26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: huis Place of Narration: Kollumerzwaag
Ik wit noch wol, dat mem op in kear sei: "Sjoch, dêr skynt in ljocht. Dêr komt in nij hûs, hwant it ljocht brânt der al." Ridlik gau kòm dêr in nij hûs.
nl.verhalenbank.16059
Ik wit noch bêst dat der ris in fremde kat om ús hinne roan en dat mem doe sei: "Och heden, hjir is Griet ek wer." En dan sei se út gekheit: "As hja dea is, krij ik it baentsje ek noch." Der wenne in jong frommes oan 'e Triemster loane, dy is dêr apart om Griet wei gong to wenjen, sa bang wie dy foar har.
nl.verhalenbank.37339
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Meinte Sjouk fan Westergeast hie ek in wikseldaelder. Dy hie ek noait forlet fan sinten. Minsken dy't in wikseldaelder ha timmerje altyd oan 't hûs.
nl.verhalenbank.26327
Sterke Hearke wie ris in kear oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him, dy frege hwer't Hearke wenne. Doe tilde Hearke mei ien hân de ploege op en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.24894
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him. Dy hie frege nei in bepaelde persoan. Hy woe graech wite hwer't dy wenne. Doe hie Hearke de ploech beet krige en him optild en hy hie sein: "Sjoch, dêr wennet er." Hy wenne yn Droegeham.
nl.verhalenbank.29533
Wol hûndert kear ha'k timmerjen heard yn 'e nacht op ûnderskate plakken. Dat tsjutte altyd op nije huzen of hokken of hekken of sa. 't Kaem altyd nei.
nl.verhalenbank.17006
As se hjir froeger in nij hûs bouden, kom der in stik duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24068
Sterke Hearke wenne oan 'e oare kant de wei. Der hat us ien west, doe wied er yn 't lân mei de ploege. Dy frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Hearke hie de ploege optild en sein: "Dêr wennet Sterke Hearke en hjir stiet Sterke Hearke."
nl.verhalenbank.24898
Sterke Hearke wenne yn 'e Ham. Hy wie us in kear oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der in keardel by him, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. Doe hie Hearke de ploege optild. Dêr hie er mei wiisd en doe hied er sein: "Sjoch, dêr wennet er." Doe wist de man genôch, hy frege net mear. Hy hie mei in âld hynderke sels de ploege oanskoud. Dêrtroch koed...
nl.verhalenbank.25198
Alde Thomas Klare koe ek kaertlizze. Sy wenne by 't spoar. Earder hie se yn Houtigehage wenne. Op in kear kaem se by ús. Sy sei: Hjir is kloppe of hjir wurdt aenst kloppe. Doe kloppen se yn 'e nacht by ús. In suster fan Griet har man hie 't yn 'e holle krigen. Dy moest fêstboun wurde. Klare sei ek noch, wylst se de kaerten skodde: It binne allegear swarte...
nl.verhalenbank.16993
Fan sawn opelkoarfolgjende dochters, wurdt der sein is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs, in tsjoenster ek.
nl.verhalenbank.24067
Greate Pier wie o sa sterk. Op in kear wie er op it lân oan 't ploeijen. Doe kamen der guon by him. Dy fregen him: "Hwer wennet greate Pier?" Doe hie er de ploech optild en dêrmei syn hûs oanwiisd. En hy hie sein: "Hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.29935
Op 'e heide (= Twizelerheide) stie in plaetske, dêr wenne in widdou yn, dêr koenen se noait de doar fêst hâlde. Dienen se jouns de doar fêst, de oare moarns wie er altyd los.
nl.verhalenbank.25840
To Kollumersweach oan 'e Boskreed yn 'e lânnen stie in âld hûs, dêr ha ús heit en dy yn wenne. Fan tofoaren ha minsken dêr neist in ljocht barnen sjoen. Nei dy tiid ha heit en dy dêr in nij hûs sette litten.
nl.verhalenbank.29503
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat yn 'e hûs. De lju ha wol duveldrek ûnder 'e drompels om har to kearen.
nl.verhalenbank.25374
Greate Pier wie us in kear oan 't ploeijen. Der kommen twa Hollanders oan, dy fregen him, hwer't greate Pier wenne. Doe tilde Pier de ploege op en dêr wiisde er mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er." En doe sloech er dy beide Hollanders mei de ploege dea. (Het verhaal is met St. Hearke bij haar niet bekend)
nl.verhalenbank.24076
Hjir njonken ús op 'e Saedkamp, dêr seagen se froeger in hiele protte ljochten en sy hearden dêr gedurich klopjen. Dêr soe in protte boud wurde, waerd der ornearre. En dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.24064
Eksters en roeken by hûs bitsjutte ek in sterfgefal. De roek is de deagraver of de drager, de ekster de boade.
nl.verhalenbank.38617
As der âlde roeken of kaën oer 't hûs hinne fleagen, soe der yn dat hûs gauachtich ien stjerre.
nl.verhalenbank.29524
Op in nacht kom ik by de froulju wei. 't Wie oan 't Wyldpaed. Ik wie to rinnen. Ynienen skynde der samar yn 't holst fan 'e nacht in hiel fel ljocht om my hinne. It duorre miskien in minút. Ik woarde hiel kjel. 't Wie in blauachtich ljocht en 't gebeurde yn 'e hjerst.
nl.verhalenbank.22677