26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: moord Place of Narration: Opende
Mem fortelde, hjir yn 'e Pein hat in huzinge stien mei in gracht der by. Dêr is alris in frommeske formoarde woarn. Sûnt seach men dêr nachts in frou yn 't wyt troch de gracht hinne rinnen. Dat wie dat formoarde frommeske.
nl.verhalenbank.37578
Een tsjoenster moet om 'e drie joar een kapot moakn.
nl.verhalenbank.27327
Om 'e fiif jier mat in tsjoenster ien deameitsje.
nl.verhalenbank.25956
In nicht fan mij hat in Eestrum woond. Sy woonde doar in in huuske, doar was in olle man formoard. Se sei: "Doar is in plak op 'e muur, doar sit it bloed noch op, en dat kan er nooit uut. Noait, moar dan ook noait!"
nl.verhalenbank.26338
Tsjoensters kinne har yn alle dieren foroarje. Sy kinne guon deatsjoene.
nl.verhalenbank.24128
Wy doarsten froeger net op in pod of op in kikkert to traepjen, hwant dan bigong it to tongerjen, sa woarde ús wiismakke. Ek as men in kikkert deamakke, soe 't bigjinne to tongerjen.
nl.verhalenbank.25961
Ik en Jan Jagersma fan Kornhorn froegen us op 'e Grunniger klei bij in boereplaats of we doar sloapen mochten. De boer sei: "Jim kunnen doar beter niet sloapn. De deur goat altyd open." Moar wy woagden it doch. Wij deden een pakje floeikes tussen de deur. Moar de andere morgen was de deur wèl open. Een knecht fan de boer was doar fermoard worden. Doar...
nl.verhalenbank.27332
Jelle en Tryntsje wennen yn in húske, dêr wie froeger in berntsje yn formoarde woarn. Letter wie dat berntsje dêr altyd. Dan dânse 't om 'e stile hinne yn 't achterhûs. Jelle Tryntsje hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.26336
As der in moard gebeurt blyft het bloed altyd in de floer sittn.
nl.verhalenbank.24408
Mijn moeder en in nicht fan hoar die woaren is met anderen te flaechsteppen bij een boer in Zoutkamp. Het was niet één boer, moar it woaren twee frijgesellen met een frijgesellenmeid. Op een morgen sei die nicht tegen mem: "Ik he fannacht een klein kind hoord. Een heel fyn gelút. 't Kwam uut 'e goal. Hestou niks hoord?" sei se tegen mem. "Né", sei mem....
nl.verhalenbank.26879
Op datselde plak, dêr't mem dat pleachbeest sjoen hat, dêr spoeke it altyd. Guon matte dêr wol us in berntsje sjoen ha. Dêr ha in man en in frou wenne, dy krigen rúzje mei elkoar en doe lutsen se elk oan in ein fan it berntsje. Sa ha se it útelkoar lutsen.
nl.verhalenbank.25949
Hjir hat in man wenne, dat wie Piter Meijer. Dy hat yndertiid de earmmeester formoarde. Doe't er stoarn wie siet er op in lyts roungear protsje yn in hoeke fan 't bêd. Sa binaud hiet er it hawn.
nl.verhalenbank.23455
Bloedplakken fan in moard bliuwe altyd sitten. Sy sizze, yn Faen is de loft altyd read kleure, fanwege de gruwelen fan Rudolf de Mepske, dy't dêr pleegd binne.
nl.verhalenbank.25965
To Grins haw ik wenne oan 'e Fryske strjitwei. Dêr doochde it net op dat buertsje. De buorlju kommen by my, omdat ik net bang wie. It wie dêr net plús, en sy woenen ha, ik soe der op ôfgean. It wie nachts noait liker as woarde der ien formoarde. It wie in lawaei! En rare gelûden, freeslik! De hiele buert wie der fan oerstjûr. De lûden kommen út 'e...
nl.verhalenbank.25971
As ien ûngelokkich is en dy hat in bult, dan kin er dy bult by syn leven forkeapje oan in frijmitselder. Sa'n man dêr rêdde dy frijmitselders mei, mar dan komt er net op it tsjerkhôf. In frijmitselder hat in wikseldaelder. Hy kriget altyd de sinten wer dy't er útjowt. Elkenien dy't him oan 'e duvel forkeapet, kriget in wikseldaelder. Dat jild komt altyd...
nl.verhalenbank.23457
Yn Surhuzum ha se in âld frou formoarde. Yn 'e gong sieten twa plakken bloed op 'e muorre, dy koenen se der noait wei krije. Sy ha 't wol ôfbikke en opnij wer birape, 't joech neat; it bloed kom der altyd wer troch.
nl.verhalenbank.26003
Doe't Biesterveld yn Drachten barbier wie, treau er in kat yn 'e kachel. Sa'n wreden hond wie it! Yn 'e gefangenis hat er in horloazje makke. Hy koe wol hwat!
nl.verhalenbank.26030
Oan 'e Mûzegroppewei by de Langewyk ûnder Rottefalle hat in sekere Batema syn dochter formoarde. It bloed koenen se net út 'e muorre krije. Doe't se der letter in nij sket yn setten, kom 't bloed dêr wer yn.
nl.verhalenbank.27886
Yn Surhuzum waerd ris in âlde frou formoarde. Dat gebeurde yn 'e gong. It bloed spatte op 'e muorren. Dat bloed woe der letter noait wer wei. Us heit hat dêr wolris timmere. Hja wisken de bloedplakken wol út, mar 't bloed kaem der altyd wer troch. (Ien fan 'e moardners wie Harm Oldenburger; der wie in liet fan.)
nl.verhalenbank.38023
Sytse Bates dy is gemien, dy hat syn dochter de hals útsnien. Mar doe wied er sels sa binaud, doe hat er himsels de hals útklaud. (âld rymke) By de moard oan 'e Mûzegroppewei (Sytse Bates) ha se it bloed noait út 'e flier krije kind.
nl.verhalenbank.24175