By ús oer de wei wennen lju dy hienen in berntsje, dat sukkele altiten. It bern sliepte op in fearren kessen. Doe ha se yn dat kessen sjoen en doe sieten dêr in pear krânsen yn. Yn dy krânsen sieten allerhande soarten jern. Jern, dat se dageliks brûkten. Allerhande kleuren. In winkelfrou, dy't jern to keap hie, krige de skuld der fan. Dy hie 't bern...
nl.verhalenbank.20521
Yn 'e Bosk yn 'e Harkema wenne Hindrik Wielpstra yn in hûs, dat is der nou ôf. Hindrik syn bern wie net goed. Sy founen krânsen yn 't kessen. Doe wisten se dat it bern bitsjoend wie. Doe gong Hindrik nei greate Wopke ta yn Kûkherne. Wopke joech him in drank mei. Dy die Hindrik yn 'e bûse.
Mar op 'e weromreis, al tichte by hûs sprong him in lyts hountsje...
nl.verhalenbank.22334
Mar Oene Krop wie ek in greate tsjoender. De minsken doarsten him net yn 'e hûs to litten en net by it fé. Hy makke se samar siik.
Myn broer wenne yn Ljouwert. Hy hie in jonkje, dat wie altyd siik en gammel. It wie noait fleurich lyk as oare bern. It siet echt yn 'e pogge. It woe net boartsje en it wie mear dea as levend.
Doe kom dêr ris in swager fan...
nl.verhalenbank.38152
As in bern siik waerd, froeger dan wie 't faek it gefal dat sa'n bern bitsjoend wie. Yn Jistrum wyt ik fan in gefal doe hellen se dêr in duvelbander by. Dat wie Piter Poes fan Sumarreheide. Dy kom op 'e hounekarre, en dan ried er sa hurd de sânreden del, dat it sân stoude der nei. Sa ha se my forteld. It kessen fan 't sike bern toarnden se iepen. Dan...
nl.verhalenbank.31189
Alde Bontsje Knjillis (Veenstra?) moest ek alles sjen. Tije Sjoeke hat fjouwer berntsjes forlern: trije berntsjes tagelyk en ien in wike letter. Dy stoaren oan 'e blauwe mûzels. Knjillis hie 't allegear fan tofoaren al sjoen.
Heit bargeslachte by 't hjerst by him.
Op in nacht, doe moest er wer hwat sjen. Mar doe tocht er "Ik bliuw lizzen." Hwant hy seach...
nl.verhalenbank.20912
Dese Reusen nu zijn doorgaens gheweest grouwelijcke/ brutale/ wreede/ onkuysche/ en heyloose menschen; met hare eygene Moeders/ Susters en Dochters hebbense/ sonder eenige schaemte/ bloetschande bedreven. Met de vervloeckte Sodomiterije zijnse besmet geweest. Van Beesten hebbense haer niet onthouden: met Vrouwen/ die maer van een ordinaris waren/ hebbense...
nl.verhalenbank.44674
Wytse (van der Meer) en Rinskje wennen yn Burgumerheide. Wytse wie in plezierich man dy't altyd wille hie. Mar dat hâldde samar ynienen op mei Wytse. Hy woarde stil en hy seach altyd mar earnstich. Syn wyfke Rinskje frege him: "Is der hwat?"
"Né," sei Wytse, "hwat soe der wêze?"
Mar hy bleau altyd mar stil en earnstich. Rinskje frege al us wer en us wer,...
nl.verhalenbank.20330
Dêr't nou de fabryk fan Spinder is yn 'e Harkema, dêr wenne froeger dikke Fokke. De Fûgelkamp hiet it dêr. Fan 'e hurde wei ôf nei Fokke syn hûs ta roan in dyk (in hege wâl). Op in nacht wienen heit en Albert-om dêr togearre oan 't murdejeijen. Beide hienen se in goeije houn. Albert-om syn buorman Nicolai hie in dikke wite hiemhoun.
Doe gebeurde it, dat...
nl.verhalenbank.21210
Hwat ik nou fortel is al lang lyn. Myn suster hie in jonkje, en dat wie net goed. Har buorfrou wie in âld minske, dat hiet fan Gjertsje. Dy kom noait fierder as de drompel, en dan frege se nei 't jonkje. Sy kom noait yn 'e hûs. Op in kear, doe hie se der ek wer west. Sy wie noch mar krekt fuort of doe kom der in fremde kat by myn suster en dy yn 'e hûs....
nl.verhalenbank.21572
Op 'e Sumarreheide wennen minsken, dy hienen it o sa krap. Hja hienen gjin jild om iten foar de bern to keapjen. Op in joun by 't winter wie it minske der allinne op út. It skriemen stie har neijer as 't laitsjen. De stjerren stienen oan 'e loft. Doe kaem dêr in stim fan boven, dy sei: "Hier heb jij een pong met geld." En doe lei der samar in ponge mei...
nl.verhalenbank.19775
Ik haw in suster hawn. Doe't dat noch in hiel lyts famke wie, boarte se mar raek. Hja wie altyd fleurich en soun.
