Heit pleage ús froeger wol as wy der by joun op út moesten en wy wienen hwat brutael. Dan sei er: "Ast net om lyk wolste pakt it pleachbeest dy, hwant dat rint dêr en dêr."
nl.verhalenbank.29336
Pake Hindrik hat wol guon deatsjoend, ek wol dieren. Syn eigen bern wienen bang foar him.
Hindrik-om hat altyd it himd achterstefoar oan hawn, dan koed er net bitsjoend wurde. Beppe wie ek bang foar him.
nl.verhalenbank.12370
Wy hienen in bern, dat wie altyd fortrietlik. It hie lêst, koe men wol sjen. Doe joech skoanmem ús de rie, wy moesten in stikje duveldrek ûnder 'e drompel lizze en it bern in stikje duveldrek op 't boarst binaeije.
nl.verhalenbank.19360
Ik moest wol us nei âlde Frearke Vogel om turf. Dan krige ik duveldrek mei yn 'e bûse. Hwant it âld-wiif wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.22285
Yn it kampke lân by de greate beam yn 'e Harkema dêr hat in great hûs stien. Dêr hawwe bern west yn dat hûs, dy ha har rêst net krige. Dy spoeken dêr letter om.
nl.verhalenbank.27417
By termynsetten mat it bern by in fremden op 'e skoat.
nl.verhalenbank.15667
In faem yn 'e Hamsterheide siet altyd by it jongfolk to kaertspyljen. Doe't hja in bern krige, hie dat krekt de gelikenis fan hartenhear. Hja liken op inoar as twa drippen wetter.
nl.verhalenbank.17464
Der wie in widdou mei bern. Dat minske krige it sa earm, dat sy hie neat mear, dat se de bern jaen koe om to iten. Doe lei it minske in fjûr oan fan stiennen. Doe't de bern fregen, hwat se die, sei se: "Mem makket in fjûr fan stiennen en mem giet nou fuort en as dy stiennen forbrând binne, dan kom ik wer mei iten."
Mar hja kom noait wer.
nl.verhalenbank.23533
Pake en dy krige de molke altyd fan âlde Tamme Syts. Syts wie in tsjoenster. It bern, dat fan 'e molke krige to drinken, woarde siik. Doe gongen se nei Wopke fan Kûkherne, de duvelbander. Wopke sei: "It bern mat gjin molke wer ha." Pake en dy dienen dat en 't bern woarde wer better. Mar Wopke sei ek: "As der joun in pod om 'e doar hinne strúnt, matte...
nl.verhalenbank.12328
Alde Knjillis Ael kocht us in bêd by in boer yn 'e Ham, dy hienen in bern hawn, dat wie deatsjoend. Yn dat bêd sieten de krânsen noch. Dy krânsen koe men foar in dûbeltsje by Knjillis Ael sjen.
nl.verhalenbank.19527
Janne Met wenne op Readskuorre. Hja hat in dochter hawn, dy hiet fan Frouk. Dat bern woarde ôfgryslike min bihandele. Sy iet by de bargen krekt as de Verloren Zoon. Hja is dan ek stoarn. Mar doe't se goed en wol dea wie, stie se op in joun samar by de tafel. Dat is faker as ienkear gebeurd.
nl.verhalenbank.20952
Doe't myn wiif noch in bern wie gong Sweitse Kim mei krânsen bilans, dy't er út in fearren bêd helle hie. Dêr slepte syn bern op, dat hie bitsjoend west. It wienen twa krânsen. Hienen der trije west, dan hie it bern it net oerlibbe.
nl.verhalenbank.21133
Der wie in bern yn 'e Harkema siik. Muoike wie dêr baekster. Elke dei kom der in âld wiif. Doe dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. 't Ald-wiif sei: "Ik sjoch it wol, jimme wolle my der net yn ha." Hja koe der net yn komme. It bern is better woarn.
nl.verhalenbank.21247
In susterke fan my hat bitsjoend west. It wie ús Sjouk. It wie yn 1893. Doe hat ús heit nei Kûkherne ta west, nei de duvelbander. To foet roan er dêr hinne. De duvelbander hat doe in ried jown en ús Sjouk is wer better woarn.
nl.verhalenbank.21134
Alde Hindrik Ophús (Pyl) koe tsjoene.
Myn susterke wie noch in poppe en slim siik.
Hindrik kom by ús en sei tsjin mem: "Hoe giet it mei 't popke, Truike?"
"Dat sil 'k dy, âlde duvel, sizze", sei mem.
Hja raemde de tange en sloech him dêrmei, oer de bealch.
De oare moarns sette heit nei greate Wopke ta.
Mar om trije ûre de moarns al stie Hindrik Pyl by...
nl.verhalenbank.21242
Hjir dwarsoer wenne in âld man: Hindrik Ophuis. Dat wie in tsjoenster. Dêr wienen se allegear binaud foar. Hy bitsjoende net allinne de bern, mar ek it fé. Hy hie 't foaral op bargen gemunt.
Hjir wenne in lyts boerke. Dy hie altyd bargen yn 't hok. Dy kocht er as biggen op Eastemarre merke.
De âld man (H. Ophuis) kom altomets wolris by him, mar hy paste...
nl.verhalenbank.33646
Us mem wie yn forwachting, sy moest in lytsen ha.
Wy hienen in lyts dykje achter hûs. Dêr kom alle dagen in houn boven op en dy spûkgûlde mar.
"O heden," sei mem, "dit komt net goed. Jij dû dy houn dêr us wei", sei se dan tsjin my.
Doe't it bern der kom stoar it fuort dêrnei.
nl.verhalenbank.27418
Wie der ien bitsjoend, dan founen [se] faek in krâns yn 't holkessen. Dy krâns moesten se forbrânne. As se dat dien hienen, dan kom de tsjoenster net wer.
Sy gongen meastal foar it bern nei de duvelbander ta. Dat wie yndertiid Wopke fan Kûkherne. Dy joech in drankje mei en joech oanwizings foar it bitsjoende bern.
nl.verhalenbank.25780
Se pielden froeger in bulte mei duveldrek om feilich to wêzen tsjin tsjoenderij. Se hienen it oeral ûnder 'e drompels. De bern hienen it ek yn in pûdtsje op 't boarst. Ik wyt noch wol, dat ik as jonge mei oare jonges simmers nei de Liuwe-poel ta gong to baeijen. Dy jonges hienen allegear ûnder 'e klean in bantsje om 'e hals, dêr't in pûdtsje mei duveldrek...
nl.verhalenbank.33647
Op in kear kom myn man op in joun let thús. Hy wie noch net troud. Doe seach er njonken har hûs yn 'e daem in kistje stean. Hy taestte der mei syn hân nei mar de hân gong der dwars trochhinne en doe wie it kistje ek wer fuort.
Njonken myn man har folk wennen minsken, dy hienen in fremd famke yn 'e hûs, dat wie dêr bisteld. Dat hienen se dêr yn 'e kost....
nl.verhalenbank.23520