1,781 datasets found
Dutch Keywords: hond Place of Narration: Opende
As in houn spûkgûlet, komt der binnen trije dagen in deaden.
nl.verhalenbank.27154
As men duveldrek yn 'e bûse hat, giet de lulkste houn by jin wei.
nl.verhalenbank.23150
In pleachbeest liket op in hiele dikke swarte houn mei hiel lang hier, dat sahwat sweeft. By Japik Kuipers op 'e wei - by de Skieding - op 'e Parkwei kom us in jonge lâns. Dy jonge gong nei hûs ta. Oan 'e iene kant fan 'e wei wie in fytspaedtsje, oan 'e oare kant in reed. Doe passearde dy jonge dêr op 'e reed sa'n pleachbeest. It hier wie sa lang, dat de...
nl.verhalenbank.25947
Bleeker fan Surhústerfean hie in âld houn. Dy spûkgûlde altyd as der in minske stjerre soe. Nachts seach dat beest it blykber.
nl.verhalenbank.31915
As eksters skatterje yn in beam by hûs, dan giet der ien dea. As de houn spoekgûlt giet der ek ien dea. As de kat him wasket, komt der bisite.
nl.verhalenbank.16126
Doe't myn man noch frijgesel wie, roan er ris mei trije fan syn maten op 'e Folgerster loane. Hy hat it faek forteld. Sy soenen nei Drachtster Kompenije ta. 't Wie joun. Sy hienen krekt in praetsje hawn, doe kom der in hiele grouwe, swarte houn oan mei gleone egen en wol sa great as thépantsjes en mei in hiele lange sturt. Dy sturt hong nei ûnderen ta....
nl.verhalenbank.16122
Myn âlde omke gong op in saterdeijoun nei 't Surhústerfean ta, nei Durk Land, om him dêr skeare to litten foar trije sinten. Underweis stie der doe noch net in hûs. Omke fortelde: "'k Wie de Mounewei foarby, doe kom der ynienen in dikke swartbonte houn oan. Dy wie sa great, hy rikke my hast oan 't skouder ta. Hy roan mei my op oan 'e Lauwers ta. Hy roan...
nl.verhalenbank.26901
As in houn spûkgûlt, komt der meastal in sterfgefal. Net altyd.
nl.verhalenbank.24130
As minsken de koarts hienen gongen se wol hinne en nommen in hountsje mei op bêd. Dan krige dat hountsje de koarts. It bigoun to triljen en it woarde meger. De minsken wienen dan sels de koarts kwyt.
nl.verhalenbank.19502
Jan Heidsma wie op in kear by 't Spoekeloantsje by Drachtster Kompenije. Doe wie dêr in houn by him kom. 't Wie in dikke swarte houn en dy is twa kampslingten - sa'n njoggenhûndert meter - mei him op roan. It spoeke dêr altyd. (Jan wie de broer fan Keimpe)
nl.verhalenbank.25985
Wij waren troud en gongen in Kornhorn naar de gereformeerde kerk. Op de hoek waren honden aant 't spoekgoelen. Ik zei tegen de koster: "Daar komt een dode." "Och, allemaal oudwijvenpraat", zei hij. De kerk komt uut, toen hoorden wij, daar was een doje flak bij de plaats waar die honden spoekgoelden. Ik zei tegen de koster: "Wat zeg je nou?"
nl.verhalenbank.37988
Us heit kom thús út Eenrum mei de klaeikoarts. 't Woe net bikomme. Doe gong er nei Anders Spoelstra ta, dat wie in boer yn Surhústerfean. Se hienen him to rieden jown, hy moest molke ha fan in feare koe, dy't op syn minst yn gjin jier in kealtsje hawn hie. Heit wie sa siik as in houn en seach der min út. Hy moest deis in healmingel fan dy molke ha. Nei...
nl.verhalenbank.27147
Ik wie ris mei Bouke Schievink fan 'e Harkema oan 't murdzjen by Hilversum. Wy hienen de hounen by ús. Ynienen komt der in auto op ús ta, mei de koplampen op. Wy hurd fan 'e fyts om ús hounen to pakken. Fuort is 't ljocht. Gjin auto en gjin motor mear. Neat to sjen by de hiele lange feart lâns. Nou freegje ik jo: hwat hat soks west?
nl.verhalenbank.25973
Op in kear soe Gerrit mei de trein nei Ljouwert ta. Hy ried earst mei de hounekarre nei 't stasjon to Feanwâlden. Sy kommen krekt to let. De trein ried krekt fuort. Doe soe hy der mei de hounekarre achteroan, mar doe wie der krekt in hazze op 't stasjon. "Caesar, sjochst him?" rôp Gerrit. Caesar pakte de hazze en Gerrit droech him yn 'e linkerhân. Doe...
nl.verhalenbank.26825
Als een hond spûkgûlt of de eksters skatteren komt der in dode.
nl.verhalenbank.27325
Heit en Janom woarn op 'n oavend in huus. Doe begon de hond buiten te blaffen. Heit en Janom gingen der uut en doe sagen se dat der in ding door de lucht ging, een ding as in kalf. Sy fliegen beide noar 't huuske fan Jelle Tryntsje. 't Was toen elf uur. Jelle Tryntsje sat op 't húske. "Och heden Jan, bin jo dêr noch?" sei se teugen Janom. "Ik bin suver...
nl.verhalenbank.26006
Gerrit Boonstra handele yn hinnen. Hy hie in pear hinnen yn 'e karre hawn. De hounen roannen foar de karre. Doe wied er yn Noardwyk west, doe wie der in tongerbui opsetten kom. De hounen hienen sà hurd roun! Hy koe krekt foar de bui op bliuwe. De drippen foelen achter op 'e karre. De karre woarde fan achteren wiet. Gerrit en de hounen en de hinnen...
nl.verhalenbank.26823
Olle Martens Hiltsje komt op in oavend op 'e Skieding bij de forten. Doe komt der opeens een dikke swarte hond op haer af met hiel groate ogen. En die bleef moar bij hoar. Se is doar bij fremde minsen inflogen, so bang was se.
nl.verhalenbank.26015
Yn Topweer ûnder Grinzer Pein gong myn skoanheit Emke Posthuma op in nacht oer de wei. Doe kom der in grouwe swarte houn oan en dy treau him trije kear oer de sleat. 't Wie in pleachbeest seinen se: in swart monster mei gleone egen.
nl.verhalenbank.23144
Der wie in âld minske, dat kom to overlijden. It woarde de bern oansein. Mar de iene soan, dy't troud wie, hie in bytsje forkearing mei in oare frou. Hy hie krekt dy deis dat er de deatynge fan syn âlde mem krige mei dat frommes steld om by har to kommen. Tsjin 'e famylje sei er: "Ik kin hjoed net komme, ik kom moarn wol." It wie sa'n fjirtich k.m. nei...
nl.verhalenbank.25706