ik ynienen ien lûd razen: "O Minse! O Minse!" Ik der hinne. 't Wie allegear bloed. Dat siet tsjin 't sket op en oer de flier. Mei wriuwen en wriuwen ha se prebearre...
nl.verhalenbank.25502
Oan 'e Mûzegroppewei hat yndertiid Sytse Bates syn dochter formoarde en himsels to koart dien. Sy koene letter it bloed net wer út 'e flier en út 'e muorren krije. As se it der wei fagen kom it der letter altyd wer yn.
nl.verhalenbank.28526
It is in feit dat bloedplakken, dy't fan in moard komme, net útwiske wurde kinne. Ek binne der wol huzen dy't in gat ha, dat se noait ticht hâlde kinne. Dêr sit de duvel mei yn.
nl.verhalenbank.17677