Der wie us in feint, dêr kom yn 'e nacht in nachtmerje by. Doe krige er har to pakken. Sy wie fangd. It wie och sa'n moaije faem. Hy hâldde har by him en hy troude mei har. Sy krigen ien bern togearre.
Hja wie troch in stikken gleske yn 't bûthús yn kom en dat hie de feint fuort meitsje litten. Dêrtroch koe se der net wer útkomme, hwant nachtmerjes matte...
nl.verhalenbank.20577
As Durke Hylk der oan kaem, setten wy as bern gau mei de klomp in krús op 't paed, dan koe se ús neat dwaen.
nl.verhalenbank.19337
Ael hat ek in jonkje bitsjoend, dat wenne in hiel ein fan har ôf. Sy liende dêr by dy lju in sek, dy't se brûke moest, sei se om in pear beantsjes to terskjen. Mar sa'n sek hie se wol tichterby krije kind. Dêr hoefde se sa'n ein net om fuort.
It bern is deagong.
nl.verhalenbank.21079
Yn Twizelerheide, tichte by ús mem en dy, wenne in tsjoenster. As bern mochten wy net in muntsje fan 't minske oannimme. Dat woe mem net lije. Hja hat faek bern bitsjoend.
Dan gongen se mei 't mûtske fan 't bern nei de duvelbander ta. Dat wie nei 't Wytfean, nei Jonge Jan of nei Kûkherne, nei greate Wopke. Wopke joech altyd in fleske mei guod mei. Dan sei...
nl.verhalenbank.36528
Hjir yn 'e Westerein hat yndertiid de blau-mûzel gien (een soort mazelen). Doe stoaren der in hiele bult. Der wie ûnder mear in húshâlding mei fiif bern, dêr foelen fjouwer by wei. It wienen allegear bigraffenissen, dei oan dei. Alde Knjillis (= Bontsje Keke; Veenstra) hat dat allegear fan tofoaren sjoen. Hy sei: "Hjir gebeurt aenst raer hwat, ik koe net...
nl.verhalenbank.36514
Omke hie in dochter, dat wie noch in lyts famke, doe krige se in ûngelok en doe hie se in gat yn 'e holle. Doe teppe omke in bosk gers ôf en dat treau er yn dat gat. Doe hâldde it blieden op en it famke wie gau wer klear.
nl.verhalenbank.34600
Minne Ael wie ek in tsjoenster. Dy foroare har yn in kat. Hja hat har eigen dochters bern bitsjoend. Dy wennen yn 'e Kule.
As de minsken in fremde kat seagen, seinen se: "Minne Ael is der wer op út to tsjoenen."
De tsjoensters forgaderen meielkoar as se har yn katten foroare hienen. Dan gong it drok op in psalmsjongen. Dat gebeurde meastal op in stik lân....
nl.verhalenbank.36822
Myn kammeraetske har broer wenne flakby Minne Brecht. 't Earste jonkje dat se krigen, woarde siik en it stoar. Doe't it dea wie, bleau it slop, it waerd net stiif. Dat wie 't biwiis dat it bitsjoend wie.
nl.verhalenbank.30076
It is sa'n tachtich jier lyn, wy wienen noch fan dy bern. Doe wienen der noch sânloanen yn 'e Westerein en hjir en dêr stie in húske. Wy wennen oan in donkere loane.
Us heit fortelde, hy wie ris op in nacht dy loane lâns kaem, doe wie er oan kant skoud woarn. In hiel ein, sûnder dat er hwat seach. Dêr hat in lykstaesje west dy't dêr lâns kaem, mar heit...
nl.verhalenbank.38388
1.
Mijn woonplaats is jaren lang geloofd aan spoken en heksen en veel meer soorten bijgeloof. Mijn moeder was er niet vrij van en verschillende tantes evenmin. In mijn jeugd kon ik zo zeven vrouwen noemen, die de naam van tovenaar hadden.
