Beppe wie op in snein nei Surhuzum nei tsjerke ta mei guon fan 'e bern. Yn 'e Harkema wie doe noch gjin tsjerke. Mem moest thúsbliuwe en foar 't iten soargje. Sy gong wylst even nei de buorren ta, nei't se de doar op slot dien hie.
Doe't se wer thúskom wie de doar los en siet pake (de tsjoenster Hindrik Ophuis) op 'e stoel mei in panfol sop foar him.
Mem...
nl.verhalenbank.12318
Op in kear hienen myn skoanmem en dy to jounpraten west yn 'e Bosk hjir yn 'e Harkema. Sy wienen noch mar in eintsje op stap, doe kommen se in lykstaesje tsjin. 't Wie let op 'e joun. Skoanmem sei: "Dat kin wolris in bern fan Durk Jager wêze", hwant dy wenne dêr, en dat bern wie noait net rjocht goed. Letter gong Durk Jager dêr wei to wenjen, doe sei mem:...
nl.verhalenbank.25761
Der kom us in koopman by minsken yn 'e Hamsterheide. It bern fan dy minsken wie siik, en dêr waerd oer praet. De koopman ornearre, it bern koe wol us bitsjoend wêze. En sa praetten se in skoftlang oer tsjoenderije.
De koopman gong wer fuort. Hy gong de reed del en sa oer de bou. Dêr lei âlde Hindrik yn 'e tún (Hindrik Ophuis?) Alde Hindrik wie in...
nl.verhalenbank.17466
Janne Heabel har mem wie ek in tsjoenster. Op in nacht woarde har man wekker, doe lei der in pânse njonken him op bêd. Hy tocht: Hoe kin dit en hwer mei myn wiif wêze?
Hja wie der op út to tsjoenen.
Doe ha se har ûntmaskere. Hja hat in bern deatsjoend. Dêr hie hja dy nachts west.
De man stuts de pânse mei in mes dwarstroch. 't Wie allegear wetter. Doe't...
nl.verhalenbank.28664
Ik wie froeger in bulte by Ale Westra (= Aeltsje Schievink-Westra B65-14, 15, 16, 164) Dy har mem, âlde Ot dat wie in tsjoenster (Ale sèls giet der trouwens èk foar en har dochter èk). De minsken koenen har net bigripe hoe't ús mem it fortroude, dat ik kammeraetske wie mei Ale. Mar ús mem sei: "Der kin har noait hwat oerkomme, hwant sy hat in dûbelde...
nl.verhalenbank.21456
Myn âldste suster Janke hat ek bitsjoend west. Wy wennen yn Stiensgea doetiids en ik wie noch net geboaren. Janke wie noch mar in bern. Hja tsjirme. Hja woe net oanwinne en raesde altyd. Der wenne dêr in âlde bolkoerrinster, dy hie wakker de rin by ús. Dy woe altyd even by 't popke sjen. Dan kom se yn 'e hûs en nom Janke even yn 'e earms.
Heit bigong har...
nl.verhalenbank.32952
Beppe hat us nei âlde Tet op 'e Bulten ta west om hwat nije kop-en pantsjes. Dy hie Tet to keap. De bern seinen: "Tink der om, mem mat der neat opite!"
Mar beppe dronk der in bakje kofje op mei in grou klontsje der yn.
Mar doe't se thús wie mei har kop-en pantsjes, treau se dy ús mem gau ta en sei: "Hjir pak dit gau oan."
Tagelyk spuide se har hast it...
nl.verhalenbank.21457
In susterke fan my rekke net goed. Sy woarde al minder en minder. Op 't lêst wienen har lippen al hielendal blau en wy moesten se hyltyd wiet meitsje. It wie neat mear.
Doe sei Aukmoai op in kear: "Sille wy us foar har nei Rottefalle nei ús Hinke-moai." (Dat wie Frânse Hinke, de duvelbanster)
Doe dêr hinne. Hinke sei, it bern wie bitsjoend. Se joech mem...
nl.verhalenbank.21646
Tsjin 'e bern seinen wy: Net by de poel komme, hwant dan pakt de healkoe jimme.
nl.verhalenbank.15871
Twa bruorren: Piter en Knjillis Alma fan 'e Harkema hienen ris op in nacht to murdzjen west. De hounen hienen se by har. Dy hounen hienen foet hawn fan in murd. Dy hounen wienen jammerjend wer op har ynkom, sa bang hienen se west.
Doe hienen Piter en Knjillis sein: "Hwat mankeart dy hounen?"
Sy waerden sels ek in bytsje bang.