Mar doe't se twa jier âld wie, rekke se bêdlegerich en siik. It bern wie altyd gammel en hangerich. Hja seurde altyd en nachts om 1 ûre bigoun se altyd to gûlen. Altyd om deselde tiid.
Doe kommen ús buorfrou en myn beppe by ús en dy seinen:...
nl.verhalenbank.38340
Skoanheit en dy brochten altyd geregeld turf nei Burgumerheide. Dêr hienen se fêste klanten sitten. Sy hienen dan in fuorman dy brocht de turf op 'e wein nei de minsken ta. Dy fuorman hie in bern, dat wie sa'n skroedtsje. Dat tsjirme, 't siet yn 'e pogge. It gûlde altyd.
Doe gong dy fuorman op in kear nei Wopke fan Kûkherne ta.
Wopke sei, dat bern wie...
nl.verhalenbank.25065
Ik wie fiif en twintich jier, ik frijgeselle by myn broer. Dy hienen in jonge, dy wie siik.
Op in kear gong ik nei Hinke Kaert ta, de kaertlizter fan Nijebrêge.
Ik sei tsjin Hinke: "Myn omkesizzer is siik."
"Ja," sei se, "dy is bitsjoend. Hjir wennet in duvelbander yn Nijebrêge, dêr matte jo mar ris hinne."
Ik dêr hinne. Doe joech dy my hwat guod mei.
Hy...
nl.verhalenbank.21015
Doe't ik noch yn 'e hûs wie hat der ris ien fan uzes siik west. Dat wie noch in lyts jonkje. Mem gong der mei nei Frânse Hinke ta, dy wenne yn 'e Rottefalle. Dat wie in duvelbanster. Hja joech mem in drankje mei. Hja sei: "Nou matte jo ûnderweis goed oppasse, hwant de tsjoenster komt jo tomjitte; dy wol tsjin 'e drank oanrame." Underweis hie der in kat...
nl.verhalenbank.37688
Mijn vader vertelde nog het volgende:
Op een avond waren ze bij familie aan het kaarten. Een nichtje van mij was ziek; ze kaartte niet mee maar keek naar het spel. Opeens zei ze: Vader, jaag die kerels die daar voor het huis staan toch weg. Haar vader gaat naar buiten en zegt dat er geen mannen zijn. Even later zegt het kind opnieuw: Vader, er zijn wel...
nl.verhalenbank.43691
Ien fan sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje. Sy komt troch it slotsgat yn 'e hûs. Men mat moal op 't gesicht struije of de toffels achterstofoar foar 't bêd sette, dan komme se net by jo. Dan kin se net samar yn 'e toffels stappe.
Der wie alris in man dy fangde sa'n nachtmerje. Dy man wie in widner mei bern. De oare moarns siet de nachtmerje by de...
nl.verhalenbank.28282
Tsjoensters wienen froulju, dy't bern bitsjoene koenen. Sy koenen har ek yn allerhande dieren foroarje.
Ien fan 'e bern fan myn beppe rekke us op in kear bitsjoend. It bern wie altyd siik. Doe gong ús pake nei de duvelbander fan de Knipe ta, dat wie Lolke Woudstra.
Lolke joech in fleske mei drank mei. Hy sei tsjin pake: "Hjir mastû tige op passe. It mat...
nl.verhalenbank.28268
Anne Feddema syn âlden wienen op in joun to kofjedrinken nei oaren. Anne wie doe noch in jonge. Twa susters en in broer kommen dy jouns by Anne en de oare bern to húswarjen. Sy wienen der noch mar krekt as doe sei ien fan 'e twa susters: "Hark, jimme hoanne kraeit."
"Wy ha gjin hoanne", sei Anne.
Doe gongen se mei elkoar mei in lyts lantearntsje nei de...
nl.verhalenbank.19894
Tusken Oostmahorn en Zoutkamp haw ik ris in kear in sémearmin sjoen. Ik wie dêr mei myn kammeraet oan 't fiskjen, doe seach ik ien op 'e Zoutkampse sé. Ik sei tsjin him:
"Hwat is dat?"
"Dat is in sémearmin mei in poppe", sei er.
Dy poppe hie se achter op 'e rêch. Sy hie sokke lange tate, dat se de boarsten oer 't skouder slingere op 'e rêch en dêr hong de...
nl.verhalenbank.27777
Yn dyselde skuorre gebeurde it earder us dat der in hiele protte minsken yn slepten. Dat kom trochdat der minsken by wienen, dy hienen har bern meinom.
Der woarde doe ek al warskôge: "Tink der om, net by de wite doar sliepe!"
Mar der wie ek in âld minske by de sliepers, dy wie mei de helm geboaren. Dy sei: "'t Hindert neat, ik let wol op." Dat doe kommen...
nl.verhalenbank.19706