Blauwbaard wenne op 'e oare ein yn Haulerwyk, flak tsjin Feanhuzen oan.
nl.verhalenbank.24033
Bouke Schievink fan 'e Harkema kom froeger faek by ús to jounpraten. Ik wie doe noch in jonkje. Ik wyt noch dat er fortelde dat de duvel mei him oproan en him út en troch de tosken sjen liet.
nl.verhalenbank.24229
Antsje Marten sei: "Ik ha de kâlde koarts."
Ik sei: "Dan matte jo âlde Piter Scheper komme litte."
Alde Piter kom en dy krige Marten by 't skouder en hy sei: "Dû bist de koarts kwyt, ik ha him op 'e beam oerbrocht."
Doe skodde de beam krekt as in rusk. De beam hie de koarts fan Marten oerkrige.
nl.verhalenbank.23820
Der siet ek ris in fûgel yn 'e beam; ik hearde dúdlik dat dy sei: "Rike ljuwe, rike ljuwe."
nl.verhalenbank.23834
Alde Gjerte Jel en Luts koenen tsjoene.
Alde Minke Germ soe de moarns to fiskjen en doe moete hy dy beiden. Se sweefden oer de dauwe hinne.
nl.verhalenbank.23877
Dêr't nou dôve Germ wennet yn 'e H., dêr wennen froeger Jan Frânses jonges, Auke en Jan. Dy murdejagen altyd.
Op in joun wienen se der togearre op út. Sy kommen by de Janke-dobbe, dêr fornommen se in murd. Sy stjûrden de beide hounen der op ta, mar de beide hounen woenen net. Doe sei Auke: "Godfordomme, dêr sille jim op ta."
Mar dêr fljocht him hwat op 'e...
nl.verhalenbank.23590
Sterke Hearke wenne yn 'e Ham. Hy wie in kear oan 't ploeijen, doe kom der ien oan, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. Doe hie Hearke de ploech optild en foar him útstutsen en doe hied er sein: Sjoch, dêr wennet er en hy stiet hjir foar jo.
nl.verhalenbank.23782
Pake fortelde, yn Houtigehage, by de Megielsreed, dêr wie in man, dy hie in koe forkocht; dy moest mei de boat mei. De nachts die er de koe oan 't tou en gong der mei op stap. Underweis moest er by in hage lâns. Dêr woarde dy koe samar opnom - ik hâldde him beet, sa fortelde er - en doe woarde dy koe oan 'e oare kant fan 'e hage wer delset. It tou siet...
nl.verhalenbank.23583
As ik nei Dútslân gong to meanen, dan meande ik de earste twa nachten op bêd.
nl.verhalenbank.23571
Ik praette ris in kear mei in frommes, dat wie al op jierren. "Froeger Japik," sei se, "kamen wy us yn in hûs to wenjen dêr woe oars net ien yn. It gong dêr altyd bot oan wei yn dat hûs, alles wie altyd stikken en los.
Sy wienen allegear bang foar dat hûs.
Wy kommen der yn. Myn man kreaze der alles op. Hy koe sels hwat timmerje en 't knapte alhiel op. Mar...
nl.verhalenbank.23565
Ik bin ris yn 'e nacht fan Rottefalle kom. Doe gong der ien njonken my lâns. 'k Ha him twakear 'navend' sein, mar ik krige gjin antwurd. Doe is er fuortgong en sa is er ek weibleaun. 't Gebeurde by de grifformearde skoalle op 'e Langewyk.
nl.verhalenbank.23799
Germ Nijboer soe op in moarn nei de boer ta. Doe't er by de Skoallewyk kom, seach er Gjets Jel en Luts oer de dauwe sweven. "'k Seach de rokken boppe de dauwe útkommen", sei er. "Dêr sweefden se togearre hinne."
nl.verhalenbank.23572
Ik haw us praet mei in man út Wynskoat, dat wie in scheepklinker, dy fortelde my, hy wie op in skip en dêr woarde nachts klonken. It wie sa dúdlik to hearren. Mar doe't se seagen wie der neat to dwaen. De oare deis waerd der echt klonken. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.23827
Myn âld-omke Jille-om (Jille Pultrum) kom us by in frou, dy hie de koarts. Jille-om sei tsjin har: "Wolle jo de koarts graech kwyt?" (It minske hiet fan Froukje)
"Ja seker", sei se.
"Skriuw dan op 'e doar: Froukje is net thús."
Hja die it en gong fuort. Doe't se wer thús kom, wie de koarts fuort.
nl.verhalenbank.23824
Mient Diemersen wie mei in nachtmerje biset. Dêr hied er sa'n lêst fan, dat doe ha se evangelist Hofstra ophelle.
Dy hat yn 'e nacht de nachtmerje oansprutsen, doe is er net wer kommen.
(Mient Diemersen hie syn frou min bihandele. Dêrtroch wie er mei de duvel biset. Hwant dy nachtmerje, dat wie de duvel.)
nl.verhalenbank.23777
Op in kear sei Douwe Mûs tsjin 't wiif: "Ik mat noch hwat gjers meane foar myn trije beesten." Hy der út en oan 't meanen.
Doe tocht er: "Hwat giet dit swier mei de seine."
Doe sjen en sjen en hwat wie doe 't gefal? Doe siet de fuorring noch om 'e seine hinne.
Doe die er de sek der ôf en sei: "Nou sil 'k fuort ek mar harje." Doe't er harre hie, bigong er...
nl.verhalenbank.24723
Jan Hepkes dy gong to meanen. Hy hie al in skoft oan 't meanen west doe fornom er dat er de fuorring noch om 'e seine sitten hie.
Hy die de fuorring fan 'e seine ôf. Doe tocht er by himsels, nou wol 'k mei-iens ek even harje. Hy sette 't harspit yn 'e groun en bigong wer to meanen.
Doe tocht er: dêr komt in knik yn 'e seine. Doe hied er de kop fan 't...
nl.verhalenbank.23886
Piter Scheper (1871-1951 A.A.J.) wenne op Luchtenveld (Houtigehage). Hy wie in duvelbander.
nl.verhalenbank.25596
Wy hienen in man tsjin ús oer wenjen. Dat wie in de Meer.
Dy hie jirpels forboud, dy stienen och sa min.
Ik sei tsjin him: "Hwat stean jimme jirpels min."
"Ja," sei er, "dy binne bitsjoend."
Dat miende dy man echt.
nl.verhalenbank.25869
Myn neef Sytse Jager fan 'e Harkema wie in raren ien. Hy is samar fan 't paed smiten woarn, ta trije kear ta, sûnder dat der ien to sjen wie.
nl.verhalenbank.25887