18,696 datasets found
Dutch Keywords: man Narrator Gender: male Place of Narration: Nijega
't Wie yn 'e tiid dat de minsken nammen krigen. Doe wie der ien, dy hie noch net in namme. 't Wie in lange fint, hy stuts wol in holle boven de oaren út. Hy sei: "Kom ik ek oan 'e beurt?" Doe knikte ús leaven Hear, en omdat er oars neat as in holle sjen koe, sei er: "Ja, kop." Doe miende dy fint dat dat syn namme wie en elkenien neamde him tonei Jakob.
nl.verhalenbank.20204
Der wie in man, dy soe ophong wurde. It wie by 't winter en der lei snie. Dy man mocht in winsk dwaen foardat er ophong woarde. Doe frege er om in bak mei ierdbeijen. Mar dy koenen se him net jaen, hwant ierdbeijen binne der net by 't winter. Sa woarde dy man foarlopich frijlitten.
nl.verhalenbank.12197
Der wie ris in man, dy soe in beamke efterhûs poatsje. Hy oan it dollen en doe rekke er mei de lodde hwat hurds. Doe wie dat in pot en dy siet fol jild. Hy helle de pot yn 'e hûs. It jild burch er op. Op in kear hied er it lid fan 'e pot op 'e tafel lizzen. Sa kaem de dokter deryn. Dy biseach it lid is en sei: "Hea, hwat is dat in aerdich lid. Dêr stiet...
nl.verhalenbank.11540
Der wie in man dy woe wite of it koe, dat wetter yn wyn foroare woarde. Hy hie wetter foar him stean. It wie krysttiid. To middernacht, om tolve ûre krige er antwurd: Heden is het water wijn, maar nu neemt het leven een eind. Doe't se by him kommen wie de man overleden.
nl.verhalenbank.11546
Hwat men tidens de gong nei 't tsjerkhôf by in bigraffenis it earste tsjinkomt, dat sil it earst yn jins famylje stjerre. Komt men in man tsjin, dan stjert der yn jins famylje in man, is it in frou, dan in frou, is it in bern, dan in bern.
nl.verhalenbank.11521
Der is my us forteld, der wenne ergens in jonge dy weide de skiep. In herdersjonge. De namme fan it plats is my ûntsketten, mar dat komt my wol us wer yn 't sin. Dy herdersjonge makke us in tjerske yn 't lyts, dy wie seldsume moai. Hy wie der sa wiis mei, dat hy liet him oan net ien sjen. Mar doe kom der in man by him dy ûntfytmanne him dat prachtige ding...
nl.verhalenbank.23354
Op 'e Tike hearden wy op in snein tige dúdlik guon timmerjen yn in âld hûs, dat tsjin uzes oer stie. Mar soks wie ûnmooglik, hwant de man, dy't yn dat hûs wenne, roan op 'e wei om. Mar in skoftsje letter woarde datselde hûs fortimmere. It hat dus foartsjirmerij west.
nl.verhalenbank.15802
Yn Burgum hat alris in man syn wiif formoarde. De frou hie in biblette hân tsjin 'e muorre oanset en de taesten fan it bloed bleauwen sûnt altyd op 'e muorre sitten. Dy wienen der mei gjin bjinnen ôf to krijen.
nl.verhalenbank.12198
Der siet in faem ûnder in koe to melken. Doe kom der in skipper oan, dy hie toarst. "Mei 'k ek hwat molke ha?" frege er de faem. "Né", wie 't antwurd. Mar doe kearde de koe him om en sei: "Jow dy man hwat molke to drinken." (It wie de skipper, dy't dat sei; dy koe bûksprekke) De faem woarde ôfgryslike kjel en joech de man molke.
nl.verhalenbank.20868
Der binne slangen, dy ha in kroantsje op 'e kop. Dat binne de koaningen. Sa'n koaning mat men noait deameitsje, hwant dan komme alle slangen út wraek op jin ta. Dat is ris gebeurd op 'e Hearrewei ûnder Nyegea. In man hat dêr doe in slangekoaning deahoud. Alle slangen kommen út wraek op him tasetten. De man wie deaforlegen. Sy hienen him fêst deamakke, as...
