26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: man Place of Narration: De Westereen Harkema
Op 'e Spûkloane spûke in âlde hear.
nl.verhalenbank.38515
In wjerwolf is in soart fan nachtmerje, mar dan in manspersoan. By de Swadde wenne Jelle Bontsje Tyt. Dat wie in wjerwolf.
nl.verhalenbank.20906
Der wie in man, dy hie krekt út 'e broek west. Hy seach om nei hwat der lei. Dat wurdt folle dien. Doe frege in man him: "Hwerom sjogge jo dêrnei?" Hy sei: "Ik woe ris sjen as der foar dy wol genôch wie. Oars soe 'k der noch in stik by skite."
nl.verhalenbank.37156
Alde Baeije Ike hie altyd nachts in nachtmerje by him.
nl.verhalenbank.29755
Sterke Hearke koe omraek wrakselje. Hy woun it fan elkenien. Op in kear wied er oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him op it lân. Dy koe him net. Hy wie kom om mei Sterke Hearke to wrakseljen. Dêrom frege er Hearke: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Hearke hie de ploech beet krigen en him rjochtút stutsen. "Dêr wennet er, en hjir stiet er", hied er sein....
nl.verhalenbank.35989
Myn buorman wenne yn 'e Kerkstraat. Syn frou fortelde ris by ús, doe't hja togearre by ús to praten wienen, hja wienen alris togearre op in joun op bisite west, doe waerd har man samar ûnforwachts optild en in ein fuort smiten.
nl.verhalenbank.31997
Hjir wennen twa mannen, dy koenen allebeide omraek fortelle. De iene sei der altyd achteroan: Dy't it it lêst forteld hat leeft noch. En de oare sei der achteroan: En ze hebben bij de glazen opgescheten en 't was dag.
nl.verhalenbank.33873
Yn 'e Kule is him ek al us in lykstaesje tomjitte kom.
nl.verhalenbank.21081
Alde Piters Willemke dy't hjir wenne, wie in tsjoenster. Sy koe fleane. Har man Piter hie gjin skouders.
nl.verhalenbank.26198
Sizwurd: Hy is sa sterk as Sterke Hearke.
nl.verhalenbank.33745
Der hat ris in jonge by ús mem west, dy woarde fan 't paedtsje ôfsmiten yn 'e sleat. Hy rekke ûnder wetter. En der is noait ien west dy't dêr ien sjoen hat dy't it die.
nl.verhalenbank.36829
Fokke Veenstra wenne hjir yn 'e Westerein. Dy wie like sterk as Sterke Hearke. Hy luts faek in wein foarút, as de hynders it net dwaen koenen.
nl.verhalenbank.26193
"In nachtmerje," sei myn skoansuster, "dat is de duvel, dy't by jin komt." Dêrtroch wurde wy sa binaud as wy miene dat wy de nachtmerje ha. Meastal komt der in nachtmerjeman by in frommeske, en in nachtmerjefrommeske by in man.
nl.verhalenbank.20721
As heit hwat oan mem fortelde, dan paste mem der op of it ek neikomme soe. Hwant hja twifele soms oan syn wurden. Mar it kom altyd út. Hwat hy fan tofoaren sjoen hie, dat gebeurde letter.
nl.verhalenbank.34547
Hjir hat in hiele hiele sterke man wenne. Dat wie Fokke Veenstra. Op in kear wie er oan 't ploegjen op in eker. Doe kom der in man by him op it lân. Dy frege him: "Hwer wennet Fokke Veenstra?" (It wie Jaep Eiberts syn heit). Doe krige Fokke de ploege fan 'e groun en hâldde him foar him út. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.34593
Op 'e heide sweefde froeger in gleone man.
nl.verhalenbank.26197
Us heit is us in kear út 'e herberch kom. Doe waerd er samar opnom en yn 'e Spoarsleat smiten.
nl.verhalenbank.20727
Sytse Jager fan 'e Harkema is ek al us smiten woarn
nl.verhalenbank.22715
'De tijd is verschenen, de man is er niet'. Dat matte se us op it Blaufallaet heard ha, mar mear wyt ik der ek net fan.
nl.verhalenbank.16815
Hy fytste altyd op 'e transportfyts nei Ljouwert ta mei de fellen foarop. 't Wie him krekt itselde; yn 'e wyn op of foar de wyn. Yn 'e wyn op, dat sit moai stevich, sei er. Dan mar in poun mear op idere traper.
nl.verhalenbank.33097