Onschuldig kwamen die vrouwtjes er aan. Zo heeft er een aan een kind een appel gegeven; dat kind komt thuis en wordt...
nl.verhalenbank.46284
Us beppe hat in bern forlern, dat bitsjoend wie. Dat bern hie èk in krâns yn 't bêd. Doe't it noch leefde gongen se nei greate Wopke ta om medesinen. Dat wie de duvelbander. Wopke joech in drankje mei. Dêr moest tige op past wurde. As der ien passearde moest it drankje oan dy kant dêr't dyselde net foarbyroun. Oars knapte it. En thús moest it yn 't...
nl.verhalenbank.36824
In frou út 'e Westerein hat ris sein, der soe mei gauwens in berntsje yn 'e Swemmer fordrinke. Hja hie it sjoen. Dat is doe ek koarte tiid dêrnei gebeurd.
nl.verhalenbank.36429
Fan in tsjoenster mat men noait hwat opite, hwant dan kriget men in pod yn 't liif.
Karste Lamke hie turf to keap. Dêr moesten wy as bern sa nou en dan hinne om turf. Dan krigen wy in apel fan har. Mar dy mochten wy net heal fan ús mem en dy opite, hwant Lamke wie in gefaerlike tsjoenster. As men der sa yn biet kaem 't forkeard. As men earst it mes der yn...
nl.verhalenbank.30083
By Albert Dykstra oan 'e feart rekke in bern siik. It wie bitsjoend en gong dea. De tsjoenster wenne flak njonken har; 't wie âlde Hiltsje.
Twa jier letter rekke der wer in bern siik by Albert Dykstra. Dat bern wie èk bitsjoend. Mar nou namen se maetregels. It bêd waerd iepensnien. Der kamen twa krânsen út. Doe gongen se nei de duvelbander ta.
Dy wenne yn...
nl.verhalenbank.36425
Wy wennen oan 'e Achterwei. Us mem hie in greate húshâlding mei in keppel bern. De manlju wienen deis yn 't fjild mei handel en dan fortsjinne mem der hwat by mei naeijen. Mem naeide faek foar in oar en dat gong soms ta de nacht út.
Op in kear, doe wie 't yn 'e nacht sahwat om ien ûre. Mem wie ophâlden mei naeijen en seach even yn 't waer. Hja hong in...
nl.verhalenbank.34556
De bern droegen in pûdtsje mei duveldrek om 'e hals op it boarst en hienen 't ek wol yn 'e bûse om feilich to wêzen foar tsjoensters.
nl.verhalenbank.36547
Tichte by ús wenne in tsjoenster, doe wienen wy noch lytse bern. Op in kear kom se by ús yn 'e hûs, doe wienen allinne myn susterke en myn broerke yn 'e keamer. Earst seach hja boven oer de doar hinne - hja woe witte hwa't der yn 'e keamer wienen. Doe kom se der yn. Der stienen allegear kopkes en pantsjes op 'e tafel. Doe krige se de tafel beet en dy...
nl.verhalenbank.33827
Doe't myn dochter diftery hie, sei âlde Tsjits: "Jimme matte in fûgelnestje ophelje en dat matte jimme yn 'e molke siede. Dat mat it bern om 'e hals ha."
nl.verhalenbank.33758
Wie in bern bitsjoend dan seagen se it kessen nei. Kaem dêr in krâns út, dan gongen se nei de duvelbander ta om in drankje.
nl.verhalenbank.36423
Myn man Ringer fortelde, syn mem en hy hienen syn suster us nei Kûkherne ta brocht, dêr't se tsjinne. Sy wienen oer in planke gong oer 't wetter en sa troch 't lân oan in reed ta.
't Wie let yn 'e joun.
"Hark, dêr binne noch guon", sei heit.
"Ja," sei syn mem, "in hiele keppel."
Hja gongen dy kant út, dêr't se de stemmen weikommen hearden. Doe seagen se...
nl.verhalenbank.20732