2,355 datasets found
Dutch Keywords: huis
Frijmitselders timmerje alle jounen oan har hûs, dat rekket noait klear.
nl.verhalenbank.20413
Sterke Hearke stie ek ris op it lân to ploeijen. In fremde man frege him hwer't Hearke wenne. Hearke tilde de ploech op mei ien hân en wiisde dêrmei nei syn hûs. Mei de oare hân wiisde er nei himsels en Hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.31912
's Avonds was er een buurting. Dan werd kaart gespeeld en aan 't eind werd er gezongen. In nog oudere tijden kwam het vrouwvolk op spinavonden bijeen om te spinnen. Ieder bracht dan z'n eigen spinnewiel mee. Bij hekserij in huis of op de stal ging men naar de paters in Helmond.
nl.verhalenbank.47072
I. De duivel 5. Zijn U bepaalde personen bekend, die als duivelbanner of duivelbanster worden geraadpleegd? In welke gevallen gebeurt dat? Ik herinner me uit mijn jeugd een oude man uit Nieuwebrug, een zekere Toering die als duivelbanner, bekend stond (een allerakeligst, vies mannetje!) en die bij o.a. een kind werd geroepen, dat erg ziek was. “Men”...
nl.verhalenbank.127043
Der wie us ien dy hie in bulte oer greate Pier praten heard. Hy tocht: dy wol 'k graech us sjen en ik woe ek graech us sjen hoe sterk er is. Hy hearde dat greate Pier to Kimswerd wenne en doe gong er dêr hinne. Mar hy wie dêr net bikend. Doe seach er dêr ien dy wie oan 't ploegjen op it lân. Hy gong troch de hikke en kom op 'e man ta. "Kinne jo my ek...
nl.verhalenbank.24927
Yn 't Princenhof bouden Freark Prûk en syn soan in hûs (Helfrich, de duvel fan Earnewâld). Op snein mitselen se en bouden se. Der kom safolle spûkerij, dat it hûs rekke dêr wer wei. Ien út Aldegea hat it kocht.
nl.verhalenbank.32475
Ik wie in jonge fan sa'n alve jier. Wy kamen út Grinslân en krigen in nij húske yn 'e Sweachster Mieden (ûnder Kollumersweach). Doe't wy dêr oankamen op in jountiid om alve ûre hinne mei in pream, seagen wy healwei de brêge in ljochtsje brânnen by ús yn 'e hûs. Doe't wy tichterby kamen wie 't út. 't Hûs wie noch net klear, wy moesten earst in skoft yn in...
nl.verhalenbank.36808
Greate Pier wie op it lân oan 't ploeijen. Doe kommen der in pear mannen by him. Dy fregen him hwer't greate Pier wenne. "Hjir stiet er en dêr wennet er", sei Pier en hy tilde de ploege op en wiisde dêrmei nei syn hûs.
nl.verhalenbank.30464
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. In man woe wite, hwer't er wenne. Dy kaem by him op 't boulân en frege him. Doe tilde Hearke de ploege omheech en wiisde syn hûs dêr mei oan. Hy sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.30100
Als er twee eksters dicht bij huis zijn, dan gebeurt er nieuws, met een of anderhalve dag.
nl.verhalenbank.28029
Sterke Hearke wie ris in kear oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der in man by him, dy moest nei ien ta dy't er net to wenjen wist. "Kinne jo my ek sizze hwer't dy persoan wennet?" frege er oan Hearke. Doe wiisde Hearke mei de lânploech it hûs oan fan dy man. "Dan matte jo dêr wêze", sei er, en doe sette er de ploech wer del. Sterke Hearke wenne ûnder...
nl.verhalenbank.35911
Op in nacht koe ik net sliepe, sa bot gong it op in timmerjen. Ik gong der ôf en makke myn dochter wekker. Ik sei: "Mast ris hearre fanke, sa giet it op in timmerjen. Der komt grif in nij hûs achter op 'e tún." Mar myn dochter hearde der neat fan. Mar koarte tiid dêrnei woarde der in nij hûs op 'e tún delset.
nl.verhalenbank.12363
Ik hie in omke, dy hiet fan Eatse. Dy hearde ris op in nacht hoe't it tichte by syn hûs yn Twizelerheide op in timmerjen gong. Hy gong út bêd wei en nei bûten ta om to sjen hwat dat wêze koe, mar doe't er bûten wie fornom er neat mear, en der wie ek neat to sjen. Doe gong er wer op bêd. Hy lei noch mar even of doe hearde er it wèr. Hy tocht: Hwat dat is,...
nl.verhalenbank.28766
Ik ha de lampe fan ús hûs fan tofoaren brânnen sjoen, doe wie 't hjir oars net as heide. It wie in hinglampe.
nl.verhalenbank.16067
Ik bin yn 'e Harkema yn 'e Bosk geboaren, skean tsjin Sjoerde Rienkje oer. Op in moarn kom ik fan bêd. Doe sei heit: "Hwat is 't hjir op in timmerjen gong fannacht." Dat is nou krekt seisensechtich jier lyn. Trije jier dêrnei moest ús âld hûs der ôf. Doe woarde der in nij hûs delset. Dat hie heit heard.
nl.verhalenbank.28770
Sterke Hearke wie ris in kear oan 't ploegjen. Doe kom der in man oan. Dy woe nei Sterke Hearke ta, mar hy wist net dat dy foar him stie. Hy frege de ploeger hwer't dy wenne. Doe spande Hearke it hynder út en hy krige de ploege mei ien hân beet en tilde 'm op en sei: "Sjoch, dêr wennet er." En doe wiisde hy mei de ploege nei syn hûs. "En hjir stiet er",...
nl.verhalenbank.25282
In neef fan ús hat wol us by myn skoanfolk slept. Doe't er wer thús wie, sei er: "Ik wol dêr net wer hinne. It giet der dêr nachts sa bot oan wei yn 'e hûs."
nl.verhalenbank.21999
Sterke Hearke wie op 't lân oan 't ploegjen. Doe kommen der in pear mannen oan dy bleauwen by him stean to praten. Sy woenen wite, hwer't Sterke Hearke wenne. Hearke stie even stil. Doe heakke er de hynders út, krige de sturt fan 'e ploech beet en tilde de hiele ploege op en doe sei er: "Hjir stiet er en dêr wennet er." En hy wiisde mei de ploege it hûs oan.
nl.verhalenbank.24375
Sterke Hearke wie op in kear op it lân oan 't ploeijen. Doe kaem der ien oan dy woe wol mei him wrakselje, mar hy wist net hwa't Hearke wie. Doe frege er him, hwer't Sterke Hearke wenne. Doe tilde Hearke de ploege op en wiisde dêrmei nei syn hûs. Hy sei: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.31181
Sterke Hearke wie alris op 'e bou oan 't ploegjen. Der kom in man by him, dy frege: "Kinne jo my ek fortelle hwer't Sterke Hearke wennet?" Hearke krige de ploege, dy tilde er op en sei: "Dêr wennet er. En hjir stiet er."
nl.verhalenbank.24573