26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: man Place of Narration: Drachten
Mem fortelde: Sjoerd van der Heide fan Aldegea seach bigraffenissen fan tofoaren, foar dat se der echt wienen. Hy sei dan: "Wy krije earstdeis wer in sterfgefal yn 'e famylje, ik haw de bigraffenis al sjoen."
nl.verhalenbank.33330
Op Teadehoekje, oan 'e wei nei Boarnburgum spoeke in sekere Teade, dy't dêr formoarde woarn is.
nl.verhalenbank.37017
Ik ha wol us fan ien heard, dêr seinen se fan dat it in wjerwolf wie. In wjerwolf is in forskuorrend beest, dêr't in man him yn foroarje kin. Hy kin der sels neat oan dwaen, hy mat it dwaen, of er wol of net. 't Is syn twadde natuer. It gebeurd inkel by nacht. Dan mat hy der út en dan mat er hwat forskuorre. As er op in bipaeld ding trapet - hwatte, dat...
nl.verhalenbank.23486
Klaes Kunst droech syn eigen holle samar ûnder 'e earm, ha se my wolris forteld.
nl.verhalenbank.27928
Ik wie hjir ris in kear by de skearbaes yn Drachten. Dêr wie Ruerd ek. Ruerd wennet yn 't earmhus en hy is mei de helm geboaren. De kapper wie mei my oan 't knippen. Ruerd mompele hwat yn himsels. Doe hearde ik dat er sei: "Ja, de oaljemoune is èk ôfbrând. Ik wist wol dat it gebeure soe. 'k Hie 't fan tofoaren al brânnen sjoen." De minsken skodden de...
nl.verhalenbank.33338
Ingbert Jelsma fan Oerterp fortelde, hy wie ris in kear oan 't fytsen, doe woarde er samar mei fyts en al opnom en even letter op 't selde plak wer delset. En der hie neat to sjen west.
nl.verhalenbank.33703
Op Stobbehoek, ek wol Teadehoekje neamd, tusken Drachten en Boarnburgum, is froeger in man formoarde woarn, in sekere Teade. Dêr is de namme Teadehoekje fan. De minsken doarsten dêr froeger net lâns omdat it dêr spoeke.
nl.verhalenbank.36647
Ast goed sjochste, sit der in man mei in takkebosk op 'e rêch yn 'e moanne. Hy sit dêr foar straf, hwant hy hat us hwat útheve.
nl.verhalenbank.25574
Der wie in man, dy moest in namme ha. Hy hie àl burd, mar gjin snor. Doe krige hy de namme Albert.
nl.verhalenbank.32946
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane koe nachts alle lykstaesjes sjen. As der ien wie moest hy der nachts út. Hy wie mei de helm geboaren. As er mei ien oproan, sei er wol gauris: "Gean even oan kant." Dan seagen dy minsken neat, mar hy wòl.
nl.verhalenbank.26115
Ynse Boomsma fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Hy seach lykstaesjes fan tofoaren.
nl.verhalenbank.23481
Yn Jirnsum stienen ris guon by de brêge. Doe hearden se dat der sein waerd: "De tiid is der wòl, de man is der net." Dy wurden kamen út it wetter. Fuort dêrnei kaem der in seas oanfleanen en dy rekke by de brêge del yn 't wetter. De man dy't der yn siet is dêr fordronken.
nl.verhalenbank.36700
Freark wie in keardel, dy wenne op 't Bûtenfallaet. Op in kear gong er in stik lân del. Iderkear seach er hwat skean achter him. Dat doochde net en Freark waerd binaud. It swit stie him yn 't hier. Der wie in gedaente dy folge him. Mei in skeane kijk achterom gong Freark fierder. Hwat hurder hy roun, hwat hurder dy man. Guon miene dat it syn skaed west...
nl.verhalenbank.29646
Op Luchtenfeld wenne in man, in sekere Wytse Luchtenveld, dy naem de minsken de koarts ôf en brocht se op hwat oars oer: in beam of in dier. De minske wie de koarts dan kwyt. Wytse hie in stille kroech.
nl.verhalenbank.32311
Hindrikje Scholte roan us fan Drachten ôf nei Houtigehage. Doe sweefde der hyltyd in wite gedaente mei.
nl.verhalenbank.22887
Adam Hurdrider sprong oer alle wekken hinne.
nl.verhalenbank.23637
Der wie in timmerman dy hie 't bouwen fan in buorkerij oannom. Doe moesten se 't groubynt toplak sette. Dat koenen se net rêdde. Sy hellen Ynse der by. Dy sette alles allinne toplak. De oaren stjûrden it, mar Ynse sette 't del. As der hwat swiers tild wurde moest moest Ynse der altyd oan to pas komme.
nl.verhalenbank.24819
De pake fan ús buorman wenne op 'e klaei. 't Wie in dikke boer. Njonken him wenne ek in dikke boer. Mar dy buorman woe noait in oar helpe, as der help noadich wie. Hy sei altyd mar: Sels mar rêdde. Op in kear doe rekke dy buorman yn in groppe. Hy lei dêr op in rare menier yn en koe der sûnder help net wer útkomme. Doe kom de pake fan ús buorman dêr lâns,...
nl.verhalenbank.33159
Myn broer Hindrik, dy't to Drachten wennet, is mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.25466
Der sieten twa yn in café. Sy bistelden hwat, dat brocht de herberchsman har. Op 't lêst wie 't tiid fan fuort. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "Ik sil wol foar dy bitelje." Dy bitelle oan 'e herberchsman. Doe miende de oare, dat er frij wie fan biteljen. Mar sa siet it net. De herberchsman sei: "Jo matte my ek noch bitelje." De oare sei: "Dat hastû ommers...
nl.verhalenbank.25702