Sa hat er ek wol guon holpen, dy't de foet forknoffele hienen.
Piters Hil hie de earm stikken. Sy kom by Oene.
Oene sei: "Wachtsje even. 'k Mat earst even mei 't mantsje prate."
Doe gong er nei bûten ta. Even letter kom hy der wer yn en sei: "'t Is foar inoar. 'k Ha mei him praet." (Dat wie net ien oars as de duvel, hwant Oene wie in raren-ien)
Trije kear...
nl.verhalenbank.20007
As der bern bitsjoend wienen, gong men nei Wopke, de duvelbander ta. Dy joech altyd drank mei.
nl.verhalenbank.30957
Doe't ik nog jong wie roan ik us mei Diuwe Jelle en Durk - en Willem Mozes de Sânwei del yn 'e Harkema, dat nou de betonwei is, de Wytfeanster kant út. Doe hearden wy alle fjouwer klear dat se dêr oan 't houtendakspikerjen wienen. It timmere dêr hiel ûngelyk.
Mar dêr stie neat, gjin kerl, noait ien spier, fordomd.
Even letter stienen dêr de boufakhuzen.
nl.verhalenbank.19490
As ien op in pod trape kom der tonger.
nl.verhalenbank.36315
Us âlden hâldden ús foar om nachts noait midden op 'e wei to rinnen. Marten van Kammen seach net sa bêst. Dêrom roan dy nachts àl midden op 'e wei. Mar dat moest er bilije. Hy woarde op in kear samar opkrigen en oan 'e kant fan 'e sleat smiten. En hy hie noait in minske sjoen.
nl.verhalenbank.36301
Wie der yn 'e Harkema ien stoarn, dan woarden de nuddels dêr't it hinnekleed mei naeid wie, mei yn 'e kiste dien.
As de naeister de tried ôfbiten hie, dêr't se 't hinnekleed mei naeide, dan foelen har alle tosken út.
nl.verhalenbank.19484
Dy't yn 'e swarte spegel sjocht kin sjen mei hwa't er trouwe sil.
nl.verhalenbank.36317
Myn pake - mem har heit - wie Albert Hattums v.d. Berg. Dy wie ôfgryslike sterk. Hy wie froeger polderjonge en leike faek. Dat is wurk dat der op oan komt.
Doe kom der ris in jong baeske by him, dy hie heard, dat pake sterk wie, en hy sei, hy woe wolris mei pake wrakselje hwant hij wie èk sterk.
Doe sei er: "Dan wol 'k mei in oanloopke."
Op dy manier woe...
nl.verhalenbank.38448
Us heit hat us in kear mei in pear skiep fan Harkema nei de Tille west. 't Wie joun. Hy hie de beide skiep achter him oan in tou. Underweis fleagen ynienen de beide skiep fan achteren by him op. Sy gongen him op 'e hakken stean.
Heit seach achter him. Doe stienen der twa wite dames foar him. 't Wie krekt of se yn 't fyfskaft klaeid wienen, sa rattele it.
nl.verhalenbank.19486
Alde Sjoeke wie in tsjoenster. As dy der oankom setten wy as bern gau mei de klomp in krús oer it paed. Dan gong hja werom, hwant dêr koe se net oer komme.
nl.verhalenbank.36303
Oan diz kant Zoutkamp haw ik op in stedspleats by Jan Louwersma yn 't sied arbeide. Wy wienen mei ús fjouweren, ik en myn broer en twa neven. Der wie ek in Wolter Smits yn dy ploech, dy hie op fiskerskipkes fard. Hy hie fisker west.
Hy fortelde, op in kear hienen se 't net ophelle, doe siet dêr de séduvel yn. Der hienen 4 à 6 man op 'e schuit west....
nl.verhalenbank.30969
b Sterke Hearke wie ek plysje. Op in kear siet er achter twa minsken oan yn Droegeham, dy hienen hwat útheefd. Sy naeiden út en moesten om in hoeke hinne rinne. Binnentroch koe net, hwant in hiele grouwe peal siet har yn 'e wei.
