Der kaem pake ris in jonge tsjin op in joun yn Twizelerheide. Dy jonge sei tsjin pake: "Tink der om, jo matte dêr net lâns gean, hwant de duvel stiet dêr yn 'e dykswâl." Der wienen mear minsken dy't dat mienden.
Mar pake hat der noait hwat fornom.
nl.verhalenbank.32667
Der hat in man yn ús lân wenne, dy wie kûgelfrij. Sy koenen allegear op him sjitte as se dat woenen. Hy hat der wol proeven mei nom. Der wie net ien dy't him reitsje koe. Hy hie in hoed op. Dy ha se ôfsketten, mar mear koenen se him net dwaen.
Dit is wier gebeurd.
nl.verhalenbank.21601
As der in ramp komt fan it iene of oare flychtúch of sa, dan wyt ik dat ek altyd fan tofoaren. Dan hear ik dat oan 'e radio. Dan siz ik: "Der komt wer in ûngelok." It komt altyd nei.
nl.verhalenbank.21441
Doe't ik yn Westergeast wenne, hearde ik dêr altyd dúdlik de klok lieden. Dan wist ik altyd krekt as der wer ien stjerre soe. Dat hearde ik oan it lieden.
nl.verhalenbank.21440
Jehannes kom ris by in boer op Blaufallaet, dêr hienen se heabroei. Dy boer dat wie Jouke Hoeksma. Sy moesten in gat dolle yn 't hea, mar dat wie sa gleonhyt dat it wie eins net to fornearen.
Doe sei Jehannes: "Dat kin wol oars. Dan matte jim in lange stok oan 'e lep bine." Dat dienen se, mar doe wie der net ien dy't dêr mei dolle koe.
Jehannes sei: "As...
nl.verhalenbank.33541
Der hie ek us in spoek oan 'e âlde reed op in molkbus sitten mei in aengesicht foar. Feikje koe net sjen of it in frommes of in man wie.
nl.verhalenbank.22310
Op in kear doe hie er ûnder tsjinst wer ûngehoarsum west. Doe moest er opsluten wurde yn 'e cachot. Mar foardat se him dêr brochten, sei er tsjin heit: Dû giest dêr en dêr mar hinne, dan kom ik wol by dy. Hy hie 't èk dien. Hy moest troch 't slotsgat hinnegien wêze.
nl.verhalenbank.21579
Heit en Imke de Jong soenen us in kear nei in hynstespul ta. Dêr wienen in protte minsken.
Der lei in hiele greate balke yn 't midden. Dêr koe in man trochhinne krûpe. Hy bigong oan 'e ein fan 'e balke. Dêr krûpte hy der yn. Op 'e oare ein soe hy der dan wer ta'n út komme.
Doe't er sahwat yn 'e midden wêze moest, hied er lûd jown. "Hwer bin ik nou?" frege...
nl.verhalenbank.21602
Heit hat us in kear nei Wopke Duvelbanner ta west. Hy hie in hiele protte warten. Hy wie doe noch net troud. 't Wie op in snein-to-middei dat er by Wopke kom.
Doe sei Wopke tsjin heit: "Mast al dy warten telle. Goed telle. Ast ien oerslachtste mei tellen, dan rekkest dy net wer kwyt."
Heit hat him net forteld en in pear dagen letter wied er al syn warten...
nl.verhalenbank.21600
Woe men froeger wite of men mei in man of mei in frou to dwaen hie dan liet men sa'n ien op 'e stoel sitte en smiet him hwat ta op 'e knibbels. Sloech er de knibbels tsjin elkoar oan, dan wie 't in man. Die er de fan elkoar dan wie 't in frou.
nl.verhalenbank.36769
Der hat ris ien nei in duvelbander ta west, dy wie bitsjoend. Doe moest er dêr by dy duvelbander pisje.
Doe helle dy duvelbander in iilkwabbe by him út 'e pot.
Dy hied er útpisse. Hy wie dus foargoed bitsjoend.
nl.verhalenbank.32679
Jehannes Hazenberg wie in keardel as in beam. Sa sterk as in dyk. Op in kear siet der in weinfol hea fêst tusken 'e dampeallen op 'e Sjoele tichte by Blaufallaet. Se koenen it der noait weikrije, de hynders koenen 't net lûke.
