2,556 datasets found
Dutch Keywords: kind Place of Narration: De Westereen
As in bern hwat fan in tsjoenster opyt, dan hat dy tsjoenster it bern yn 'e macht.
nl.verhalenbank.38533
Om 'e sawn jier mat in tsjoenster in bern deatsjoene.
nl.verhalenbank.36865
Us mem wie ris mei har kammeraetskes nei Feanwâldster merke. Op 'e weromreis wie 't tsjuster. Ûnderweis roan der mem in ding foarby, dat hie in bern op 'e earm. It hie net op in minske like, sei mem. It hie twa donkere strepen oer de lea hawn, fan boppe nei ûnderen ta. It hie ek hwat roppen en it sweefde min of mear.
nl.verhalenbank.34550
Alde Minne Ael wie in tsjoenster. Dy har suster hie in jonkje, dat bigoun altyd om deselde tiid to jammerjen. Dan koe se 't bern noait stil krije. Doe gong se in kear nei har suster Minne Ael ta. "Kinstû der hwat oan dwaen?" frege se. "Stil mar," sei Ael, "it bern is al stil." 't Wie Ael har wurk dat it bern sa'n pine hie.
nl.verhalenbank.36861
Wy ha in berntsje forlern. Yn 'e nacht moest ik Antsje der útklopje. In wike foartiid hie Antsje al sein: "Hja hâlde dat jonkje net. Ik ha 't klopjen al heard."
nl.verhalenbank.21082
De minsken hienen froeger altyd duveldrek ûnder 'e drompel tsjin 'e tsjoensters. De bern droegen duveldrek op 't boarst oan in bantsje. Ek yn 't bûthús hienen se duveldrek foar 't fé.
nl.verhalenbank.38415
Ik slepte as bern wol us by minsken yn Twizelerheide. Dy frou wist de dingen altyd fan tofoaren. "Der komt aenst ek ien", sei se. Dan hie se de doar al in skoftsje fan tofoaren heard. Soks kaem altyd nei.
nl.verhalenbank.19422
Der lei in bern op it stjerbêd, mar it stoar net. It bleau mar yn libben. Sy gongen nei hoe't dat kaem. Doe kamen se ta de konklúzje, hja hienen ris in jurkje foar 't bern makke op snein en dat hie 't bern oan. Hja dienen in knip yn 't skelkje mei de skjirre en doe wienen de siken der samar út.
nl.verhalenbank.36430
As guon nei Wopke fan Kûkherne ta west hienen, dan hienen se meastal in drankje by har, dat Wopke meijown hie. En dat drankje gong dan hiel faek stikken ûnderweis troch in ûnsichtbere macht. Bontsje Keke is 't ek oerkaem. Dy hat der ris foar syn bern west, doe't dat bitsjoend wie. Underweis gong 't drankje stikken. Doe moest er wer hinne.
nl.verhalenbank.38390
De hege ofsieren yn 't leger ha faek helms fan pasgeboaren bern by har. Dy ha se djûr kocht, hwant troch sa'n helm by har to hawwen binne se kûgelfrij.
nl.verhalenbank.19405
Hjir tichteby wenne in âld minske, Grytsje, dy hâldde der in winkeltsje op nei. De minsken seinen, dat wie in tsjoenster. Hjir net sa fier of wennen twa minsken, dy hienen in bern. Dat woarde siik en doe't it slim siik wie kom Grytsje dêr om nei it bern to sjen. Fuort dêrnei is it bern stoarn. Nou wie it dy frou net út 'e holle wei to praten dat âlde...
nl.verhalenbank.36806
Hie Willemke in bern bitsjoend dan gongen de lju altyd nei Wopke fan Kûkherne. Dan krigen se in drankje mei en dat dienen se dan yn 'e bûse. "Tink der om," sei Wopke, "as der dy aenst ien foarbykomt en dy fortinkst der fan dat hy (of sij) de tsjoenster is, dan mast dyselde foarbygean oan 'e oare kant as dêrst it drankje hast. Oars hat it syn kracht...
nl.verhalenbank.34552
Hjir skean oer de wei wenne âlde Willemke. Dat wie in tsjoenster. Wy moesten der jouns faek hinne om molke. Dan sei se: "in healmingelen molke of in mingelen molke." Hja hie 't hier noait útkjimd en seach der o sa raer út. Heit sei: "As se jim hwat jaen wol, dan matte jim altyd tinke: - Duvel, dû krigest my net!" Dy gedachte hienen wy altyd by ús, as wy...
nl.verhalenbank.34551
Der binne bern dy wurde mei de helm geboaren. Men mat der goed om tinke dat dy helm nei ûnderen ta ôflûkt wurdt. Wurdt er nei boven ta ôflûkt, oer de foarholle hinne, dan mat sa'n bern letter alles sjen.
nl.verhalenbank.36533
In frou út 'e Westerein hat ris in berntsje deatsjoend. Doe doarst hja net mear yn har eigen hûs to wêzen, sà lulk wie de famylje fan dat bern op har. In skoftlang hat se doe by oaren west. Dat bern hie èk krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.35944
As bern it himd achterstofoar oan hienen, seinen de minsken: der hat in tsjoenster by him west. Dat mienden se echt.
nl.verhalenbank.33673
As by ús de tsjerne bitsjoend wie, reizge mem nei greate Wopke ta. Dy joech guod mei, dat struiden se der dan yn. En dan rekke er wer oan 'e gong.
nl.verhalenbank.20785
Wy hienen hjir froeger allegear duveldrek, ûnder 'e drompels. As bern hienen wy duveldrek yn 'e klean. Dat wie allegear fanwege de bitsjoenderij.
nl.verhalenbank.20787
As in bern bitsjoend wie gongen se nei de duvelbander. Dat wie Ulke fan 't Wyldpaed of Jonge Jan fan 't Wytfean of Wopke fan Kûkherne. Se krigen in drankje foar 't bern mei. 't Mocht net yn 't ljocht en sy mochten it ek net oan ien sjen litte. Oars barstte it fleske of fleach de koark der ôf.
nl.verhalenbank.36866
Alde Thomas Clare wie kaertlizter. Ik ha 't ris meimakke, doe sieten der twa jonge froulju. Ik siet der flak by, mar sy koenen my net sjen. Mar ik koe alles hearre. "Dû hast in swarten," sei Klare, "dy loert op dy." "Nòch ien, dy wol der tusken." "D_ is wòl fortroud, d_ nèt." "Jimme krije èk hwat nijs, beide in nije fyts." Hja krigen beide in poppe.
nl.verhalenbank.25142