18,178 datasets found
Dutch Keywords: mensen Narrator Gender: male Place of Narration: Opende
Duveldrek deden se froeger onder 'e drompel foar de tsjoensters.
nl.verhalenbank.27329
Yn 'e nacht dat al dy minsken forbrând waerden is de loft boven 't Faan noch altiten read.
nl.verhalenbank.37441
Sy dienen froeger hjir altyd duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.27542
As minsken fan luzen drome dan komme se yn 'e earmoed to sitten.
nl.verhalenbank.25974
IJe Wijkstra heeft vier agenten doodgeschoten. In de sloot en achter 't huis waren de bloedsporen van die dode mensen. Die bloedsporen wouden daar niet weg. Die bleven daar.
nl.verhalenbank.37998
Witte wiven gingen altyd door 't bos van Jild Dyk. En so ferdwenen se weer. 't Waren twee witte frouljuu. Dit gebeurde faak. Forskeidene hebben se sien.
nl.verhalenbank.25852
Minsken, dy't klean oan ha op har stjerbêd, dy't op snein makke woarn binne, kinne net stjerre, sizze se.
nl.verhalenbank.24133
In minske mat op 'e joun en yn 'e nacht moait midden op 'e wei rinne. Alde Popke Albertsje hat it al ris dien. Doe kom der in lykstaesje oan en doe is sy smiten woarn.
nl.verhalenbank.25959
Oan in dik ketting boun Rudolf de Mepsche de minsken op 'e stâl fêst. Der kaem ris in skuonmakker by him om wurk. Dy naem er mei nei de stâl ta dêr't dy minsken allegear fêstboun sieten. "Hoe liket jo dit ta?" sei er tsjin dy skuonmakker. Dy doarst neat to sizzen. Doe waerd dy skuonmakker ek op 'e stâl fêstboun.
nl.verhalenbank.37440
Rudolf de Mepsche fan 't Faan hie in panne mei allerhande spikers der yn. Der rolle hy de minsken yn as se net om 't lyk woenen.
nl.verhalenbank.37439
Forskate lju ha hjir de tram fan to foaren heard, foardat dy hjir lâns kom.
nl.verhalenbank.21111
To Grins haw ik wenne oan 'e Fryske strjitwei. Dêr doochde it net op dat buertsje. De buorlju kommen by my, omdat ik net bang wie. It wie dêr net plús, en sy woenen ha, ik soe der op ôfgean. It wie nachts noait liker as woarde der ien formoarde. It wie in lawaei! En rare gelûden, freeslik! De hiele buert wie der fan oerstjûr. De lûden kommen út 'e...
nl.verhalenbank.25971
Heit en mem kommen us op in joun by pake en beppe, doe hienen se noch gjin spul. Doe't se flak by 't hûs wienen, wie 't der dêr ôfgryslik oan wei gong. 't Wie der ien stik leven yn 'e keet, krekt as wienen der wol tritich minsken. Doe't heit en mem der yn kommen, wienen pake en beppe mar togearre.
nl.verhalenbank.27180
Sy woenen Imke op it lêst wol graech slite ûnder tsjinst. Hy sette har dêr op alle boegen fêst. Hy krige syn ûntslach, mar doe sei er: "Hark us even, ik wol hjir wol wei, mar it giet fan jimme út. Jim ha my hjir hinne lokke, dat jimme sille my ek bitelje oan 'e ein ta, oars bliuw ik hjir." Doe ha se him syn sinten jown.
nl.verhalenbank.24167
Der wienen guon by elkoar to drinken. Mar der wie gjin drank mear. Doe stjûrde ien in spylkaert troch de doar. Even letter waerd der kloppe en der kom al in flesse drank oansweven. Dejinge dy't de kaert fuortstjûrd hie mocht de flesse net oannimme. Dat die in oaren-ien.
nl.verhalenbank.25717
Heit en mem wennen by de Janke-dobbe. Op in nacht gong it bûtendoar lûd op in timmerjen. Mem sei de oare moarns: "Och, och, hwat gong it der fannacht bot oan wei by de Janke-dobbe. En hwat gong 't op in timmerjen. Dêr koe wolris in hûs komme." 't Wie op 'e Skieding. Dat hûs kom der al gau.
nl.verhalenbank.25997
Foardat de tram hjir lâns kom ha guon him al heard. Hindrik de Jong wie de earste, dy't de tram roljen en tûtsjen hearde. Sake Elzinga de twadde. In pear jier letter lei de tram der pas.
nl.verhalenbank.23134
As minsken de koarts hienen gongen se wol hinne en nommen in hountsje mei op bêd. Dan krige dat hountsje de koarts. It bigoun to triljen en it woarde meger. De minsken wienen dan sels de koarts kwyt.
nl.verhalenbank.19502
Moeke fortelde ook: Der stonden eens mensen by de brugge in Doezumer til. Dy hoorden een stem uut it woater: "De tijd is verschenen, maar de man is der nog niet." Doe was der een met het rijtuig in jacht. Die man was Heine Anke, die kwam uut Opeinde.
nl.verhalenbank.23965
Us pake en beppe wennen hjir yn dit hûs. Op in joune let leinen se op bêd, doe kaem myn omke thús. Hy gong nei 't bêd fan pake en beppe ta en sei: "Der is brân, hjir tichteby. It hûs fan Wiggele van der Veen stiet yn 'e brân." Pake en beppe kamen gau fan bêd ôf, om to sjen. Mar de beide âlde minsken seagen neat. "Sjogge jimme it dan net?" sei omke, "it is...
nl.verhalenbank.37572