Doe kom Jehannes Hazenberg dêr lâns.
"Sit er fêst?" sei er, "wachtsje mar, ik sil wol even helpe."
Doe sette hy de rêch der achter...
nl.verhalenbank.33540
Imke de Jong hie us in kear rûzje hawn mei twa hege mannen. Dat wienen ofsieren. Hy sei tsjin heit: "Dêr sille wy in grap mei ha." Sy skelden op him. Doe liet er dy beide ofsieren de klean ôfsakje. Hja kommen dêr pûrneaken to stean. Hy sei: "Nou geane wy fuort. Sy matte har mar even rêdde." Doe ha se him letter noait wer fêst hâlden.
nl.verhalenbank.21581
De Boppewei rint fan 'e Westerein nei de wei fan Feanwâlden nei de Falom. Der roan us op in joun in hear, dy hie sinten ophelle. Doe kommen op 'e Boppewei ûnforwacht twa man by him. Dy sprieken him oan. "Jow ús dyn sinten," seinen se, "oars meitsje wy dy dea."
"Ik sil se krije", sei de hear. "Litte jim my dan gean?"
"Ja", seinen se. 't Wienen guon út 'e...
nl.verhalenbank.21594
Op in snein-to-joun wienen heit en Imke togearre oan 't kuijerjen. Doe kommen se in âld mantsje tsjin, dat wie to fiskjen west.
"Ha jo hwat fangd?" fregen se. "Né", sei er.
"Wolle jo graech hwat fisk ha?" frege Imke. Dat woed er graech. "Kom dan mar mei", sei Imke. Doe lei dêr in skip. Dêr gongen se hinne. "Smyt jo jou angel dêr mar út", sei Imke.
Doe hie...
nl.verhalenbank.21580
Der wienen ris twa man, dy hienen de pik yn op 'e dominé. Dy woenen se fan kant meitsje. Sy lieten in boadskip by de doomny bringe dat der wie in pasjint, dy't bûtenút wenne, tige siik. Of doomny dêr wol efkes hinne woe. De doomny gong op stap en de twa banditen krûpten yn in beamwâl, dêr't de doomny lâns moest.
Dêr woenen se him formoardzje.
Mar doe't...
nl.verhalenbank.33547
Alde Jan Stokje wenne op it Hegelân to Jistrum.
Op in kear hied er him slim misdroegen yn 'e kroech.
Underweis nei hûs ta hat ien him opnom en smiten. Hy woarde oer diken en sleatten hinne smiten.
't Swit briek him ta alles út. Hy hat it sels forteld.
It wie de duvel dy't him to pakken hawn hie.
nl.verhalenbank.29292
Wy ha dat fan mem har heit. Dy wie ek sa.
Wy wennen flak by 't tsjerkhôf yn 'e Falom. As de klokken letten, dan sei er: "Hark".
"Hwat is der, pake?" fregen we.
"Binnen trije dagen komt der wer in deaden op 't tsjerkhôf", sei er. En dat gong altyd troch.
nl.verhalenbank.21584
Bindert Reitsma hat de bank yn Twizel. Dy wie tige min. De minsken tochten dat er it net helje soe. En dat tocht ik sels ek.
Doe kom ûnforwacht syn buorman to forstjerren troch in autoûngelok.
Ik sei: "Nou giet Bindert net dea."
"Hoedat sa net?" sei myn soan.
Ik sei: "Ik haw dêr in bigraffenis sjoen. Ik ha miend dat it dy fan Bindert wie, mar it wie dy...
nl.verhalenbank.21585
Op in joun doe hienen heit en Imke der togearre op út west. Doe kommen se in pear froulju foarby. De manlju seinen 'joun', mar dy froulju seinen neat werom. Imke sei tsjin dy froulju: "Bliuw jim mar even stean." En dat wie gebeurd. De froulju forsetten gjin foet mear. Doe't dat in skoftsje sa duorre hie, sei heit tsjin Imke: "Dû mast se wer gean litte."...
nl.verhalenbank.21578