1,434 datasets found
Dutch Keywords: lopen Place of Narration: Kollumerzwaag
Ik wit noch bêst dat der ris in fremde kat om ús hinne roan en dat mem doe sei: "Och heden, hjir is Griet ek wer." En dan sei se út gekheit: "As hja dea is, krij ik it baentsje ek noch." Der wenne in jong frommes oan 'e Triemster loane, dy is dêr apart om Griet wei gong to wenjen, sa bang wie dy foar har.
nl.verhalenbank.37339
Ik ha wolris heard dat hjir pleachbeesten west ha, dy't yn 'e nacht mei de minsken oproannen.
nl.verhalenbank.24070
Dy't by nacht midden op 'e wei roan, koe samar oan kant set wurde. Wy waerden froeger altyd warskôge: rin noait midden op 'e wei.
nl.verhalenbank.24071
Tusken Kûkherne, Feanwâlden en de Westerein roun altyd in wjerwolf. As hy der oankaem, dan hellen de minsken gau de bûsdoek ta de bûse út en dy smieten se him ta. Dienen se dat net, dan foel dy wjerwolf har oan. Mar nou pakte er de bûsdoek en forskuorde him.
nl.verhalenbank.29928
Men mat noait midden op 'e wei rinne by nacht, hwant dan kin men tsjin in lykstaesje oprinne dy't men net sjocht.
nl.verhalenbank.37336
In hynder sûnder sturt mat hjir achter hûs oan 'e Hantsje-loane omrinne, alle nachten. Dat hynder wie sa wyld. De boer hie 't hynder by de sturt beet. 't Hynder naeide út en doe hâldde de boer de sturt yn 'e hân. (Der wurdt ek wol sein dat Geart Sturtsnijer út 'e Westerein it dien hat.) Dat hynder spoeke letter.
nl.verhalenbank.37366
Op 'e Trekwei by de Kalkhúsbrêge, der mat yn myn bernejierren in grouwe, swarte houn west ha. Dy kom altyd oer de brêge, roan in eintsje by de feart del en waerd wer wei. Dy houn spûke dêr.
nl.verhalenbank.37355
Twa feinten kommen us fan 'e froulju. Sy wienen to foet. Yn 'e Koaten roan der in frommes foar har op. By Geart Boersma gong se de homeije yn, doe woarde se samar wei, as wie 't yn 'e groun.
nl.verhalenbank.15755
Noait mat men by nacht midden op 'e wei rinne, fanwegen in lykstaesje, dy't altyd paed ha mat en dy't dan wolris tsjin jin oanstompe kin.
nl.verhalenbank.30112
Dy't nachts op in paed wie, moest noait midden op 'e wei rinne. Oars koed er oan kant reage wurde. Dat gebeurde troch in ûnsichtbere hân.
nl.verhalenbank.32222
Myn âlde beppe hie forkearing mei in feint. Op in joun roan se mei him op. 't Wie hjir yn Sweagerfean. 't Wie doe noch sânwei. Doe sei dy feint tsjin har: "Mast net kjel wurde as ik aenst even by dy wei bin." Even letter woarde hy samar opnaem en doe't beppe seach, hied er oan 'e oare kant fan 'e sleat roan. Beppe waerd tige kjel. Sy is net mei him troud.
nl.verhalenbank.25838
Der waerd altyd sein: Rin yn 'e nacht noait midden op 'e wei, hwant as der in lykstaesje oankomt kinst in rare gisel meitsje.
nl.verhalenbank.29519
Myn broer kom us op in nacht mei in kammeraet de Twizelerwei lâns. Sy kommen by de froulju wei. Syn kammeraet, dat wie Bosma fan Twizel, dy wenne doedestiids yn 'e Westerein. Op 'e Twizeler Nijewei troffen se ûnderweis om in ûre of twa hinne yn 'e nacht in jonkje en in famke, dy hâldden elkoar by de hân beet. Dy bern wienen ± fjouwer à fiif jier âld. Sy...
nl.verhalenbank.22685
Der woarde ús al hiel jong leard, noait midden op 'e wei to rinnen. Hwant it koe gebeure dat der in lykstaesje oankom en dan woarde men oan kant set.
nl.verhalenbank.22678
Wy mochten froeger noait midden op 'e wei rinne. En as der in reed oer in stik lân gyng, rounen wy by jountiid oer it gers, net oer de reed, hwant der wie gjin rûmte genôch op sa'n reed om in lykstaesje passeare to kinnen.
nl.verhalenbank.29925
Der wie in man, dy hie in gesin. Dy man wie in wjerwolf. By 't tsjuster wie er warber. Doe wie der in oaren ien dy wie mei syn maet der op út. Hja rounen togearre troch de Kûkhernster lânnen en doe kaem dy wjerwolf har tomjitte. De man, dy't mei syn maet wie fortocht de man fan dat gesin, dat dàt de wjerwolf wie, mar hy wist it net seker. Doe't dan dy...
nl.verhalenbank.29929
Knjillis Veenstra fan Kollumersweach seach alles foarút. Hy hat foarút sjoen dat syn eigen dochter forsûpte. Har lykstaesje seach er ek. Hy wie mei de helm geboaren. As se dy helm fan foaren nei achteren ôflûke, gebeurt der neat. Mar lûke se him fan achteren nei foaren ôf, dan mat sa'n ien letter alles sjen. As der foar him in lykstaesje to sjen wie, siet...
nl.verhalenbank.38610
Der roannen op in joun fjouwer minsken op 'e Kapelle ûnder Rinsumageast. 't Wie al let. 't Wienen twa manlju en twa froulju, dy hienen to jounpraten west. De iene man wie in grapjas. Doe seagen se in frou oankommen, mei lang hier dat se los droech. De grapjas frege har: "Wolst ek forkearing ha?" Mar hja sei neat. Hja sweve samar fuort. Doe woarden se alle...
nl.verhalenbank.30107
Der roan us yn 't foarige op in jountiid let in man to Eastemar de paden del. Hy roan fan 'e buorren nei 't Heechsân. Doe't er oan 't Liuwelân ta wie, seach er dêr in man stean. Midden tusken in keppel skiep yn. Hy fortroude it saekje net en sei moai foars: "Hwat matstû dêr. Skiep stelle?" En dêr kommen noch in pear sterke wurden achteroan. Mar doe kom dy...
nl.verhalenbank.15754
To Eastemar by de âld toer spoeke in dikke, swarte houn om. Der wienen minsken, dy hienen him wol sjoen. Yn 'e sechstiger jierren fan 'e foarige ieu wenne der op Skûlenburch in man, dy hie dêr in oaljeslagerij. Dy man hie forkearing mei in widdou to Eastemar. Mar hy doarst net to reizgjen by nacht. Hwant by de âld toer, dêr't [er] foarby moest, dêr spoeke...
nl.verhalenbank.15760