2,318 datasets found
Dutch Keywords: kind Place of Narration: Boelenslaan
Geart Doetjes fan Tamme en Albertsje wie in wjerwolf. Dy hie altyd honger. Alles iet er op. Hy seach alle pantsjes en boardtsjes nei as der ek noch hwat iten yn stie. As jonge fan alve, tolve jier iet er alles al leech. Hy is net âld woarn.
nl.verhalenbank.28317
Doe't wy as jonges noch by ús heit en dy yn 'e hûs wienen, gong it der wolris hwat oan wei. Dan wienen wy wolris hwat oerhearrich. Op in kear wie 't slimmer as oars, wy wienen net mear yn 'e touwen to hâlden. Doe kom dêr samar ynienen in man ta de keamer yn mei in krûm pypke yn 'e mûle. Wy woarden allegear stil en wienen sa deabinaud, dat wy fleagen troch...
nl.verhalenbank.17135
Op 'e Goudberg roan in neaken bern om. Dat spoeke dêr. Boardzer Bruining hat it sjoen, biweart er.
nl.verhalenbank.21414
Durkje boun har dochter jouns oan 'e stile fêst. Op in kear hat se it bern in dik wân op 'e hûd jown. Dat kom sa bot oan. dat doe hat it bern noch in fjirtsjin dagen leefd, doe is se stoarn.
nl.verhalenbank.38700
Us mem hat wolris forteld, dat, as se toudounsje soe mei oare famkes, doe't hja noch in bern wie, dat hja dat dan de jouns fan tofoaren al hearde en fornaem.
nl.verhalenbank.32772
Yn 'e Popkepoel is 't sizzen, sil noch us in bern yn fordrinke. Guon minsken ha 't bern razen heard.
nl.verhalenbank.21408
Hjir wennen froeger tsjoensters. Sy bitsjoenden altyd bern. Dan hienen se in panne mei wetter oer mei nuddels der yn. Hoe mear dat sea, hoe mear de bern raesden. De minsken hienen de slotsgatten fol brea om de tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.17164
It is ek gebeurd, dat in frommes, dat in bern forwachte, tige kjel woarde fan in fisk, dy 't omheechsprong. It bern krige letter allegear fiskskobben.
nl.verhalenbank.17405
As wy froeger as bern noch let bûtendoar wienen, sei ús heit: "Tink der om, ûngeboaren Roel sit yn 't flearboskje." Dêr makke er ús bang mei.
nl.verhalenbank.28457
In tsjoenster foroaret har yn in kat. Sy hat it meastal op lytse bern forsjoen. Dan gûlt sa'n bern de hiele nacht. In tsjoenster is yn de regel in âld-minske.
nl.verhalenbank.28129
Yn 'e Blaudobbe ha se ris it lûd fan in razend berntsje heard. Dêr sil nochris ien yn fordrinke.
nl.verhalenbank.24908
Blauwe Met wie in kaertlizter. Ik moest yn 1917 ûnder tsjinst. 't Wie doe oarloch. Us mem leaude oan kaertlizzen. Ik moest yn novimber opkomme. Op Feanstermerke praette mem mei Met. Met kom by ús thús om de kaert út to lizzen. Ik moest der by wêze. Heit wie fuort. Met lei de kaerten op 'e tafel. "Sjoch ris, Aefke", sei se tsjin mem, "'k sil jo de warheit...
nl.verhalenbank.26101
Wienen de bern tichte by 't wetter, dan seinen de minsken: "Tink der om, aenst lûke de kikkerts dy der yn!" Kommen se yn 'e hjouwer of de rogge, dan seinen se: "Aenst pakt Antsje Pluk dy!" Wienen se jouns let bûten en woenen se net op bêd, dan woarde der sein: "Aenst pakke de nachtdieven dy!"
nl.verhalenbank.28161
Ik hie in âlde muoike, dat wie Elske-moai. (Elske Mulder) Dy wenne by de poel op 'e Loane. It is nou sa'n fjirtich jier lyn. Wy hienen in jonkje. Us buorwiif kom by ús en brocht biricht dat ús jonkje yn 'e poel fordronken wie. Doe gong se nei Elskemoai ta om it to fortellen. Mar Elskemoai hearde der alhiel net fremd fan op. Sy sei: "Dû hast hjir sakrekt...
nl.verhalenbank.17600
Der wie in frou, dy forwachte in bern. Har man wie der us op út to stropen. Doe 't er thúskaem frege de frou: "Hast ek hwat sketten?" Hy goaide in hazze by har op bêd. It jonkje, dat letter geboaren woarde, hie in hazzemûle.
nl.verhalenbank.17403
Myn frou moest beppe sizze tsjin Frânse Hinke út 'e Rottefalle. Der kommen us guon by har út 'e Harkema. Dy hienen in bern meinom, dat siik wie. Hinke sei: "Jimme binne hjir mei in levend bern kom, mar jimme komme der net levendich wer mei thús." En sa wie 't ek. Op 'e weromreis stoar it bern wylst de mem it op 'e earms droech.
nl.verhalenbank.23761
As der hjir in bern bitsjoend wie, reizgen se nei Kûkherne, nei greate Wopke. Se krigen dan meastal in fleske mei drank mei. Wopke warskôge altyd: "Tink der om, dat it fleske ûnderweis net stikken giet, hwant der loere guon op, dy't it op it bern forsjoen ha."
nl.verhalenbank.19603
Heit syn suster wenne by 't Dwarsdjip yn in spitkeet. Auke-om dat wie har man. Sy hienen in dochter, dat wie Jantsje, dy wie hyltyd sa binaud. Heit sei tsjin Auke-om: "Sil 'k dy sizze, wy matte foar Jantsje nei Frânse Hinke ta." Heit en Auke-om gongen nei Rottefalle mei in himdtsje fan 't bern. Hinke frege: "Hat it famke dêr en dêr ek hwat hawn? Hat se...
nl.verhalenbank.24447
By ús heit syn âlden kom alle jounen in dikke houn, dy lei de foarste poaten op 't finsterbank en dan seach er mar nei 't bern, dat dêr yn 'e hoeke yn 'e keamer lei. As heit der út gong wie de houn wer fuort. Dy houn dat wie in tsjoenster, dy hie 't bern bitsjoend. Pake en dy wennen yn 't hûs, dêr't nou Ritske Bekkema wennet, oan 'e Bethlehemsreed, hjir...
nl.verhalenbank.38696
As in frommeske yn forwachting is, mat se noait ûnder in line troch rinne, hwant dan kriget it bern stringen om 'e hals, sei ús mem.
nl.verhalenbank.32422