Doe sei de iene: "Sjoch dêr...
nl.verhalenbank.29352
Heit syn omke en dy wennen tichte by heit en dy. Sy wennen der sahwat njonken. In bern fan omke wie bitsjoend.
Heit syn omke rekke doe op redens nei Kûkherne ta nei greate Wopke. Doe't er dêr kom joech Wopke him in drankje mei. Wopke sei: "Nou mast der al om tinke. Ast op 'e rûmte biste, komt der aenst in swarte kat by dy. Dy hat it op 'e drank forsjoen....
nl.verhalenbank.29353
Greate Egbert fan 'e Harkema hat my ris forteld:
"Ik hie bargen yn 't hok. Doe kom Hindrik Pyk (= H. Ophuis) der by. Dat wie in tsjoenster. Dy gong mei de hân oer de bargen hinne. In dei letter wienen de bargen dea. Ik ha se de hounen foarsmiten, mar dy woenen der net fan frette."
Syn eigen jonges wienen bang foar him. Hy hie twa soannen: Piter en Willem....
nl.verhalenbank.28501
Knjillis Det (= Detsje de Haan, frou fan Knjillis Alma) wie yn har jonge jierren in raren. Yn 't earst fan har trouwen gong 't dêr altyd op in kaertspyljen en in sûpen. Dan die Det dapper mei. Mar doe't se in bern ha moest, krige se in famke, dat hie allegear skoppens en azen en klavers om 't gesicht. It wie wol sa'n raer berntsje; ús mem hat der hinne...
nl.verhalenbank.29379
Dêr binne ek wol neakene berntsjes achter by de dobbe sjoen woarn. Dy boarten dêr om. Dy berntsjes wienen dêr formoarde woarn en doe koenen se de rêst net fine. As de minsken dy berntsjes dêr seagen, dan naeiden se út.
nl.verhalenbank.20676
In frou hjir fan 'e Harkema fortelde: "Op in kear kom der in frommes by my mei de sinteklazekoer. Ik moest de bern hwat jaen, sei se. Ik fortroude it net, hwant it minske gong foar in tsjoenster troch, mar ik die 't al. 'k Hie twa bern, 'k joech se elk hwat dat ik fan it minske kocht hie.
Dêr hienen jy 't letter al, 't iene bern wie bitsjoend.
Doe ha 'k...
nl.verhalenbank.25724
Ik slepte as jonge by myn âlde beppe. Har âld man wie stoarn. Doe sei se op in kear tsjin my: "Sjoch, dêr rint in geitsje oer de flier mei in lang ketting om." Ik lei al op bêd. Ik sei: "Ik sjoch neat, beppe."
"Hearst it ketting dan ek net?" sei beppe.
"Né", sei 'k.
"Sjoch dan," sei se, "dêr rint it hinne."
Doe sei se: "Ik ha in lykstaesje sjoen yn 't...
nl.verhalenbank.19546
Myn âlde omke Lammert, doe't dat noch in jonge wie fan sa'n jier of fjirtsjin, gong er wol us nei âlde Ot ta.
Op in kear, doe hie Ot him hwat jown. Doe't er thús wie, krige er in ôfgryslike pine.
Doe sei beppe: "Der kom nyskes ek hwat oanroljen." Doe't omke Lammert dat hearde, hied er hyltyd it eech op it iene glês.
Pake gong der út. Hy sei: "De earste...
nl.verhalenbank.21386
Mei brea mei men net grieme. Dat is sûnde, hwant brea is heilich. Bern meije gjin roggeieren plukke, hwant Antsje Pluk sit yn 'e rogge. De bern meije ek gjin reade en blauwe roggeblommen plukke, hwant dat binne Antsje Pluk har blommen.
nl.verhalenbank.15635
Doe't ús mem in famke wie, hearde se bern sjongen en sy seach ek ljochtsjes. Sy rôp beppe der by en sei: "Mat mem hjir us sjen, sa'n moai ljocht is dêr." Sy hearde dúdlik it getrappel fan berneklompkes en dat der sein woarde: "Jullie moeten stil zitten."
Yn werklikheit wie der doe neat. Mar letter hat âlde Warmolts op dat plak in lyts tsjerkje bouwe...
nl.verhalenbank.21222
Gerke van der Veen fan 'e Harkema soe nei Droegeham ta. Underweis seach er oan in âlde sânwei by in lyts arbeidershúske oerside. Doe seach er dêr in kistje stean op 'e strjitte.
Letter forlearen de minsken, dy't dêr wennen, in bern. Doe kaem dat kistje dêr to stean, dat hy fantofoaren al sjoen hie.
nl.verhalenbank.17548