18,071 datasets found
Dutch Keywords: hond Narrator Gender: male Place of Narration: Drachten
As in houn spûkgûlt komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.36955
Spoekerijen op 'e Muontsgroppewei Op 'e Mûsgroppewei dêr spoeke it. Dêr hat in man út 'e Rotfalle syn dochter deastutsen. It fanke wie te riden gongen. De man hie it har ferbean, se moast hushalde. It wie in widner. Doe't se doch fuortgongen wie, is er har efterneiset en op 'e Mûsgroppe hat er har deamakke. En doe letter, op dat plak, dêr spoeke it.
nl.verhalenbank.12178
As in houn spûkgûlde seinen se, gong der binnen fjouwer dagen ien dea yn net to fiere omtrek.
nl.verhalenbank.36651
Spûkgûlde der in houn, dan bitsjutte dat dat der mei gauwens wer ien stjerre soe. Ek as de ûle rôp.
nl.verhalenbank.36705
Yn Boarnburgum wenne in tsjoenster, dat wie Teake-Minke. Dy koe fleane. Ek in kear doe fangde se samar mei har hannen in levende murd. Mar doe hie se har earst gau yn in houn foroare.
nl.verhalenbank.36713
Dêr op dat lêste eintsje fan 'e Boelensloane roan altyd in swiere, swarte houn mei in ketting om. Sy neamden it wol in pleachbeest. Hast net ien doarst dêr by nacht lâns. Dat pleachbeest roan net hurd. It gong mei de minsken mei en dan wienen se deabinaud.
nl.verhalenbank.29390
Dieren binne faek heldersynde. Sa wyt in houn twa ûren fan tofoaren al as der tonger komt. Dan is er ûnrêstich en binaud.
nl.verhalenbank.24006
Der binne guon, as dy by in houn komme, dan is dy houn fornield. Dan is er deadsbinaud. Dan is er net wach mear. As der ien komt, dan rint er fuort. Sokke minsken kinne mear as gewoan.
nl.verhalenbank.24004
As in houn spûkgûlt, dan sjocht er hwat. Dat bitsjut meastal in sterfgefal.
nl.verhalenbank.36925
Taeke hut (= T. Alma) fan 'e Harkema kom by nacht us in lyts hountsje tsjin. "Astû godfordomme fan 'e duvel biste, dan wol ik mei dy slaen", sei er tsjin 't hountsje. Doe pakte dat hountsje him; dat wie ynienen in keardel woarn. En dy hat Taeke bûnt en blau houd. Taeke hie der swart útsjoen. Dy keardel, dat wie de duvel.
nl.verhalenbank.26113
Wytse Hountsje (= W. van der Wal) fan Sumarreheide wie froeger fédriuwer. Op in nacht fan tongersdei op freed, doe't er mei fé nei Ljouwerter merk ta soe, hat er in grouwe swarte houn sjoen, mei greate eagen. In great ketting sleepte achter him oan. Hy hat it my sels forteld. It doogde net mei dy houn.
nl.verhalenbank.33332
Us mem tsjinne as faem by in boer op Topweer. Doe wie der op in joun har in houn om 'e rokken roan en dy wie mar net by har wei to krijen west. Guon seinen, 't wie in pleachbeest, mar mem sei, 't wie de duvel west yn in hounegedaente.
nl.verhalenbank.27497
Spoekerijen op 'e Muontsgroppewei Alde Petrus' Gryt fertelde, sy wienen yn har jonge jierren mei har fjouweren as susters yn 'e hûs. Se tsjinnen as faam by de boer en dan sneinejûnen moasten se wer nei har tsjinst ta. Se gongen de Mûsgroppewei (Muontsgroppewei, fan 'e Rotfalle op nei de Leien) del, en dan op in fjouwersprong moasten se elk in kant ut....
nl.verhalenbank.12177
By 't Blauhûs spûke it altyd. Dêr waerd fan alles sjoen. Forskate minsken ha dêr in grouwe, swarte houn sjoen, dy roan dan mei de minsken mei. Dêr wienen se fjûrbinaud foar.
nl.verhalenbank.37912
As der in mans- of frouspersoan nei de duvelbander west hie, gebeurde 't faek dat in houn him ûnderweis by de hûd opsprong om de drank kapot to meitsjen.
nl.verhalenbank.24825
Wy ha 't meimakke mei in hounekarre. 't Wie by Luchtenfeld, tsjin Houtigehage oan, dêr't Halbe Scheper wenne (broer fan Piter Scheper). De hounen bleauwen ynienen op 'e wei stean by in daem mei in homeije. De hounen woenen mei gjin swipe fierder. Wy hienen rusken op 'e karre, ik en myn broer. De hounen seagen hwat. Wy seagen neat.
nl.verhalenbank.27068
Myn beide skoanâlden hienen der op út west mei de karre mei rusken matten. Doe't se by 't Blauhûs wienen, flak by Boelensloane, woarden se samar yn 'e feart dreaun. De karre bleau stean. Sy koenen de hounen net foarút krije, sa bang wienen dy. 't Wie in soart houn west, dy't se sjoen hienen. Guon woenen wol ha, dat it in pleachbeest wie.
nl.verhalenbank.22916
De duvel kin him yn in kat of in houn foroarje.
nl.verhalenbank.29648
Ik haw wolris heard dat in pleachbeest de minsken nachts soms nei hûs ta bringt. It sjocht der út as in grouwe swarte houn.
nl.verhalenbank.23628
Op 'e Boelensloane, by de hulzebeam, tichte by 't Blauhûs, roan altyd in houn mei in brijpot om 'e hals, seinen se. Dy spûke dêr.
nl.verhalenbank.25215