Hjir yn 'e Houtigehage mat in hûs stien ha, dêr't in gat yn siet, dat se noait ticht hâlde koenen. Ik ha der ús mem wol us oer heard, mar hwer't it stien hat, wyt ik net.
nl.verhalenbank.24423
Ien fan sawn op elkoar folgjende dochters is in nachtmerje.
Hja komt troch 't slotsgat yn 'e hûs.
Ien fan sawn op elkoar folgjende soannen is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.27570
Wy wennen yn in woanwein oan 'e Suderhegewei by Drachten. Dêr hearden wy en ús buorlju nachts timmerjen en klopjen flakby. Wy seinen tsjin elkoar: "Dêr komt grif in nij hûs." 't Wie sahwat yn 1924. 't Selde jiers woarde dêr in nije boereplaets delset. Dy plaets is der nou wer wei.
nl.verhalenbank.24251
Heit en dy wennen op 'e Fjouwer Roeden. Sy hienen in jonkje, dat woarde siik. Sy woenen nei Greate Wopke ta to Kûkherne. Mar sy koenen it wetter fan it bern net meinimme, dêr wie 't noch to lyts ta. Doe nom heit it himdtsje fan 't jonkje mei.
"Wite jo ried?" sei heit tsjin Wopke. Hy liet Wopke 't himdtsje sjen.
Wopke biseach it en sei: "Der komt wolris in...
nl.verhalenbank.22161
Der wie us in reizger to Jistrum, dy moest us in skoft wachtsje op 'e wein dêr't er mei ride soe.
Om de tiid om to krijen gong er nei 't tsjerkhôf ta. Doe't er dêr hwat omkuijere, woarde er in deadsholle gewaer, dy siet noch heal yn 'e groun wei.
Hy nom him der út en doe seach er dat der in rustige spiker troch de skedel hinne boarre siet.
De reizger lei...
nl.verhalenbank.20995
Sterke Hearke wie us op it lân oan 't ploegjen. Hy luts de ploege sels.
Der kom in man oan, dy moest nei Hearke ta, mar wist net hwer't er wenne. Hy frege Hearke: "Wite jo ek hwer't Hearke wennet?"
Hearke hie de ploech op krige, en nei syn hûs wiisd. "Dêr wennet er," sei er, "en dit is him."
Dy man wie sels èk sterk en hie mei Hearke wrakselje wold. Mar...
nl.verhalenbank.25231
Wy hearden yn ús eigen hûs timmerjen it jiers foardat wy in nij hûs krigen op itselde sté. Yn dat nije hûs kommen wy doe to wenjen.
nl.verhalenbank.27229
Op 'e Mûzegroppewei is ris in faem formoarde woarn en fuort dêrnei makke de heit himsels ek noch fan kant. Doe kommen der bloedplakken yn 'e flier. Dy ha se der noait wer út krije kind. Sa lang it hûs dêr stien hat bleauwen dy bloedplakken dêr yn 'e flier. Se ha der fan alles oan dien. 15 jier lyn is 't hûs ôfbrutsen.
nl.verhalenbank.36077
Fan Hearke wurdt forteld dat er iens op 't lân oan 't ploeijen wie en dat der doe ien by him kaem dy't frege hwer't Hearke wenne. Hearke hie doe de ploege optild mei ien hân en dêr mei wiisd nei syn hûs en sein: Dêr wennet er en hjir stiet er. Mar ús heit sei altyd: Dêr is neat fan oan. Dat is noait gebeurd mei Hearke.
nl.verhalenbank.37518
As eksters om 'e doar hinne skatterje, dan komt der yn dat hûs in deaden.
nl.verhalenbank.22065
Heit en dy seagen froeger ris in hiele rige wylde lantearnen.
It wienen allegear ljochtsjes. Hwat hjir nochris gebeure sil, seinen heit en dy, it wurde hjir skielk allegear huzen. En dat is útkom. It wie de Warmoldsstrjitte, dêr't dy ljochtsjes wienen; der stie doe net in hûs. Nou bin 't allegear huzen.
nl.verhalenbank.27242
Foppe Sint fan 'e Harkema liet de soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy marsjearden dan by him oer der flier.
nl.verhalenbank.26862
Us heit wie mattewever. Hy moest ris in kear tried brûke. Doe gong er nei Rikele Myt ta. Hy nom myn broer mei. Dat wie doe in jonkje fan sa'n acht jier.
Myt joech it jonkje in bak.
Sûnt dy tiid wied er siik. Doe sei heit: "As er dea giet, dan sjit ik Rikele Myt dea."
Doe seinen se tsjin heit, hy moest nei de duvelbander ta. Dêr soed er dan hinne. Hy soe...
nl.verhalenbank.25394
Us mem wie geboaren yn 1858. Hja kaem ris op in joun bûtendoar, it wie krekt as waerd hja der ta twongen. Doe seach se in hûs yn 'e brân. Ik wie doe noch in jonge. Mar dat hûs brânde net.
Twa jounen letter stie it hûs echt yn 'e brân. Doe gongen wy dêr allegear hinne. 't Gebeurde yn 'e Boelensloane.
nl.verhalenbank.37975
Ik wie in kear by de buorlju, doe kommen der minsken, dy fortelden dat myn hûs stie yn 'e brân. It hiele hûs stie yn ljochte lôge, biwearden se. Mar doe't wy der hinne gongen wie 't sa net. En doch hienen se 't dúdlik brânnnen sjoen.
It duorre net lang mear, doe brânde 't op.
Sjocht men it yn 'e foarnacht, dan duorret it mar koarte tiid mear, sjocht men...
nl.verhalenbank.26854
Seagen de lju froeger wylde lantearnen, dan woarde der sein: "Dêr komt in hûs to stean."
nl.verhalenbank.22061
Op in kear helle Hearke jirappels op. Hy hie sawn kuorfollen (dat is 3 1/2 kuorfol) jirappels op 'e kroade, in hiele swiere fracht. Doe wie 't al in âld man. Dêr kroade er mei nei syn hûs ta, en dat wie in lang ein.
It tsjil fan 'e kroade pipe. De minsken koenen de kroade oan syn hûs ta piipjen hearre, hy hie net in momint stil stien om even út to rêsten.
nl.verhalenbank.38364
As jo jou bilofte net hâlde en jo geane dea, da ha jo nei jou dea gjin rêst. Dan dwelmje jo om. Dan doocht it net mear yn it hûs, dêr't jo yn wenne ha.
nl.verhalenbank.27244
Wy hawwe hjir in buorman hawn, dat wie Jelle Bouma. Doe wennen wy noch op 'e Hoek. Syn heit lei yn it sikenhûs.
Doe sei er: "Hy giet dea, hwant ik ha syn kiste hjir al by ús yn 'e hûs stean sjoen." Hy hat gelyk krige. De âld man is yn 't sikenhûs stoarn.
nl.verhalenbank.38360
Op it Wytfean, oan 'e oare kant de Lange Wyk, dêr wenne in dikke boer, dêr gong it altyd like rûch om en ta.
Op in joun sieten se dêr by elkoar yn 'e hûs, doe kaem dêr in hiel raer lûd út 'e skuorre wei, it wie in bange skreau.
Se waerden der allegearre kjel fan en gongen nei de skuorre ta to sjen. Mar der wie neat foarfallen.
De oare deis kaem der wer...
nl.verhalenbank.37523