18,783 datasets found
Dutch Keywords: huis Narrator Gender: male Place of Narration: Harkema
By myn skoanâlden yn 'e Bosk hat in hûs yn 'e brân stien. Myn skoanâlden hienen earder yn dat hûs wenne. Piter Schievink seach it fan to foaren al brânnen.
nl.verhalenbank.17379
Alde Janke Mozes wie mei de helm geboaren. Dy seach alles foarút. Dy hat ek fantofoaren sjoen dat it hûs, dêr't skoanmem en dy yn wenne ha, opbrânde.
nl.verhalenbank.17395
Ruerd van der Veen (Mike Ruerd) hie ek in toverboek. Dêr siet er faek yn to lêzen. Dan gong it raer. It wienen soms allegearre roeken by him yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.17415
Hearke hie ris op in kear op it lân oan 't ploeijen west. Dat wie yn 't Leech, dêr't noch in gedielte fan 'e âlde Mûzegroppewei oerhinne rint. Doe kom dêr in man oan. Dy sei: "Wite jo hwer't sterke Hearke wennet?" Hwant hy woe wol mei Hearke wrakselje. "Jawol," hie Hearke sein, "sjoch, hjir stiet de man en dêr wennet er." En doe hied er de ploege mei ien...
nl.verhalenbank.32763
Op in kear wie Hearke oan 't ploeijen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him: "Hwer wennet sterke Hearke?" Doe hat Hearke de ploege krigen en útstutsen. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.25150
Greate Pier wie oan 't ploegjen op it lân. Doe kommen der twa man by him, dy fregen him hwer't greate Pier wenne. Pier tilde de ploege op en hy wiisde der mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.24887
Yn myn feintetiid, doe't ik noch yn 'e hûs wie, haw ik hjir yn 'e Homear wol gauris timmerjen heard yn 'e nacht. Myn maten ek wol. As wy jouns bûtendoar kommen wie 't dúdlik to hearren. Letter kommen dêr huzen to stean op de plakken dêr't wy it hearden. 't Wie tjirmerije.
nl.verhalenbank.27283
Op in kear wie Hearke oan 't ploeijen op it lân. Doe kom der in man by him, dy hie wolris fan Sterke Hearke heard, mar hy koe him net. Hy frege Hearke hwer't dy persoan wenne. Doe krige Hearke de ploege mei ien hân beet en stuts dy foar him út. En doe sei er: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.31538
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploegjen. Greate Pier kom by him en frege: "Kinstû my ek sizze, hwer't Hearke wennet?" Hwant greate Pier woe mei him wrakselje. Hearke tilde mei de rjochterhân de ploege op en wiisde dêrmei nei it hûs dêr't er wenne. "Dêr wennet er", sei er. Doe sloech er him mei de lofter fûst op it boarst en sei: "En hjir stiet er."
nl.verhalenbank.32435
As Bauke Schievink to Harkema nei hûs ta gong wie de duvel by him. As er út 'e kroech kom, krige er faek klappen mei de swipe fan 'e duvel. In dochter fan Bauke Schievink hiet fan Metsje. Dy lei de kaert oan oare minsken út.
nl.verhalenbank.17448
Op in kear wie Hearke op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him, dy frege him, hwer't Sterke Hearke wenne. "Dit is de man," sei Hearke, "en sjoch, dêr wennet er." Doe hied er de ploege mei ien hân optild en der mei nei syn hûs wiisd. Dat stie oan 'e Lytse Wei. Dat wie doe noch in modderwei.
nl.verhalenbank.32637
De bloedplakken dy't noait útwiske koenen yn it húske fan 'e Batema's oan 'e Mûzegroppewei.
nl.verhalenbank.20141
Ik haw ris fan to foaren in hûs yn 'e brân sjoen. It brânde hiel bot. De flammen fleagen yn 'e hichte. In pear dagen letter is 't opbrând. 't Wie hjir oan dizze wei. Teije Mozes wenne der yn.
nl.verhalenbank.12499
Yn Stiensgea wenne in boer, dy hie ek in toverboek. Op in kear wied er mei 't wiif ergens hinne gong to praten. Doe kom 't him yn 't sin, dat er it toverboek noch op 'e tafel lizzen hie. Mar doe't er thúskom wienen 't allegearre al âlde roeken yn 'e hûs. Syn soan hie der yn lêzen. Doe krige er gau in sek sied, en dy lege er bûtendoar. Hy sei tsjin 'e...
nl.verhalenbank.17442
Der stie in hoanne boven op in rak mei linnenguod en dy kraeide: Ik ben koning over deze woning. De hin siet yn it rak, dy kom gau nei bûten ta. Hy stuts syn kop nei de hoanne ta en sei: Ja, als ik niet thuis ben, zegt moeder hen.
nl.verhalenbank.33086
As de skoarstien rikket, kinne de minsken, dy't dêr wenje, bitsjoend wurde.
nl.verhalenbank.17535
Froeger seagen wy wol us wylde lantearnen. Èk yn 'e buert fan 'e Skieding. Dan kom dêr letter in hûs.
nl.verhalenbank.24882
Dêr't in protte eksters om 'e hûs om rinne dêr komt in sterfgefal, dêr kinne jo mar gerust fan op oan. De wyks foardat ús heit stoar ha wy in wike oan ien de eksters by ús yn 'e buert hawn (heit wenne njonken ús). Der wienen altyd in stik of seis, sawn by elkoar. Dat is foar 100% de goudearlike waarheid.
nl.verhalenbank.33291
Tichte by de Singel stie in âld húske by in dyk. Guon seagen fan to foaren dat it ôfbrânde. Yn werklikheit brânde it doe noch net. Mar 't wie de foarboade. Letter is dat hûs ôfbrând.
nl.verhalenbank.19544
As in ekster ticht by hûs skattert, dan komt der yn dat hûs in deaden.
nl.verhalenbank.19368