3,728 datasets found
Dutch Keywords: hekserij Place of Narration: Harkema
As in tsjoenster der op út giet, is de geest út har lichum wei. De gedaente bliuwt thús. Dêr is dan alle wêzen út, krekt as út in deade. De geest is der út.
nl.verhalenbank.16088
Alle Tet hat hjir in hiel soad minsken bitsjoend.
nl.verhalenbank.20136
As de doar heakke, dan wie deselde, dy't der yn kom, in tsjoenster.
nl.verhalenbank.15517
Krintebôlle mat men noait fan in tsjoenster oannimme, hwant dat wurdt altyd bitsjoend.
nl.verhalenbank.16894
Hwat in tsjoenster jin jowt, dat foroaret yn in pod.
nl.verhalenbank.24637
Alle Tet wie ek in tsjoenster. Us mem hat twa jonges forlern. Dat wie Alle Tet har wurk.
nl.verhalenbank.22031
Tsjoensters kinne fleane. Dat dogge se meastal op in biezemstok.
nl.verhalenbank.32748
As der ien bitsjoend wie en sy sieden spjelden yn it wetter, dan kommen de tsjoensters boven op 'e skoarstiens.
nl.verhalenbank.16884
As tsjoensters der op út gean to tsjoenen, litte se de pânse achter.
nl.verhalenbank.19972
As der ien bitsjoend is, en men siedt spjelden yn wetter, dan is de earste dy't oan 'e doar komt, in tsjoenster.
nl.verhalenbank.16897
Op 't Surhústerfean is foar in pear jier noch in jonkje bitsjoend. Hy hie in krâns yn 't kessen. Dy krâns hat dêr foar 't glês lein. It bern hie hwat fan 'e tsjoenster yn krige, dêr't it fan bigoun wie to kwinen.
nl.verhalenbank.16086
Alde Sytse Durkje wie ek in tsjoenster. Dêr gongen wy as bern allegear foar op 'e loop.
nl.verhalenbank.17561
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.22295
De kopkes mochten foar de nacht net los fan inoar stean, mar ynelkoar set op 'e tafel. Oars gong it yn 'e nacht op in thédrinken.
nl.verhalenbank.16898
Wol men tsjoensters keare, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompels dwaen.
nl.verhalenbank.24344
Earde Weening hat in pear bern forlern, dy wienen bitsjoend troch âlde Vogeltsje. Greate Wopke hat dat útmakke, mar hy koe de bern net mear helpe.
nl.verhalenbank.20134
It gebeurde froeger us dat Wytse de Wind bitsjoend rekke. Doe moest er in pod yn 't skelkje ha en dy by him drage, krekt salang oant dy fordroege wie. Alle Tet hie him bitsjoend.
nl.verhalenbank.21132
As Alle Tet der oan kom setten wy as bern altyd in krús op 'e wei mei de klomp. Wy tochten, dat se dêr net oerhinne komme koe.
nl.verhalenbank.21643
Alde Tet fan 'e Bulten yn 'e Harkema wie in tsjoenster. Sy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.29347
Tsjoensters kinne har yn hast alle dieren foroarje.
nl.verhalenbank.24885