3,106 datasets found
Dutch Keywords: kind Place of Narration: Harkema
Achter 'Spimeta' yn 'e Bosk seach ús mem op in joun twa famkes mei skelkjes foar en huodtsjes op. Dy spûken dêr om.
nl.verhalenbank.23911
It sechje giet, dat der yn 'e Liuwepoel to Harkema in bern fordrinke sil mei read hier en in brún jakje oan. Ien hat dit as foartsjirmerije sjoen.
nl.verhalenbank.15521
Us mem wie kreamheinster. As der in bern geboaren woarde mei in flues oer de holle, dan luts se dat der foaroer ôf. Die se it achteroer, dan moest dat bern letter alles sjen. Se seinen wol, dat de dokters graech sa'n helm ha woenen en dat se djûr wienen.
nl.verhalenbank.23522
Op Driemunt hâldde froeger in wearwolf ta. It wie in soart duvel. Hy is ûnderskate kearen sjoen woarn. Us mem sei: "Pas op, jonges, as de wearwolf jimme net to pakken krijt."
nl.verhalenbank.17526
Se hienen hjir froeger allegear duveldrek ûnder 'e drompels fanwege de tsjoensters. En de bern hienen 't yn pûdtsjes op 't boarst.
nl.verhalenbank.25783
As bern by de rogge kommen woarden se altyd warskôge: Pas op, kom der net yn, hwant dan pakt Antsje Pluk jimme. Antsje Pluk dy wennet yn 'e rogge.
nl.verhalenbank.15873
Alde Piters Antsje wie de beppe fan myn man. Dat wie in tsjoenster. Gradus en Wyts (dat wienen myn man syn âlden) soenen nei 't boulân ta. Doe bea âlde Antsje har oan, sy soe salang wol op lytse Antsje passe. Dat wie dus har bernsbern en namgenoat. 't Wie in suster fan myn man. It bern wie siik en skoanmem sei: "Jo matte der al even om tinke, dat it bern...
nl.verhalenbank.20703
Us mem en dy ha fan bern oan altyd lapkes mei duveldrek op 't boarst hawn en doe't wy noch fan dy bern wienen droegen wy dat ek. Dat wie der allinne om dat de tsjoensters ús net yn 'e macht krije koenen.
nl.verhalenbank.21390
Hindrik Pyk (= H. Ophuis) kom faek by beppe en dy. Beppe hie dêr in great hekel oan, mar sy doarst der neat fan to sizzen. Sy hienen doe in poppe. Doe sei er op in kear, hy woe de poppe graech sjen. Doe't dat gebeurde bigong it bern to razen, sadra hy fuort wie. Sy koenen de poppe noait stil krije. Dy raesde mar troch. 't Wie in susterke fan mem. Doe...
nl.verhalenbank.33408
Doe't Tet stoar wie se blau en slop. 't Wie in echte tsjoenster. Hja hie in dochter Joukje, dy hie har forstân net goed. Wy ha Joukje in kear bot op 'e hûd jown doe't wy fan 't wjudsterlân werom kommen. Omdat Tet ús bern bitsjoend hie. Mar doe kom Tet der oanfleanen. Sy wie razend en rôp: "'k Sil nei de plysje ta!"
nl.verhalenbank.23431
Knjillis- en Piter Alma wennen yn 'e Harkema. It wienen bruorren en sy gongen faek togearre der op út to murdejeijen. Op in joun wienen se wer op stap. Doe seagen se twa bern boven op 'e dyk, dy hienen oars neat oan as in wyt himdtsje. Knjillis en Piter moesten dêr lâns, mar sy koenen net fierder komme. Doe woarden se sa binaud, dat sy binne hurd útnaeid....
nl.verhalenbank.19553
Klaes Schievink hie in bern, dat rekke bitsjoend. Doe gong er mei de boerewein nei de duvelbander ta. Doe't hy dêr kom, sei de duvelbander: "Ik wyt wol krekt hwat der by dy oan 'e hân is. Hjir hast in flesfol drank mei. Mar pas op, der komt earst in ding oan, dy springt by dy op 'e wein en dy hat it op 'e flesse bigrepen. Lit dat ding de flesse net brekke...
nl.verhalenbank.25725
Myn wiif soe in lytsen ha. Ik moest de froedfrou ophelje fan Surhústerfean. It wie yn 'e nacht. Doe seach ik by 't tsjerkhôf in keardel stean. Ik seach wol dat dat net doogde. Ik sei navend, mar hy sei neat werom. Doe't ik der op 'e weromreis mei de froedfrou lâns kom, stie er dêr noch. De froedfrou seach it ek. Wy ornearren dat it de kweade wie. De...
nl.verhalenbank.27293
Us mem hat in min leven hawn by har skoanmem. Dy hat har hwat ôfpleage. 't Wie in hiele minnenien. Sy kom ek net yn tsjerke. En sy woe ús in forkearde opfoeding jaen. Se learde ús de falske 10 geboaden. Guon dêrfan wienen: Steelt eerdat gij gebrek krijgt. Doet valse getuigenis, opdat ge geld krijgt. Fóár har dea sei se: As ik kom to forstjerren, dan mei...
nl.verhalenbank.12358
Us heit wie timmerman. Wy wennen yn Grinzer Pein. Der roannen paedtsjes skean troch de heide hinne. Op in kear wie der in bern stoarn op 'e heide. Heit moest de kiste meitsje. Heit en ik gongen togearre mei de kiste op stap. Heit droech de kiste ûnder 'e earm. Ik wie doe sahwat tsien jier. Wy gongen skean oer de heide. In stikje dêrfan wie oanmakke. Dêr...
nl.verhalenbank.25522
Myn skoanmem wie us yn 'e buert fan 'e staetsskoalle. 't Wie op in joun. Doe seach se twa neakene berntsjes. Doe woarde se in hiel ein oan kant smiten. Dy berntsjes koenen de rêst net fine. Dy moesten dêr lâns. Myn skoanmem moest rûmte jaen. Dy berntsjes hienen gjin leedguod meikrige.
nl.verhalenbank.26229
Alle Tet wie hjir de tsjoenster. Wy setten as bern mei de klomp in krús yn 't sân as Tet der oan kom. Dêr koe se net oerhinne komme, seinen se. Doe't Tet goed en wol dea wie, bleau se sa slop as in flarde. Dêr koe men oan wite dat it in tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.21140
Us mem hearde ris op in jountiid ien by de doar. Doe seach se dat der twa man ynkommen. Sy seach hiel dúdlik dat dy in baerke delsetten rjocht tsjin 'e muorre oan, hjir yn 'e keamer. Hja siet yn 't hoekje fan 'e keamer. Sy woarde sa bleek as in doek. It swit bruts har út, sa binaud woarde se. Even letter wie alles wer fuort. In pear wiken dêrnei kommen...
nl.verhalenbank.25736
Tsjoensters hellen altyd de bern by har. Hwa fan dy bern it swakste wie, dat woarde bitsjoend. Sy moesten de bern hwat jaen, oars koenen se har net yn har macht krije.
nl.verhalenbank.25722
Op 'e Fûgelkamp, seinen se altyd, dêr roan jouns in neaken berntsje om. "Dêr rint hwat," seinen se dan, "dêr net lâns gean."
nl.verhalenbank.22298