1,362 datasets found
Dutch Keywords: lopen Place of Narration: Buitenpost
De kant út nei Grins stiet it Godloas Tolhûs. Dêr wienen ris op in snein-to-joun in stik of hwat bazen, op 'e betonnen brêge, dy prebearren yn hoefolle tredden hja oer de brêge kommen. Der wie ien jonge yn it ploechje, dêr koenen de oaren it lang net tsjin hâlde, dy wie altyd foar. Doe sei er: "De duvel kin 't hjir net iens tsjin my hâlde." Doe seinen de...
nl.verhalenbank.26215
Doe't ik nog jong wie roan ik us mei Diuwe Jelle en Durk - en Willem Mozes de Sânwei del yn 'e Harkema, dat nou de betonwei is, de Wytfeanster kant út. Doe hearden wy alle fjouwer klear dat se dêr oan 't houtendakspikerjen wienen. It timmere dêr hiel ûngelyk. Mar dêr stie neat, gjin kerl, noait ien spier, fordomd. Even letter stienen dêr de boufakhuzen.
nl.verhalenbank.19490
Oan 't Heideloantsje yn Twizelerheide hâldde froeger in wyt spoek ta. Elkenien dy't dêr lâns kaem, moest oan kant gean, oars waerd er troch dat wite spoek in ein fuort smiten.
nl.verhalenbank.20014
Skoanheit wie boerearbeider by Germ de Vries to Droegeham. Hy wenne sels yn 'e Harkema. Hy hie altyd in lantearne fan in stoomfyts by him, as er jouns by de boer wei kom. Dan roan er skean de lannen oer en kom by de grouwe beam lâns (dy't oan 'e Betonwei stiet tusken Harkema en Bomkleaster). Mar op in kear, doe wied er krekt oan 'e grouwe beam ta. Doe...
nl.verhalenbank.19462
Ik wie in kear yn Harkema op 'e wei, dat nou de betonwei is. 't Wie doe noch in sânpaed. Doe seach ik Japik Stoarm, dy't al in skoft wei wie, troch 't hôf gean. Hy harke hwat by de syddoar. Ik naeide hurd út.
nl.verhalenbank.19965
Myn pake - mem har heit - wie Albert Hattums v.d. Berg. Dy wie ôfgryslike sterk. Hy wie froeger polderjonge en leike faek. Dat is wurk dat der op oan komt. Doe kom der ris in jong baeske by him, dy hie heard, dat pake sterk wie, en hy sei, hy woe wolris mei pake wrakselje hwant hij wie èk sterk. Doe sei er: "Dan wol 'k mei in oanloopke." Op dy manier woe...
nl.verhalenbank.38448
Heit wie us op 'e Kûkhernster lânnen. 't Wie dêr allegear modder en wetter. Heit wie dêr skjin forlegen en 't wie yn 'e nacht. Heit sei: "Och, hwat in modder en in wetter hjir. Hoe sil men hjir troch komme. Sa sit in minske yn 'e sûnde en ûngerjochtichheden." Doe kom der in stem ta him, dy't sei: "Laat u leiden." Heit sei: "Heare, oan Jou hân wol ik my...
nl.verhalenbank.19665
Alde Japik Mulder wenne op it Wytfean. It wie in broer fan Gauke Mulder. Hy wenne yn myn jonge jierren op 'e plaets, dêr't letter Frits Benedictus wenne hat. Myn âldste broer Jan en ik wienen dêr us op in joun oan 't hôfkesjongen. Doe kom Japik der oan. Hy roan by de hutte lâns en gong sa it paedtsje del nei it hôf ta. Japik wie doe al in pear jier dea,...
nl.verhalenbank.19964
Alde Hindriks Kike wenne achter ús. Mem sei op in kear: "Der sil ûnwaer komme, dan rekket âlde Hindriks Kike har hûs der ôf. Ik ha 't brânnen sjoen. En op 'e Foarwei sil de boerepleats fan Dedde Wybenga ôfbrânne en alle fé sil der yn omkomme." 't Is allegear sa gebeurd. Hja sei: "Ik sjoch allegearre fjûr." De oare deis gebeurde it. Der kom in greate...
