Tsjoensters kunnen haar in alles feranderen.
nl.verhalenbank.24281
Stammerige Harm wenne oan 't Wyldpaed by de Swâdde. Hy gong foar in tsjoenster troch. Hy koe him yn in kat foroarje, seinen se. Soune dieren makke er siik. Hy hie in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.22683
As in tsjoenster har foroare hat yn in hazze of sa dan kin men har allinne mar reitsje mei in sulveren kûgel, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.25372
By Harm v.d. Berg, hjir oerdwars, forskynde in fremde kat. Doe't Harm it dier gewaer woarde, joech er dy kat in opdonder. Doe hie der de oare deis in frommes west, dy hie hwat oan 'e hals mankeard. 't Wie in frommes út dizze buert. 't Wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.29539
Alde Sjoerde Ael wie in suster fan Stammerige Harm. Dy koe har yn in kat foroarje.
It is hjir ris gebeurd dat ien in kat op in joun in goeije opdonder joech. Doe wie der de oare deis in âld-wiif kreupel.
nl.verhalenbank.29821
It gebeurde nou en dan dat katten meielkoar in forgadering hâldden. Dêr waerd by psalmsong, seinen se.
Der waerden dan plannen bisprutsen.
nl.verhalenbank.29825
Yn 'e Westerein wenne ek in minske, dat tsjoene koe. Us mem hie bisite, hja sieten togearre as froulju to praten; tafallich hienen se it oer dy tsjoenster. Doe gong de doar iepen en dêr stie se, de tsjoenster. Mem har bisite sei: "Wy hienen 't krekt oer dy. Dû kinst tsjoene." Hja waerd lulk en gong der út. Doe't se goed en wol bûtendoar wie, stie der in...
nl.verhalenbank.32340
By 't spoar woonde in frou, dy kon haar feranderen in een hond. Se kwam door 't sleutelgat in hûs. Douwe Baeije had een suster, die was in ferkeerde handen.
As dy frou by 't spoar op bed lag, dan was de siel der út. It lichum lag, maar de geest was weg.
Douwe Baeije har zuster is storven. Dy het se doodtsjoend.
De buren van de lu die 't famke ferloren...
nl.verhalenbank.24280
Myn skoanheit hat forkearing hawn mei in faem yn Kûkherne. Dat wie in tsjoenster. Hja hie har âlden forlern en wenne allinne op in boerespul.
Myn skoanheit en hja sieten dy jouns in skoftsje yn 't bûthús - dat wie doe sa de gewoante - en hja praetten hwat en sa, en sa waerd it stadichoan letter. Doe't it in eintsje yn 'e nacht op wie, tocht skoanheit:...
nl.verhalenbank.25181
Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden.
Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
nl.verhalenbank.29540
Ik wie al troud en ik wenne hjir in eintsje fandinne oan 'e reed. Ik hie op in jountyd nei de Triemen ta west, nei myn swager om in pear lammen dy't ik fan him kocht hie. Ik mocht froeger graech hwat handelje. Ik gong wer nei hûs en kom op 'e reed, doe wie 't yn 'e nacht, om sa'n ûre of alve, tolve.
Oan dizze kant fan 't hûs wie in krimpe. Doe't ik dêr...
nl.verhalenbank.24708
In tsjoenster foroaret har wol yn in kat, mar ek wol yn oare dieren.
nl.verhalenbank.38673
Yn 'e Harkema wenne in frou, dy foroare har yn in hountsje.
Dat fleach dêr dan bûten om en dan kifte it sa'n hiele joun.
nl.verhalenbank.38701
Tsjoensters foroarje har yn katten. As katten hâlde se ek forgaderingen op in stik lân achter de buorren. Dan sjonge se. De dikke boarre hat dêrby de lieding.
nl.verhalenbank.22063
Tsjoensters foroaren har ek wol yn in dikke swarte kat.
Der wie ien dy hie twa apels fan Rikele Myt krigen. Doe't hy der mei thús kom, mocht er dy net opite. Se hongen dy apels yn in kuorke oan 'e souder. Letter sieten der twa dikke podden yn.
nl.verhalenbank.38683
Vroeger werd d'r hier van een vrouw verteld, dat ze d'r eige in een muis kon verandere en zo door een gat in de muur kwam.
nl.verhalenbank.70356
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.30373
Alle Tet wie in greate tsjoenster. Hja hie bleke steden ûnder 'e egen en wie altyd blau om 'e kop. Hja foroare har yn in kat. As ien mei Tet oproan koe 't samar gebeure, dat er ynpleats fan in minske in swarte kat neist him hie.
nl.verhalenbank.20349
Tsjoensters kinne har yn hast alle dieren foroarje.
nl.verhalenbank.24885
Alle Tet koe har yn in skiep foroarje. Ik gong wol us to sichtsjen mei har soan Jetse. Jetse moest us in kear nei de W.C. Wylst er dêr siet, kom der in hiel dik swart skiep oan. 't Wie by Aen.
Aen kom bûtendoar. Jetse sei: "Hwat wie hjir in dik swart skiep."
Doe seagen se 't op in dyk fleanen, mei gewelt. Aen en Jetse der achteroan. By Alle en Tet woarde...
nl.verhalenbank.22204