Myn eigen omke hat in kear in nachtmerje fangd, mar dat wol ik net fortelle.
nl.verhalenbank.24047
Oude Sweitse die reed met de honnekarre. 't Is al heel lang leden, wel tachtig joar. Hy fertelde: ik was us op in ploats, doe bleven de honnen stoan. Ik kon niet ferder. De duvel keerde me.
"Wat duvel, silstû mij hier keren?" sei ik.
Doar ging ik weer heen.
nl.verhalenbank.24403
D'r woonde een man tegenover ons daar werd van verteld hij moest
drie dagen van tevoren de hekken van 't kerkhof openzetten.
nl.verhalenbank.126581
Alde Freark Prûk woarde ek wol neamd de duvel fan Earnewâld. Doe't er tachtich wie is er nei Amerika forhuze.
nl.verhalenbank.24923
Der wie in man, dy hie krekt út 'e broek west. Hy seach om nei hwat der lei. Dat wurdt folle dien.
Doe frege in man him: "Hwerom sjogge jo dêrnei?"
Hy sei: "Ik woe ris sjen as der foar dy wol genôch wie. Oars soe 'k der noch in stik by skite."
nl.verhalenbank.37156
Der wenne nòch in sterke keardel yn Droegeham. Dat wie Germ de Vries. Dy mjokse mei in houten skytskoffel. Dy die er earst fol stront en dan stuts er him rjochtút.
nl.verhalenbank.33457
Ik ha wol us fan ien heard, dêr seinen se fan dat it in wjerwolf wie. In wjerwolf is in forskuorrend beest, dêr't in man him yn foroarje kin. Hy kin der sels neat oan dwaen, hy mat it dwaen, of er wol of net. 't Is syn twadde natuer. It gebeurd inkel by nacht. Dan mat hy der út en dan mat er hwat forskuorre. As er op in bipaeld ding trapet - hwatte, dat...
nl.verhalenbank.23486
Myn man wenne froeger by Nikus Veenstra, dy wie boer op Luchtenfeld. Dy boer hie in ûngeboaren berneearmke. Dêr koed er alles mei.
nl.verhalenbank.33050
Boardzer Bruining, hjir fan'e Loane, kin faek fan tofoaren sizze dat der in sterfgefal komt.
nl.verhalenbank.28128
Hy fytste altyd op 'e transportfyts nei Ljouwert ta mei de fellen foarop. 't Wie him krekt itselde; yn 'e wyn op of foar de wyn. Yn 'e wyn op, dat sit moai stevich, sei er. Dan mar in poun mear op idere traper.
nl.verhalenbank.33097
Doe't wy as jonges noch by ús heit en dy yn 'e hûs wienen, gong it der wolris hwat oan wei. Dan wienen wy wolris hwat oerhearrich.
Op in kear wie 't slimmer as oars, wy wienen net mear yn 'e touwen to hâlden. Doe kom dêr samar ynienen in man ta de keamer yn mei in krûm pypke yn 'e mûle. Wy woarden allegear stil en wienen sa deabinaud, dat wy fleagen troch...
nl.verhalenbank.17135
In wearwolf wie in man dy't in protte friet.
nl.verhalenbank.27960
D'r was een man, een schoenmaker, die kon weerwolven volgens de verhalen. D'r zat een paard verdronken in de sloot. Hij kwam met een kar en laaide 't paard in z'n eentje op de kar. En hij ree d'r gewoon mee naar vore. Iedereen hier in de buurt was bang van die man. Ik heb ok wel is gehoord van een ruige vacht.
nl.verhalenbank.126217
Syn broer kom dêr op in moarntiid lâns yn 'e winter. 't Wie op 'e ein fan 'e Julianabuert. Doe kom datselde pleachbeest der wer oan. Doe hat it in hiel ein mei syn broer oproan.
nl.verhalenbank.23468
Op 'e Boelensloane by in hulzenehage, tichte by 't Blauhûs spoeke in keardel mei in potsje om 'e hals. Yn dat potsje hied er forgif, dêr forjoech er de minsken mei.
nl.verhalenbank.36059
Alde Baeije Ike hie altyd nachts in nachtmerje by him.
nl.verhalenbank.29755
Hearke mat dit fan Greate Pier ôfsjoen ha, mar it is de suvere warheit dat er it dien hat.
nl.verhalenbank.27787
Later heeft ze nog een boerendochter ook betoverd, maar die is niet
doodgegaan. Ze kregen het in de gaten en gingen naar een duvelbanner,
op z'n Dussens gezegd. Die woonde in Gorkum. Wat dat
voor een man was, weet ik niet. Want het is zo lang geleden dat ik
dat hoorde vertellen.
nl.verhalenbank.126758
Sterke Hearke koe omraek wrakselje. Hy woun it fan elkenien.
Op in kear wied er oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him op it lân. Dy koe him net. Hy wie kom om mei Sterke Hearke to wrakseljen. Dêrom frege er Hearke: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Hearke hie de ploech beet krigen en him rjochtút stutsen.
"Dêr wennet er, en hjir stiet er", hied er sein....
nl.verhalenbank.35989
Jan Baerdtsje (= Laanstra) wenne yn Stiensgea. Alle moarnen moast Jan út Stiensgea wei nei it brechje ta rinne fan 'e Feanster feart - hy roan krekt oer 't brechje hinne en gong dan werom. De kweade woe dat sa ha.
nl.verhalenbank.25530