nl.verhalenbank.12206
Der wie in faem út Aldegea, dy wie earne to merkehâlden. Doe kaem der in feint op har ta, dy woe it mei har oanlizze. Mar sy wegere. "Ik haw al in feint", sei se. Doe sei dyselde: "Moatst oppasse, dat ik dy de rokken net ôffalle lit." De faem waerd bang en soarge der foar, dat hja tusken de minsken bleau. Hwant dyselde, dy't har frege hie wie Piter Poes...
nl.verhalenbank.10782
Der wie in man, dy hie in apelbeam achter hûs stean. Mar dy apelbeam bleau altyd like sutrich. Hy woe beslist net groeije. De man gong hinne en graefde der omhinne. Doe stjitte hy mei de lodde op hwat. Hy sjen. Doe wie dat in potsje mei in lid der op. Dat potsje siet stiiffol jild. Op it lid stie hwat to lêzen, mar dat koe er net lêze. Dat koe him ek neat...
nl.verhalenbank.23359
Der wie ien dy koe ôfgryslike hurd ride. Op in kear ried er yn in wek ûnder in brêge. Syn holle woarde troch it iis ôfsnien. De holle glide fierder oer it iis en it lichum ûnder it iis gong lyk mei op. Dat doe kommen dy holle en it lichym tagelyk by in wek ûnder in oare brêge. De holle kom wer op 'e romp to sitten en de man ried fierder, krekt as wie der...
nl.verhalenbank.12536
Der wie in feint, dy swearde en swetste der mar op los. Hy leaude oan God noch syn gebot en dat sei er tsjin elkenien. Tsjin syn maten sei er: "Der bistiet net in God en gjin duvel." Op in kear kom er mei twa fan syn maten oerien, dat hy soe trije kear op it tsjerkhôf gean en elke kear soed er dêr God en de duvel oanroppe. Dan soenen syn maten sjen kinne...
nl.verhalenbank.15814
Hindrik Houwink biwearde dat er foar de duvel net bang wie. Froeger hat er in protte fé hawn, mar troch de longsykte rekke er út syn fé wei en waerd keutelboer. Op in kear wied er op 'e Hearrewei. Doe waerd er samar optild en oer in greate beamwâl hinnesmiten. Beide skonken rekken stikken. De man hat noait wer rinne kind. Hy krûpte tonei altyd.
nl.verhalenbank.11532
Yn 'e Wierren ûnder Nyegea ha ik en ús mem in man sûnder fuotten (= skonken) oer de petgatten en de heide hinne sweven sjoen. Us mem stie oars nergens foar, mar doe waerd se bang. It sweefde wer fuort.
nl.verhalenbank.11498
Der wie in man, dy hie syn siele forkocht oan 'e kweade. Mar hy hie de duvel to fiter hawn, dat doe't de duvel kom moest er sûnder siele wer fuort. Mar de duvel sei: "Ik wol dochs hwàt fan dy ha." En doe nom er de man syn skaed en dat rolle er op. Sûnt wie dy man altyd sûnder skaed. Dat wie miskien noait útkom, mar op in kear stie er mei in rychje folk op...
nl.verhalenbank.12538
Op 'e Sumarreheide spoeken trije neakene froulju mei lang hier. Der wie in man dy moete harren. Hy roan hurd fuort, mar de froulju setten achter him oan en se woannen op him. Doe bigong er noch hurder to rinnen. Doe't er thús wie koed er net mear. Hy foel op in stoel del en it swit stroomde him as wetter by de holle del.
nl.verhalenbank.11550
Der wie in fanke, dat soe trouwe mei in roomske man. Sels wie se net rooms. Har heit wie hiel bot op dy trouwerij tsjin. Op 'e dei dat se trouwe soenen hied er in ein peal meinom. Dêr soed er ien fan harren mei deaslaen. Underweis trof de pryster him. Dy soe it jonge pear trouwe. "Man, jo binne wapene. Hwat sille jo?" frege de pryster. De man sei sa en...
nl.verhalenbank.11545
Der wie ris in frou, dy har man wie frijmitselder. Sy woe har man dêr by wei ha. Dêrom gong se nei it gebou ta. Hja waerd der ynlitten en roan in gong troch en kaem yn in keammerke. Dêr die hja to witen hwat har bigear wie. Doe blyndoeken se har en dêrnei brochten se har fierder it gebou yn. Sy mocht neat sjen. Sy wist net, hwer't se lâns gong, mar sy hie...
nl.verhalenbank.11488