Om de tsjoenster net yn 'e hûs to krijen, leinen se duveldrek ûnder 'e drompel. Se leinen 't ek ûnder 't kessen fan 't bern en de bern droegen 't ek wol yn in pûdtsje op 't boarst.
nl.verhalenbank.37772
Op 'e hoeke fan 'e Skjippedrifte en 'e Boskwei (krekt ûnder Droegeham) wennen Fokke en Saekje. Dy gongen dêr wei en doe kom it hûs gâns in set leech to stean. Op in kear kom ús mem dêr lâns. Doe hearde se yn dat lege hûs dúdlik bern razen. En dochs wie der op dat stuit net ien yn.
Mem sei: "Hjir komt in húshâlding mei bern yn." En 't wie ek sa. Ridlik gau...
nl.verhalenbank.28083
Yn 'e Harkema binne yn 'e Bosk fjouwer berntsjes yn in hûs forbrând. Sûnt spûkje dy berntsjes dêr altyd om.
nl.verhalenbank.28280
Achter de iepenbiere skoalle op 'e Boelensloane is de Popkepoel. Dêr hearden se nachts faek it lûd fan in lyts bern út kommen. Dêr soe altyd in bern yn fordrinke, wie de hiting. Mar der is oan diz tiid ta noait ien yn fordronken.
nl.verhalenbank.17662
Tichte by Nyegea ha in heit en soan twa âlde minsken formoarde. De soan hie by de minsken as feint wenne. It bloed dat der op 'e muorre kom, ha se der noait wer wei krije kind.
nl.verhalenbank.19307
Wy ha us in bern siik hawn, doe lieten wy Piter komme.
It earste dat Piter frege wie: "Ha der ek forkearde egen oer him gong?"
nl.verhalenbank.24455
De tsjoensters dy't hjir tahâlden hienen popkes. Dêr stutsen se nuddels yn. De popkes stelden bern foar. Dy bern woarden dan bitsjoend.
nl.verhalenbank.21896
Froeger lei hjir yn 'e Loane in greate stien; dêr kommen de poppen ûnder wei, seinen se.
nl.verhalenbank.28132
It is nou krekt seis en tritich jier lyn. Wy wennen yn Koatstertille. Myn wiif koe dy nachts net sliepe. Sy sei: "Der rint hyltyd ien om hûs hinne. Krekt as rint dyselde hoasfuotling." Hja hat de hiele nacht net slept.
Om fjouwer ûre yn 'e moarn kom har broer by ús. Hy sei: "Us Tryn en dy's jonkje is fannacht oerriden woarn troch in molkwein." 't Gebeurde...
nl.verhalenbank.28330
Myn skoanmem wie in gelovich minske dy't alhielendal net bygelovich wie. 't Wie us op in kear yn 'e hearst. Op in joun. Skoanheit wie der op út. Skoanmem gong út 'e keamer wei troch 't gonkje. De achterdoar wie fêst, op 'e skoattel.
Doe kommen der twa mannen yn 't swart troch de tichte doar en dy brochten hwat yn 'e loads. Dat setten se oan 'e kant del....
nl.verhalenbank.28329
Alde Rikele Myt fan 'e Skieding wie in echte tsjoenster.
In suster fan ús heit hie in bern oerwoun. Dat bern bleau by pake en beppe yn 'e hûs. Op in kear wie beppe to praten by Rikele Myt. Hja naem it bern mei. It bern wie de oare deis sa siik as in houn. It is net wer better woarn, 't is stoarn. Alde Myt hie 't bern deatsjoend.
nl.verhalenbank.37779
Antsje dat wie in nicht fan my. Dy hie op in joun om molke west nei Taeke-om yn 'e Houtigehage. Doe't se wer nei hûs ta gong, doe seach se hwat ûnderweis. 't Wie in lyts berntsje, dat kaem ûnder in grouwe spjirrebeam wei. Dat berntsje, dat hienen lju dêr stil bigroeven, dy't it kwyt woenen. Dêrtroch hie dat berntsje gjin rêst.
nl.verhalenbank.17657
Knjillis Det, dat wie myn muoike. Dy wie alle jounen oan 't kaerten. Mei de flesse drank op 'e tafel. Sy siet mei de manlju to kaerten, dan woarde it wol ien en twa ûre yn 'e nacht. Dat die se ek, foardat se bifalle moest. Mar dêr is se foar straft woarn. De bern, dy't se krige hienen allegear de spylkaerten op 't boarst. 'k Ha 't sels sjoen. As wienen se...
nl.verhalenbank.23938
Oan 'e kant fan 'e Blaudobbe yn 'e Houtigehage binne troch minsken twa famkes sjoen mei reade skelkjes foar. Dy minsken wienen bang, dat dat op foartjirmerij tsjutte, hwant yn werklikheit wienen dy famkes der net. De lju pasten op, dat har bern net to ticht by de Blaudobbe kamen.
nl.verhalenbank.17636
Us heit hie in suster, dy wie bitsjoend. Jouns kom der by heit en dy in grouwe houn foar 't finster. Dy sette syn poaten yn 't finsterbank en seach ta 't finster yn. Doe hat pake dan nei de duvelbander ta west.
Ik wyt net mear hwa't dat wie, mar ik ornearje fan Frânse Hinke fan 'e Rottefalle.
"Soa, binne jo dêr al?" sei se. "Jo woenen hjir oars noait...
nl.verhalenbank.17584
As se in apel of sa fan Myt krigen, dy smiten se wer fuort. Hwant as se dy opieten krigen se in pod yn 't liif, seinen se.
Tsjoensters makken krânsen yn 'e kessens. En sy stutsen it bern mei spjelden, dat dienen se dan thús.
Hie it bern trije krânsen yn 't kessen, dan gong it dea.
nl.verhalenbank.37846
Datselde âlde minske hie in dochter, dy koe èk tsjoene.
Op in moarntiid bitiid hat ien sjoen dat de mem mei de dochter om in beam hinne oan 't tikkerboartsjen wie.
nl.verhalenbank.25661
Ik wie noch in lyts bern, mar heit hat wolris forteld hoe't it gien wie. Om tolve ûre nachts bigong ik altyd to gûlen. Doe seinen de minsken tsjin heit: "Soe 't jonkje ek bitsjoend wêze?"
Sy hellen op in joun it kessen fan 't bêd, dêr't ik op slepte.
Dat makken se iepen en doe founen se dêr in krânske fan fearren yn. Dat ha se yn 'e hûs opbrând. Nei dy...
nl.verhalenbank.27600
Ik wie in jonkje fan sa'n fjouwer jier. Ik gong noch net net skoalle. Heit wie faek yn Dútslân oan 't wurk. Dan slepte ik by ús mem yn 'e lege weech.
Op in nacht moest ik der ôf to pisjen. Doe seach ik in pear keardels by ús yn 'e hûs, dy setten in bakje yn 'e hoeke del.
Ik woarde sa binaud, dat ik doarst net út bêd.
Letter stoar der ien fan myn...
nl.verhalenbank.28080
Us mem wie in lyts famke fan sa'n fjouwer jier. Sy wennen achterút. Op in kear krige se in apel fan Rikele Myt. Doe't se dy op hie krige se pine yn it liif. Har mem hie fuort yn 'e gaten dat se troch Myt bitsjoend wie. Sy gong nei Myt ta en sei: "Dû hast myn bern siik makke, nou mast it wer better meitsje."
"As ik it dan dien ha," sei Myt, "goed, dan doch...
nl.verhalenbank.28326