Mar hwat Hearke to dwaen hie, dy luts dy grouwe peal der gau út en doe koed er binnentroch. Sà sterk wied er! Dit gebeurde by...
nl.verhalenbank.19479
Sjoerde Ael fan Sweagerbosk hat har eigen trije muoikesizzers deatsjoend mei bihelp fan âlde Lamke.
Lamke wie de mem fan 'e trije jonges.
Hja hienen branje to keap en mem hie der us hinne west om turf.
Doe't mem thús kom hie se hiel bot pine.
"Bontsje," sei se tsjin my, "helje my de pispot."
Ik lake.
"Ik forgean fan 'e pine", sei se.
Ik helle de pispot en...
nl.verhalenbank.20011
As de noas jin jokket, krijt men rûzje of in buorrel.
nl.verhalenbank.20005
Twa jonge lju soenen trouwe. Hja makken de moarns earst in ritsje yn 'e wein.
Underweis sei de jonge man: "Ik mat der even út. Hast ek in read-baeijen rôk?"
"Ja, hwat matst dêr mei?"
"Even brûke."
Hy krige de rôk, mar hja folge him stikum. Hy forskuorde de rôk en tjirge him as in wyld beest. It skûm stie him om 'e mûle. It wienen allegearre flarden read...
nl.verhalenbank.20171
Dy't mei de helm geboaren is, dy mat der nachts faek út. Dan mat er lykstaesjes sjen. Der wenne sa'n man ûnder Kollumersweach, dy ha 'k wol kend. Dat wie Knjillis Veenstra. Dy seach geregeld lykstaesjes yn 'e nacht. Hy moest der soms hiele einen foar rinne, hiel Kollumersweach troch. Woed er lizzen bliuwe, dat joech him neat, hy woarde út bêd licht.
Hy...
nl.verhalenbank.22969
It is us in kear op 'e Lange Wyk gebeurd, dat dêr ien oer de dyk smiten woarde. Dat wie in tige rûch man. Hy hie earst in skoft yn 'e kroech sitten en rare wurden brûkt. Dêr hied er de boel forsweard. Doe hat de duvel him opnom en oer 't wetter smiten.
nl.verhalenbank.22955
Der wie in dûmny, dy soe op birop preekje, ergens op in plak. Doe't se him by de tsjerke brochten, seach er, dat dat in hiel âld gammel gebou wie, dat mei peallen by elkoar hâlden woarde.
"Mat ik deryn preekje?" frege dûmny. Hy hie der net folle sin oan.
"Ja", seinen se.
Doe sei dûmny: "Harkje ris. Dêr stiet yn 'e skrift: - 's Heren goedheid kent geen...
nl.verhalenbank.21284
Der wie us ien dy sei tsjin dûmny: "De natuer giet boppe de leare, dûmny."
"Soa," sei dûmny, "tinkt jo dat. Nou, dan sil ik jo us hearre litte dat dat net altyd it gefal is.
Ik ha 't us meimakke, doe stie ik yn Peasens, mar ik bipreke Ljussens ek.
Sa moest ik op in kear nei Ljuessens ta to preekjen, doe wie 't wetter och sa heech. Der wie yn 'e omkriten...
nl.verhalenbank.21285
Myn frou wenne yn Twizelerheide. Sy moest omke sizze tsjin Stammerige Harm. Op in kear, doe kom se mei har suster en in stik of hwat kammeraedtskes fan 'e naeiforiening. 't Wie by jountiid. 't Wie midden yn 'e simmer. Doe woarde dêr mei snieballen smiten. Dy smiet ien oer de dyk hinne en sy kommen yn 't wetter del. Dat wie gjin goed spul. It wie de duvel,...
nl.verhalenbank.22954