Yn syn eigen hûs gong it ek op in timmerjen yn 'e nacht, sûnder dat der hwat to sjen wie. Hy koe 't him net bigripe hwat dat wie. Letter woarde it hûs fortimmere.
nl.verhalenbank.17721
It gebeurde ek wol dat Durkje har man jouns bûtendoar foar hûs siet. Doe wied er al dea. Durkje seach him sitten. Dan wie se bang. Dêrom moesten der nachts guon by har wêze.
nl.verhalenbank.38699
Boardzer Bruining seach op in kear in lykstaesje midden yn 'e nacht fan 'e kapper (oan 'e Spekloane) ôf oan Hindrik de Haan ta (oan 'e Houtigehaechsterwei). In wike letter wie dêr in èchte bigraffenis.
nl.verhalenbank.28313
Us mem fortelde faek dat it ris ergens gebeurd wie dat guon in stem heard hienen: "De tijd is verschenen, de man is er niet."
Even letter wie dêr ien fordronken.
nl.verhalenbank.32775
Der wie in man dy kom der oanriden mei in hynder en wein. 't Wie by in brede feart. Doe klonk der in stim út dy feart: "De tijd is er wel, maar de man is der niet."
Doe is dy man fuort dêrnei yn 'e feart riden en fordronken.
nl.verhalenbank.17727
Myn pake Bauke Bijma mat ôfgryslike sterk west ha.
Hy gong by de souder op mei ûnder elke earm in sekfol sied, op 'e holle in sekfol sied en dan noch yn elke hân in sekfol sied. Mei fiif sekfollen sied roun hy by de souder op.
nl.verhalenbank.32779
Yn 'e Houtigehage wie us ien stoarn, dy kom nei de dea hyltyd wer. Doe ha se in dûmny ophelle dy't dyselde forstoarne oansprutsen hat. De dûmny frege hwat syn bigearte wie. Doe sei er, hy hie gjin deaklean meikrige doe't er stoarn wie. Doe ha de minsken op oanrieden fan 'e dûmny op in joun deaklean foar him op 'e tafel lein. Dy nachts kom de forstoarne en...
nl.verhalenbank.17735
Doe't ús mem yn 'e Westerein wenne, wie der in âld man by har yn 'e kost. Dy moest der nachts faek ôf. Dan moest er in lykstaesje sjen.
Hy wie al sa âld en sa minnichjes, dat hy koe hast net mear út bêd wei komme.
"O Klare, Klare," sei er dan, "ik mat wer fuort." Dan stie er op syn skonken to triljen. Hy woarde dan oer hagen en oer hekken hinne smiten om...
nl.verhalenbank.17723
Foppe Sint (=Foppe Ophuis; ien út in tsjoensterlaech) wenne yn 'e Harkema. It wie myn pake. Hy hie in wikseldaelder en se seinen ek dat er him oan 'e duvel forkocht hie. Hy praette net fris. Op in kear wied er by ús, doe wie ik noch in famke. Hy woe sitten gean en doe luts ik gau de stoel achter him wei, doe foel er achteroer oer de flier.
"O heden...
nl.verhalenbank.17594
Der stie ergens in kastiel, dêr koe noait ien ynkomme. Der moest in protte jild yn sitte. Der wienen trije fearten om dat kastiel hinne. Oer elke feart lei in houtsje. Dêr moesten se oerhinne om yn dat kastiel to kommen. Mar dat doarst net ien, hwant op elk fan dy houtsjes siet in raer ding.
Doe wie der ris in feint, dy sei: "Ik weagje it." Hy nom in peal...
nl.verhalenbank.17739
Der wienen in man en frou, dy wennen op 'e rûmte. In suster fan 'e frou wenne by harren yn. De man forstoar. Doe forkochten de beide susters alles en gongen nei 't doarp ta to wenjen.
Op in nacht wie 't hiel min waer. It wearljochte en tongere oan ien tried wei. Doe hearden se bûten flak foar 't hûs in houn. Dat beest blafte en jankte sa, dat de beide...
nl.verhalenbank.19303
Froulju gongen froeger wol foar de swarte spwegel stean op 'e merk yn in tinte. As se de kiste krigen to sjen, dan soenen se net trouwe. Meastal krigen se it portret fan 'e takomstige man der foar en sy waerden ek gewaer hoefolle bern se ha soenen. De froulju seinen der in spreukje by op, dat sa bigong:
Laat mij de man eens zien (dêr't se mei trouwe...
nl.verhalenbank.19306
Halbe Scheper wie in boer, dy wenne by de Folgersterloane. Dy wie ôfgryslike sterk. In hokling fan him wie út it lân wei bruid. Hy pakte it hokling by de sturt. Doe koe 't net fuortkomme.
nl.verhalenbank.17350
Hjir yn 'e Boelensloane wennet Boardzer Bruining. Dy moest altyd lykstaesjes sjen.
nl.verhalenbank.27601
Boardzer Bruining, hjir fan'e Loane, kin faek fan tofoaren sizze dat der in sterfgefal komt.
nl.verhalenbank.28128
Doe't wy as jonges noch by ús heit en dy yn 'e hûs wienen, gong it der wolris hwat oan wei. Dan wienen wy wolris hwat oerhearrich.
Op in kear wie 't slimmer as oars, wy wienen net mear yn 'e touwen to hâlden. Doe kom dêr samar ynienen in man ta de keamer yn mei in krûm pypke yn 'e mûle. Wy woarden allegear stil en wienen sa deabinaud, dat wy fleagen troch...
nl.verhalenbank.17135
Ik haw ek in pake hawn dy't seldsume sterk wie. Hy wenne op 'e Houtigehage en 't kaem by harren o sa krap om. Op it Kattegat ûnder 'e Rottefalle hie pake in healsuster wenjen. Dy neamden se Manne-Auk omdat it minske keardelswurk die. Hja mjukse en kroade en al sa mear.
Pake frege har: "Hast ek hwat jirpels foar my?" It mocht har wol aerdich barre, dat sy...
nl.verhalenbank.17351
Egbert Sint wie ek in raren. Dat wie myn pake. Hy wenne ek yn 'e Harkema. Se seinen dat er in wikseldaelder hie. Hy wie oan 'e duvel forkocht. Ik ha dy wikseldaelder net fan him erfd.
nl.verhalenbank.28092
In wjerwolf, dat is in minske, dy is heal man, heal frou
nl.verhalenbank.17667
Us heit hie us op in joun nei de faem ta west yn 'e Rottefalle. Hy wenne doe by de boer, ik leau hast fan yn Eastemar of sa. Doe't er yn 'e nacht by de faem wei gong en it tsjerkhôf yn 'e Rottefalle foarby soe, seach er dêr yn 'e homeije in beest stean, dat like in protte op in fôlle. Heit wie net bang en tochte: "ik wol better sjen hwat dat is", en hy...
nl.verhalenbank.17729