Wy ha de minsken dy't lêst yn dat húske wenne ha al us frege as it altyd goed wie by harren yn 'e hûs. "Nou," sei de man, "om it mar earlik to sizzen, goed wie it net." Mear woe hy der net fan sizze.
nl.verhalenbank.21998
Sa haw ik ek faek fortellen heard dat men in hûs yn 'e brân seach, mar yn werkelikheit barnde it net. Dan seinen se: dat hûs sil nochris opbarne. En dat gebeurde dan letter ek.
nl.verhalenbank.38624
De nachtmerjes kamen troch 't kaeisgat yn 'e hûs. By ús thús hienen se gjin slotten op 'e bûtendoarren. Heit woe gjin kaeisgatten ha fanwege de nachtmerjes. Fan bûten hienen wy in ring en fan binnen kom der in houtsje op 'e klip.
nl.verhalenbank.34480
Ik hie in omke, dy hiet fan Eatse. Dy hearde ris op in nacht hoe't it tichte by syn hûs yn Twizelerheide op in timmerjen gong. Hy gong út bêd wei en nei bûten ta om to sjen hwat dat wêze koe, mar doe't er bûten wie fornom er neat mear, en der wie ek neat to sjen.
Doe gong er wer op bêd. Hy lei noch mar even of doe hearde er it wèr. Hy tocht: Hwat dat is,...
nl.verhalenbank.28766
In neef fan ús hat wol us by myn skoanfolk slept. Doe't er wer thús wie, sei er: "Ik wol dêr net wer hinne. It giet der dêr nachts sa bot oan wei yn 'e hûs."
nl.verhalenbank.21999
In tsjoenster koe troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.23428
Sterke Hearke wie izersterk. Der kommen ris in pear by Hearke doe wie er oan 't ploegjen. Hja fregen nei minsken dy't se opsykje moesten. Doe hie Hearke de ploech yn 'e hannen naem en dêr mei wiisd en sein: "Sjoch, dêr wenje se."
nl.verhalenbank.10683
Op in kear doe hienen wy ús hûs forkocht. Mar wy hienen noch net in oar hûs, dat wy wisten net, hwer't wy de maeijes komme soenen.
Hiltsje kaem by my. Wy wennen doe noch oan 't Wyldpaed. Hja woe wite of wy al wer in hûs hienen.
"Hast al plak?" frege se my.
Ik sei: "Né. Kei is der om fuort. 'k Wyt net hoe't it komt."
Kei bleau wei. Hiltsje gong op 't lêst...
nl.verhalenbank.22014
Sterke Hearke fan Droegeham wie op 't lân oan 't wurk.
Mei de ploech. Der kom ien by him. Dy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke eins?"
Doe tilde Hearke de ploech op en wiisde dêrmei syn hûs oan.
"Sjoch," sei er, "dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37655
Wy ha yn 'e Falom wenne yn 't hûs fan âlde Knjillis. Doe't ik dêr hinne soe, seinen de minsken: "Dû mast dêr net hinnegean hwant it spokket dêr."
Dêr ware alle nachten in frou om yn dat hûs, mei in bûnte skelk foar. 't Wie âlde Knjillis syn wiif. Knjillis wie froeger skipper. Doe't dy stoar binne wy yn dat hûs kom.
nl.verhalenbank.33425
Ik ha faek fortellen heard dat minsken hjir yn Twizelerheide jouns timmerjen hearden sûnder dat der yn werklikheit timmere waerd, en dat der dan letter op sa'n plak in hûs kaem to stean.
nl.verhalenbank.38623
Froeger wie der nou en dan wol us in wylde lantearne yn 'e Houtigehage. Dan kom der letter op sa'n plak in hûs to stean. Wylde lantearnen binne foarboaden.
nl.verhalenbank.20093
As ik op bêd lei yn 'e Falom hearde ik nachts it timmerjen oan 'e huzen, dy't der letter kom binne. Dat wie ek foartjirmerije.
nl.verhalenbank.28432
Anders Feltsje kaem us op in nacht by de faem wei. Dy faem wenne yn 'e Westerein. Hy wie noch mar in eintsje ûnderweis, doe kaem der him in hiele grouwe koalle fjûr op side. Dy gyng mei him oan 'e doar ta. As hy hurder roan, dan gyng dy koalle fjûr ek hurder. (feltsje is in bynamme)
nl.verhalenbank.22125
Ik haw hjir in ein fierderop wenne yn in hûs, doe wie 'k izerkooopman. 2 jier ha 'k dêr tahâlden. Mar wy woenen dêr graech wei. 't Wie dêr net út to hâlden.
As wy jouns healweitsienen op bêd leinen, dan gong 't der njonken ús alderheislikst oan wei. 't Wie krekt as smieten se mei grouwe bolstiennen. Altyd wie dat leven dêr, en der wie noait hwat to sjen....
nl.verhalenbank.10675
Yn 'e Harkema seagen se in hûs brânnen. It wie it hûs fan Hindrik Dykstra. Letter is 't opbrând. Der binne ek noch bern yn forbrând. De frou wie doe krekt by oare minsken om in bakje kofje.
nl.verhalenbank.10676
Froeger wienen 't hjir op 'e heide allegear ljochtsjes by jountiid. Dat neamden se wylde lantearnen. Dat binne letter allegear huzen woarn. Dêr wie 't foartsjirmerije fan.
nl.verhalenbank.34472
Myn broer kaem us op in nacht by de faem wei út Burgum. Doe't er by 't Wyldpaed wie by Arentsfeart seach er yn 'e berm in houn sitten. Earst koed er net sjen hwat it wie. It wie in beest noch greater as in keal. En 't wie rûch en swart. 't Hie hiele greate egen yn 'e kop. En de kop wie sa great as dy fan in bolle. En 't hie greate tosken. Myn broer stapte...
nl.verhalenbank.22128
Us heit sei us in kear tsjin ús mem: "Hwat is 't der hjir fannacht oan wei gong. Hwat ha se by ús yn 'e hûs oan 't timmerjen west."
It duorrre mar in skoftsje, doe woarde 't hûs forboud. Dat wie yn 'e Houtigehage, flak tsjin it hûs oer, dêr't nou myn suster wennet (yn Boelensloane; de wei is de grins tusken de beide doarpen)
nl.verhalenbank.20088
As it ûnwarich wie en der wie rein en stoarm op til, dan kommen der allegear ljochtsjes by de reden lâns. Dat woarden letter allegear ljochtsjes by de reden lâns. Dat woarden letter allegear huzen. Ien fan dy ljochtsjes sloech ris in kear fêst yn in hage - dat hat dêr doe wit hoe lang brând. (Dy huzen kommen to stean tusken Frijstêd en Broek yn. Dêr...
nl.verhalenbank.28430