As it jouns letter woarde seinen se tsjin 'e bern: "Bern, jim matte ek op bêd, hear, hwant aenst komt de nachtmerje.
nl.verhalenbank.38663
Tsjoensters tsjoene in krâns yn 't kessen fan 't bern. As dat it gefal is, is 't bern bitsjoend.
nl.verhalenbank.37804
Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se wol faek nei Jonge Jan fan 't Wytfean.
nl.verhalenbank.27510
Heit fortelde us, dat der roan wol us in jonge mei him op nei 't wurk ta. Op in kear hie dy jonge ek wer mei him roan, doe hie dy jonge ynienen in freeslike pine krigen. Hy sei: "Ik gean werom."
Heit woe wite, hwerom. Doe sei dy jonge: "Ik ha myn duveldrek net by my. En as ik dat net by my ha, dan bin 'k forlegen fan 'e pine."
nl.verhalenbank.33318
De tsjoensters makken moaije krânsen yn 'e kessens. Yn dy krânsen siet de kracht. As dy opbrând wienen wie de kracht der út. Dan koe 't bern wer rêstich sliepe.
nl.verhalenbank.36927
Piters Hindrikje hat de bern fan Wytse Hountsje en Hinke èk bitsjoend.
nl.verhalenbank.33038
Sahwat midden op 'e Rottefalster skeanpaden, tichte by 't nije tsjerkhôf, spoeke nachts altyd in neaken berntsje.
nl.verhalenbank.26153
In wjerwolf is in minske dy't altyd byt. Oan 'e lytse bern kin men al sjen as it in wjerwolf is. Sokke bern bite op alles.
nl.verhalenbank.24554
Der woarde ús froeger altyd forteld, de pypkes, dy't wy op 'e bou founen, dêr rookten de ierdmantsjes út. Wy seinen der ek ierdmanspypkes tsjin.
nl.verhalenbank.26047
As de bern nachts ûnrêstich wienen, krigen se yn 'e Boelensloane in pûdtsje mei duveldrek op 't boarst.
nl.verhalenbank.23510
De lytse bern komme ûnder 'e blauwe stien wei.
nl.verhalenbank.23104
Woarde der in bern mei in helm geboaren, dan woarde dy helm fuort forwidere. Hy woarde net forbrând, mar der woarde gleone jiske op dien. Forbrânne mocht net.
nl.verhalenbank.29397
Rikele Myt hat wolris in bern bitsjoend. Wy doarsten as bern net by Rikele Myt oer 't hiem.
Myt koe krânsen yn 'e kessens tsjoene. De froulju dy't op 'e Skieding wennen, seagen alle dagen de kessens nei.
nl.verhalenbank.29394
Ien dy't op in snein geboaren is, kin knoffelbannen lizze.
nl.verhalenbank.27508
Yn 'e Wylgen wenne in tsjoenster, dy hat dêr ris in bern bitsjoend. Dat bern raesde en earmoede altyd. Hja founen in krâns by 't bern yn 't kessen. Doe binne se nei de duvelbander ta gong en dy hat der foar soarge dat it bern wer better woarde.
nl.verhalenbank.29650
't Wie yn 'e mobilisaesje fan 1918, yn 'e tiid fan 'e Spaenske gryp. Ik wie elke dei mei ús heit to bûkelsykjen. Wy gongen der mei de hounekarre hinne. Moarns ier en bitiid by 't tsjuster gongen wy al fuort, as it bigong to skimerjen. Heit en ik togearre. 't Wie yn Beets by 't âldtsjerkhôf, dêr't wy sochten. Op in dei wienen it dêr allegear eksters. Dy...
nl.verhalenbank.16846
Piter Poes wie de duvelbander fan Sumarreheide. Hy wie by Simen Linses yn 'e kost. As wy him as bern oankommen seagen setten wy mei de klomp gau in krús. Hwant dêr moest Piter oer stroffelje, seinen se. Ik ha 't dêrom noait sjoen.
nl.verhalenbank.33037
Hwannear't in frou yn forwachting is, mat se noait ûnder in line trochrinne, wurdt der biweard, oars krijt it bern stringen om 'e hals.
nl.verhalenbank.26968
Men mat sa'n minske ek net kjel meitsje mei in kat. Dan krijt se ûngelokkige bern.
nl.verhalenbank.26969
Se dienen foar in 40 à 50 jier noch duveldrek ûnder 'e drompel om gjin lêst fan in tsjoenster to hawwen en de bern droegen it yn in pûdtsje op it boarst.
nl.verhalenbank.37934