Tsjoensters ride op in biezemstok troch de loft fan 't iene plak nei 't oare. Se meitsje wit hoe fiere reizen.
nl.verhalenbank.24248
Nachtmerjes komme faek op hynders. Sy meitsje flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.25176
Alde Gjerte Jel en Luts koenen tsjoene.
Alde Minke Germ soe de moarns to fiskjen en doe moete hy dy beiden. Se sweefden oer de dauwe hinne.
nl.verhalenbank.23877
Dy't strimen yn 'e foarholle ha, binne tsjoensters, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.23727
Foar de tsjoensters makken se in krús foar de doar. Dan koenen sy der net ynkomme.
nl.verhalenbank.21685
Duveldrek is fan 'e geastlike kant. Leit der duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin der net in tsjoenster oer komme.
Docht se 't al, dan is 't har dea.
nl.verhalenbank.23793
Alde Rikele hat wol sein, as syn wiif, âlde Myt nachts fuort wie, dan leinen allinne de yngewanten njonken him op bêd.
nl.verhalenbank.24560
Gjerte Jel en Janne Luts wienen mem en dochter. Hja koenen allebeide tsjoene. Sy gongen jouns op 'e biezem sitten en sa fleagen se troch de loft. Guon ha har alris oer de wyk fleanen sjoen.
nl.verhalenbank.25880
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene. Oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.25174
As jo fan in tsjoenster hwat oannimme en dat ite jo op, dan kin se jo bitsjoene.
nl.verhalenbank.23878
Oetse jonges fan 'e Rottefalle forlearen altyd de lytse popkes. Sy masteren mei Frânse Hinke. Der waerd sein, dat Hinke se allegear bitsjoend hat.
nl.verhalenbank.25173
Alde Bearn van der Woude fortelde: "Ik en myn faem wienen togearre by de Bearnewyk yn Drachtster Kompenije. Wy makken plannen om to trouwen en dêr praetten wy oer.
Der wie iderkear in lyts katsje by ús, dat sei: - Miau - miau. Ik skopte him yn 'e wyk. Fierder wie der net in minske. De oare deis kom Rikele Myt by my en sei: 'Soa, soenen jim ek trouwe?'
Net...
nl.verhalenbank.23725
De nachtmerje kaem nachts by de minsken. Dy kaem ta 't slotsgat yn. Men mat noait de klompen mei de snuten nei de doar ta foar de drompel sette.
En sa matte de toffels ek net foar 't bêd stean. Ik tink dêr altyd noch om.
nl.verhalenbank.31120
De tsjoensters siede nuddels yn in panne en dan stekke se der mei yn popkes om.
nl.verhalenbank.23874
As tsjoensters op 'e biezemstôk troch de loft fleagen waerden se heksen neamd. Der waerd wol sein dat hjir twa wienen: in mem mei in dochter.
nl.verhalenbank.31119
Myn broer Ritske fortelde: Ik ha forkearing hawn mei in fanke, dêr wie 't net mei yn oarder.
As ik mei dat fanke fuort west hie en ik brocht har op 'e lette joun wer thús, dan kom der ûnderweis altyd in dikke houn by my, mei egen, sa great as thépantsjes.
Ik hie 't dolkje by my en dat hie 'k op in kear klear. Doe't er wer by my kom, wylst ik it fanke nei...
nl.verhalenbank.24312
Ritske (v.d Meer) en Aeltsje hienen in jonkje Germ. Dat jonkje woe net groeije. It siet yn 'e pogge. Hja tochten dêr kinne wolris forkearde hannen oer gean, dat se gongen nei de duvelbander ta. It bern wie sa meager as branhout. As Janne Luts (Mulder) dêr foarbykaem woe se altyd graech ris nei 't jonkje sjen. De duvelbander sei: "Sjoch mar ris yn 't...
nl.verhalenbank.31118
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje.
Fan sawn op elkoar folgjende jonges is ien in wjerwolf.
De nachtmerje heart men altyd wol oankommen.
Ik forskou de klompen altyd, as ik der jouns ynkom. Ik set se noait rjocht njonken elkoar del.
nl.verhalenbank.25421
Boardzer Bruining hat in jier yn 'e gefangenis sitten. Yn 't bigjin died er dêr net in wink yn 'e egen. Hwant de nachtmerje kom geregeld by him. Der siet in gatsje yn it traeljefinster, dat ha se tichtmakke. Hwant dêr kom de nachtmerje troch. Dan hie hy der gjin lêst mear fan
nl.verhalenbank.21687
Ritske Postma kom us by de Houtigehaechster wyk. Hy wie doe noch net troud. Oan 'e oare kant de wyk dêr wenne âlde Jetse Jel mei har dochter.
Jel wie in tsjoenster, woarde der altyd sein.
Doe seach Ritske dy beide froulju de wyk delkommen. Sy woenen oer de wyk. Ritske seach dat se in biezemstok tusken de skonken hienen. De mem en de dochter sieten foar...
nl.verhalenbank.21634