nl.verhalenbank.36300
Tusken de grouwe beam en de hoeke fan 'e Krúswei yn 'e Harkema spoeke altyd in dikke houn, sa great as in keal.
nl.verhalenbank.19485
Yn 'e Harkema is in poel, dêr is in fanke yn fordronken mei read hier. 't Wie ien fan Jouke Elzinga. De wyks fan to foaren hienen se in stem út dy poel heard, dy't rôp: "Help! Help!"
nl.verhalenbank.19491
Stammerige Harm fan Twizelerheide wie in tsjoenster, seinen se. Hekse-Harm seinen se ek wol. Hy koe him yn in kat mei gleone egen foroarje, seinen se. Hie ien krinten om 'e mûle of in seare holle, dan wie sa'n ien bitsjoend. In bern dat bitsjoend wie hie in krâns yn 't holkessen. Dy krâns woarde der úthelle en opbrând. Earder woarde 't bern net better. By...
nl.verhalenbank.36314
Der wienen tsjoensters, dy koenen fleane.
nl.verhalenbank.30956
In soan fan âlde Jan Oenes hiet fan Oene. Dy koe knoffelbannen lizze. Hy wie op snein geboaren. Hy wenne yn Sweagerbosk. Ik hie us mei twa geiten nei de bok west. Underweis knoffele ik by in dyk del. Myn earmtakke die rare sear. Doe nei Oene. Ik sei: "Ik bin by de dyk del dondere." "Wyt ik wol," sei er, "hâld de earm rjochtút." Doe mompele er allerhande...
nl.verhalenbank.20006
Oene Gjet hie ek nei Lamke ta west. Hja krige fan Lamkje in tsiiskoarste. Sy joech har famke der in stik fan. Dat bern krige in freeslike pine. Doe't se thús kom bigong se to koarjen. It wienen allegearre kikkertskoppen, dy't se útkoarre.
nl.verhalenbank.20012
Yn 'e buert fan Stroobos is 't us gebeurd, dat in ploechje folk yn 'e kroech siet. Doe stjûrde ien fan dy mannen in kaert fuort. Dat wie skoppenboer. Sy hienen kaertspile. Dy kaert joech er oer om 't hoekje fan 'e doar. Doe kom der even letter in flesse drank oansweven. Hy sweefde boppe de tafel om. Deselde dy't de kaert fuortstjûrd hie mocht him net...
nl.verhalenbank.22956
Stammerige Harm fan Twizelerheide is ris in kear oer de Swâdde smiten woarn troch de duvel. Hy hie in wikseldaelder en sadwaende altyd wol jild om hannen. Hy handele yn fodden ensa.
nl.verhalenbank.22957
Mem en dy wennen yn 't oast fan Bûtenpost. Sy hienen wol gau us in hynder dea. Dat kom fan 'e tsjoenderij, seinen se. Doe gongen se nei Wopke ta, dat wie de duvelbanner fan Kûkherne. Dy kom dêr by mem en dy. Hy lei guod ûnder 'e drompel en preuvele der hwat by. Doe wie de tsjoenderij foarlopich oer. Mar letter bigong it wer. De hynders stienen los yn 'e...
nl.verhalenbank.21279
In boer soe mei in sekfol jild nei hûs ta. Hy hie handel dien. In soldaet kom him achterop. "Sil ik dat foar jo sjouwe, boer?" "Graech", sei de boer, hwant hy wie warch. De soldaet kom mei en rekke by de boer yn 'e hûs. "Jo kinne hjir fannacht wol bliuwe", sei de boer. Dat gebeurde. Doe kom der de jouns in frommes by de doar, dy woe dêr dy nachts graech...
nl.verhalenbank.20167
Sake Postma syn wiif yn Twizelerheide is ek deatsjoend. (Ik ha letter by Sake wenne as húshâldster) Hja hie krânsen yn 't bêd. Se tinke dat Janke dat dien hat. De krânsen ha se forbrând. Ik sei, hja hienen alles ticht dwaen matten, de skoarstien en alle kieren en ek de kaeisgatten. Dan hie de tsjoenster in jiskebult woarn. Janke wie Sake syn buorfrou. Myn...
nl.verhalenbank.20013