De tsjoensters gongen soms nei Spanje ta nei de wynkelder.
nl.verhalenbank.21068
Der wienen tsjoensters, dy koenen fleane. Sa'n ien hat der ek yn 'e Westerein wenne.
nl.verhalenbank.30104
In nachtmerje komt by de minsken troch 't slotsgat en troch 't goatsgat.
nl.verhalenbank.24478
Alde Baeije Ike hie altyd nachts in nachtmerje by him.
nl.verhalenbank.29755
Yn Twizelerheide wenne Hekse Harm. Dy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.29796
Jehannes (Hindrikje) koe minsken stean litte.
nl.verhalenbank.17505
Fan in tsjoenster mat men noait hwat opite.
nl.verhalenbank.29751
Fan in tsjoenster mat men noait hwat opite. Hwant dan wurdt men sels bitsjoend.
nl.verhalenbank.19451
Fan sawn famkes dy't achter elkoar oan binne út ien húshâlding wei is ien in nachtmerje.
Fan sawn jonges is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.29753
It mat achter Kollum us gebeurd wêze, dat dêr in nachtmerje sjongendewei oer it wetter kom wie yn in skelp. Dy skelp hie se weistoppe yn 'e snilen, mar hy is foun woarn troch oaren. Dy ha dy skelp doe meinom. Doe koe dy nachtmerje net wer fuortkomme.
nl.verhalenbank.24477
Alde Minne Ael wie in tsjoenster. Dy wenne yn 'e Westerein. Sy fleach op 'e biezem fan 'e iene skoarstien nei de oare.
nl.verhalenbank.25136
Toverboeken hite ek wol duvelboeken. De tsjoensters hienen sa'n boek.
nl.verhalenbank.19411
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje.
Ien fan sawn jonges út ien húshâlding is in duvelbander.
nl.verhalenbank.29710
As wy as bern nei Piters Willemke, de tsjoenster ta moesten, seinen wy fantofoaren gau even trije kear achterelkoar: "Né, âlde duvel, krijst my net!"
nl.verhalenbank.36340
Tsjoensters hâlde forgaderings yn 'e gedaente fan katten. Dêr sjonge se psalms by.
nl.verhalenbank.24581
Men die algemien duveldrek ûnder 'e drompel om 'e tsjoenster to kearen.
nl.verhalenbank.36581
Piter Loos wenne yn 'e Kule. Hy wie troud mei in dochter fan Wybren de Bruin.
In frommes hie dêr de rin by harren; ien dy't der oars noait kom. Dat frommes kom mei de trein fan Ljouwert, 't wie in inkoopfrou.
Hja striek oer Piter en dy's bern hinne op in kear, doe lei dat bern de oare deis dea.
Dat minske hie de kweade hân. It wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.24582
Soms soe er mei syn maten fuort. Dan hellen se him oan, mar dan lei Hanne noch op bêd. "Gean mar fuort," sei er, "ik kom jim aenst wol nei." Dan stie er in tsien k.m. fierder har op to wachtsjen.
nl.verhalenbank.36281
It gebeurde wol dat Hanne der mei syn kammeraden op út wie. It iene momint wienen syn kammeraden by him, it oare momint wie der nergens mear in Hanne to sjen. As se dan hjir of dêr hinne soenen stie er op in plak, dêr't se lâns kommen achter de ien of oare beam har op to wachtsjen.
nl.verhalenbank.36280
Hjir yn 'e Westerein wennen minsken, dy hienen in famke, dat rekke siik. Op in joune, doe gong de man even nei bûten ta. Doe seach er in greate kat en in lytse kat. Doe sloech er dy greate kat. Dy krige in reis, net sunich.
De oare moarns giet dy man nei 't wurk ta. Hy hellet ûnderweis syn kammeraet oan. Mar dy seit: "Ik kin net nei 't wurk ta, hwant myn...
nl.verhalenbank.36534