7,209 datasets found
Dutch Keywords: kind Narrator Gender: female Place of Narration: Harkema
Yn 'e tiid doe't ús beppe leefde, wie 't hjir allegear noch heide. Op in kear seach se in dikke njirre yn 'e heide. Sy krige de lodde en stuts de njirre dwarstroch. Doe die se de earmen oer inoar om der nei to sjen. Sy wie doe swier fan omke Germ. Doe't Germ geboaren woarde, hie dy it hiele teken fan 'e slange op 'e earms sitten.
nl.verhalenbank.16095
Op 't Surhústerfean is foar in pear jier noch in jonkje bitsjoend. Hy hie in krâns yn 't kessen. Dy krâns hat dêr foar 't glês lein. It bern hie hwat fan 'e tsjoenster yn krige, dêr't it fan bigoun wie to kwinen.
nl.verhalenbank.16086
De bern mochten net by 't wetter komme, hwant de sémearmin lokke har der yn. De mearminnen koenen prate. Sy namen de bern mei. De séhounen pakten de bern ek.
nl.verhalenbank.12345
Myn bern mochten noait op 'e Liuwepoel komme to riden. Dat woe 'k net lije. Hwant dêr soe ien yn fordrinke. Sy mochten ek net in read mûtske op ha. Hwant deselde dy't dêr fordrinke moest soe in read mûtske drage.
nl.verhalenbank.12344
Berntsjes, dy't har léguod net krigen hienen, kommen letter wer. Men moest dan de tange krije en dêr it léguod mei tarikke. It brânde dan by de tange omt ôf.
nl.verhalenbank.12322
As in bern lêst hat fan termynsetten dan mat men in levende dou iepensnije en dan fuort om 'e fuotsjes fan it bern hinne dwaen.
nl.verhalenbank.23917
Heit pleage ús froeger wol as wy der by joun op út moesten en wy wienen hwat brutael. Dan sei er: "Ast net om lyk wolste pakt it pleachbeest dy, hwant dat rint dêr en dêr."
nl.verhalenbank.29336
Pake Hindrik hat wol guon deatsjoend, ek wol dieren. Syn eigen bern wienen bang foar him. Hindrik-om hat altyd it himd achterstefoar oan hawn, dan koed er net bitsjoend wurde. Beppe wie ek bang foar him.
nl.verhalenbank.12370
Ik moest wol us nei âlde Frearke Vogel om turf. Dan krige ik duveldrek mei yn 'e bûse. Hwant it âld-wiif wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.22285
Der wie in widdou mei bern. Dat minske krige it sa earm, dat sy hie neat mear, dat se de bern jaen koe om to iten. Doe lei it minske in fjûr oan fan stiennen. Doe't de bern fregen, hwat se die, sei se: "Mem makket in fjûr fan stiennen en mem giet nou fuort en as dy stiennen forbrând binne, dan kom ik wer mei iten." Mar hja kom noait wer.
nl.verhalenbank.23533
Pake en dy krige de molke altyd fan âlde Tamme Syts. Syts wie in tsjoenster. It bern, dat fan 'e molke krige to drinken, woarde siik. Doe gongen se nei Wopke fan Kûkherne, de duvelbander. Wopke sei: "It bern mat gjin molke wer ha." Pake en dy dienen dat en 't bern woarde wer better. Mar Wopke sei ek: "As der joun in pod om 'e doar hinne strúnt, matte...
nl.verhalenbank.12328
Op in kear kom myn man op in joun let thús. Hy wie noch net troud. Doe seach er njonken har hûs yn 'e daem in kistje stean. Hy taestte der mei syn hân nei mar de hân gong der dwars trochhinne en doe wie it kistje ek wer fuort. Njonken myn man har folk wennen minsken, dy hienen in fremd famke yn 'e hûs, dat wie dêr bisteld. Dat hienen se dêr yn 'e kost....
nl.verhalenbank.23520
Achter 'Spimeta' yn 'e Bosk seach ús mem op in joun twa famkes mei skelkjes foar en huodtsjes op. Dy spûken dêr om.
nl.verhalenbank.23911
Us mem wie kreamheinster. As der in bern geboaren woarde mei in flues oer de holle, dan luts se dat der foaroer ôf. Die se it achteroer, dan moest dat bern letter alles sjen. Se seinen wol, dat de dokters graech sa'n helm ha woenen en dat se djûr wienen.
nl.verhalenbank.23522
As bern by de rogge kommen woarden se altyd warskôge: Pas op, kom der net yn, hwant dan pakt Antsje Pluk jimme. Antsje Pluk dy wennet yn 'e rogge.
nl.verhalenbank.15873
Alde Piters Antsje wie de beppe fan myn man. Dat wie in tsjoenster. Gradus en Wyts (dat wienen myn man syn âlden) soenen nei 't boulân ta. Doe bea âlde Antsje har oan, sy soe salang wol op lytse Antsje passe. Dat wie dus har bernsbern en namgenoat. 't Wie in suster fan myn man. It bern wie siik en skoanmem sei: "Jo matte der al even om tinke, dat it bern...
nl.verhalenbank.20703
Us mem en dy ha fan bern oan altyd lapkes mei duveldrek op 't boarst hawn en doe't wy noch fan dy bern wienen droegen wy dat ek. Dat wie der allinne om dat de tsjoensters ús net yn 'e macht krije koenen.
nl.verhalenbank.21390
Doe't Tet stoar wie se blau en slop. 't Wie in echte tsjoenster. Hja hie in dochter Joukje, dy hie har forstân net goed. Wy ha Joukje in kear bot op 'e hûd jown doe't wy fan 't wjudsterlân werom kommen. Omdat Tet ús bern bitsjoend hie. Mar doe kom Tet der oanfleanen. Sy wie razend en rôp: "'k Sil nei de plysje ta!"
nl.verhalenbank.23431
Us mem hat in min leven hawn by har skoanmem. Dy hat har hwat ôfpleage. 't Wie in hiele minnenien. Sy kom ek net yn tsjerke. En sy woe ús in forkearde opfoeding jaen. Se learde ús de falske 10 geboaden. Guon dêrfan wienen: Steelt eerdat gij gebrek krijgt. Doet valse getuigenis, opdat ge geld krijgt. Fóár har dea sei se: As ik kom to forstjerren, dan mei...
nl.verhalenbank.12358
Op 'e Fûgelkamp, seinen se altyd, dêr roan jouns in neaken berntsje om. "Dêr rint hwat," seinen se dan, "dêr net lâns gean."
nl.verhalenbank.22298