Spoekjende dieren
Hjir yn Garyp rûn foarhinne altyd in hûn—wy ha meast heard fan in swarte hûn, mar ek wol fan in bonte hûn—, dat wie in spoekhûn. Hy hie in fêste loop fan Koudenburch ôf oan 'e Achterwei ta troch de Easterein hinne. Hy rûn altyd oan ien kant fan 'e wei lâns, seinen de âlde minsken. Jehannes Roels dat wie in grutte boer en grut keapman. Hy...
nl.verhalenbank.12453
Ek in kear doe is er oer de Lange Wyk smiten woarn troch in lyts swart hountsje. Mar dat hat de boaze west, jonge.
nl.verhalenbank.20220
Foar it spûkgûlen fan in houn wienen de minsken hjir deabinaud, hwant dat kaem altyd nei. Us heit en ús mem ek. Se hawwe 't faek ûnderfoun. Sa'n dier wit mear as in minske formoede kin.
nl.verhalenbank.32181
Spûkgûlet in houn, dan komt der ien to forstjerren. In soad minsken hâlde stellich fol dat it sa is.
nl.verhalenbank.31903
As der ien tige siik wie en hy lei op stjerren, dan bigoun ús houn altyd to spûkgûlen. Hy seach it lyk fan tofoaren.
nl.verhalenbank.20393
Op 'e Nije Wei roan ris op in joun in man fan Twizelerheide nei Twizel ta. Doe kom der in houn njonken him, dy wie swart en great. Dy bleau him op side en roan flak njonken him. De man wie deabinaud, hwant it wie in pleachbeest. Dweiltrochwiet fan bangens kom er yn Twizel oan.
nl.verhalenbank.36259
Oan 't kloklieden by in bigraffenis koe men hearre of der mei koarten wèr in sterfgefal komme soe.
Datselde koe men ek fan in houn gewaer wurde. Dy spûkgûlde dan.
nl.verhalenbank.31493
Der wie in man siik. Hy wenne dy kant út nei Burgum. De frou gong nei Piter Poes om in drankje.
"Tink der om," sei Piter Poes, "ûnderweis binne der hounen, dy wolle 't drankje brekke."
Der wie ûnderweis in houn by har opsprong en dêrtroch rekke de flesse mei drank stikken.
nl.verhalenbank.25626
Wibe Alma fan 'e Harkema wie ien fan 'e raersten. Hy leeft noch. Hy wie oan 'e duvel forkocht. Dat hat faek bliken dien. By nacht doarst er noait reizgje, hwant dan wied er wol in fearnsjier út 'e liken. Hwant by Piter Simensjonges achter 'e dyk kom in pleachbeest foar 't ljocht. Dat wie krekt in grouwe swarte houn en dêr moest Wibe dan mei fechtsje. Dat...
nl.verhalenbank.20217
Op 'e Veltmansreed roan in grouwe, swarte houn om. Mar sy koenen net in kop of in sturt oan it beest gewaerwurde. Se koenen net rjocht sjen hwat it krekt wie.
nl.verhalenbank.20336
Fan Easterein nei de Achterwei to Garyp roun jouns en yn 'e nacht altyd in houn om. 't Wie in spûkhoun. Hy roun oan ien kant fan 'e wei. Jy moasten der foar oppasse en rin him noait yn 't paed, hwant dan koed er ris bite en dat wie levensgefaerlik.
Jan Kruk (Huizenga) moast alle jounen nei it midden fan 'e Easterein ta. Dêr wenne er. As er jouns let thús...
nl.verhalenbank.32322
Der reizge froeger in feint fan Garyp nei de faem ta dy't yn Sumar wenne. Alle kearen wie der om deselde tiid ûnderweis in hiele dikke, swarte houn. Op 't lêst doarst de feint der net mear lâns. Hy wie bang dat it in pleachbeest wie.
nl.verhalenbank.25639
Op 'e Achterwei yn Sumar, dat yndertiid in sânreed wie, spûke in grouwe swarte houn. Hy kom by de minsken en woarde ek samar fansels wer wei.
nl.verhalenbank.20391
Ik wie ek us op 'e Lytse Wei op in moarntiid bitiid, doe soe 'k nei de boer ta to Koatstertille. Ik hie in houn by my, dy wie sa kwea, dy stie in keardel.
Mar op in stuit woarde dy houn sa binaud, dat hy krûpte my tusken 'e poaten. Ik koe him der net wei krije. Ik sei tsjin him: "Toemar, krij him mar." Mar hy gong my net tusken 'e poaten wei.
Doe't wy in...
nl.verhalenbank.20223
As de eksters op it hûs kommen, dan kom der in sterfgefal. Dêr wie ús mem deabinaud foar.
Ek as in houn spûkgûlt en as de katûl ropt.
En ek as de klok deadsk lette.
nl.verhalenbank.24509
In âld man yn Sumar hearde yn 'e nacht in houn spûkgûlen foar in doar. Hy sei: "Hjir stjert yn 't koart ien." Dat wie ek útkom.
nl.verhalenbank.25628
Tsjoensters koenen har ek yn in houn foroarje. Dat mat ek ris sa west ha mei in frommes op 'e Sumarreheide. It wienen altyd froulju dy't tsjoenden.
nl.verhalenbank.32180
Wy ha hjir op 'e heide in houn hawn dy't spûkgûlde. Hy die it allinne as der in sterfgefal tichteby op komst wie, oars hearde men him net. Mar sokke tiden wie er net to hâlden, dan moest er nei bûten ta.
Mem prebearre him dan wol yn 'e hûs to hâlden, mar dat koe se eins noait rêdde. Hy gong dan bûten sitten mei de kop achteroer en dan mei de eagen rjochte...
nl.verhalenbank.31805
Atse Spoor fan Burgum kom mei de hounekarre mei stienguod nei de Tike ta. Twa hounen roannen foar de karre en syn jonge loek oan it tou.
Se kommen by âlde Reinders Wytske op 'e Deltike. Dat wie in tsjoenster. Sy sei tsjin 'e jonge: "Hy mat in pear woarteltsjes ha, leave."
De jonge woe se graech ha en soe der yn bite, mar Atse die se gau yn 'e pot en die...
nl.verhalenbank.12259
Op in kear - 't wie de jouns let - kom ik thús fan 'e sjongforiening. Ik moest earst even nei de W.C., dy wie by de skuorre. Doe seach ik Nero dêr ús houn. Nero wie myn greatste freon altyd, mar doe't ik him op dat stuit seach, woarde ik deabinaud. Hy kom by my mei de sturt tusken de poaten. Ik doarst net nei him to sjen, sa bang wie 'k. Ik smiet de doar...
nl.verhalenbank.32915