De tsjerne wie froeger faek bitsjoend.
nl.verhalenbank.22845
Der wienen tsjoensters, dy koenen fleane.
nl.verhalenbank.30956
Yn Burum wenne groatmoeke. Dy hie in buorfrou, dy biwearde, der kaem altyd ien by har troch 't kaeisgat. Dat wie ús groatmoeke, sei se.
nl.verhalenbank.22855
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Yn 'e regel wie dat in reabonte kat. Tsjoensters wienen meast âlde froulju dy't der hwat fordacht útseagen. As katten forgaderen se yn in âld hok. It gebeurde dat der yn Kollumersweach jirpels stellen woarden. Earst forskynde der in kat op 'e ikkers om to sjen as alles wol feilich wie. Letter kom de dief sels (in...
nl.verhalenbank.36143
Ik ha jierrenlang húshâldster west by Sake Postma yn Twizelerheide. As Sake by Sjoerde Ael hwat krige to iten, dan snijde hy dat altyd yn alderhande lytse stikjes. "Hwant," sei er, "dy't der dan yn sit, dy snij ik wol dea."
Sjoerde Ael wie in tsjoenster
nl.verhalenbank.18126
Froeger seinen se altyd, in nachtmerje wie in frommeske. Hja kaem troch 't slotsgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.30961
Yn 't Wêst fan Bûtenpost wenne Frits Klunder. Dy syn wiif koe tsjoene. Tiet de Haen hyt se, se leeft nòch. De minsken ha har faek forwiten dat se in tsjoenster wie. Yn 'e Harkema hat se in frommeske bitsjoend.
nl.verhalenbank.30958
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien dea tsjoene, oars redt de duvel mei har.
nl.verhalenbank.22972
As der bern bitsjoend wienen, gong men nei Wopke, de duvelbander ta. Dy joech altyd drank mei.
nl.verhalenbank.30957
Alde Sjoeke wie in tsjoenster. As dy der oankom setten wy as bern gau mei de klomp in krús oer it paed. Dan gong hja werom, hwant dêr koe se net oer komme.
nl.verhalenbank.36303
Nachtmerjes flechtsje nachts de moanjes fan 'e hynders. Dan raze de dieren it út.
nl.verhalenbank.20438
Alde Frearke Fogel fan 'e Harkema wie in tsjoenster.
Doe't se har biklaeije soenen, founen se allinne mar in pânse. Doe ha se dy mar yn 'e kiste dien.
nl.verhalenbank.19456
Doe't ús jonge ris in kear bot út 'e noas blette gong in âlde frou hjiroer hinne en boun him in read triedtsje om 'e finger. Doe hâldde it noasblieden op.
nl.verhalenbank.36149
Aeltsje Blau wie in swerfster. Sy slepte nachts by boeren yn 'e skuorre, en ek wol yn 'e wâl of yn 'e bosken. Sy strúnde altyd om. De boeren wienen bang foar har, hwant sy bitsjoende it fé woarde der sein.
Op in kear wie der in koe siik by in boer. Dy hie hja oanrekke. Dy koe moest ôfmakke wurde. Aeltsje Blau krige der de skuld fan dat dy de koe siik...
nl.verhalenbank.22844
By Dokter Bontekoe yn Hurdegaryp wie in homeije dy't se net iepen [ticht] hâlde koenen. As stie er op slot dan gong er nòch iepen.
nl.verhalenbank.36152
As der guon bitsjoend wienen, fortelde beppe, en sy slepten op fearrene kessens, dan sieten dêr krânsen yn. Dat wie it wurk fan 'e tsjoenster.
nl.verhalenbank.36146
Yn Burgumerheide wie in bern fan Sikke Maei bitsjoend. Nou en dan spoeke der in fremde kat om 't hûs hinne.
Doe hat Maei de tsjettel mei hyt wetter krige en dêr dy kat mei smiten. De oare deis siet Frearke Jel har holle yn 'e doeken. Frearke Jel wie in tsjoenster. Sy gong mei 't kuorke mei fiters, bân, jern en sa by de huzen lâns.
As Frearke Jel de bern...
nl.verhalenbank.16491
Ien fan sawn op elkoar folgjende famkes is in nachtmerje. Troch 't kaeisgat kamen se yn 'e hûs. Jy koenen in krús op 'e drompel dwaen, dan koe se der net yn komme, likemin as in tsjoenster.
Bontsje Dalman fortelde, hja wenne yn Twizelerheide en doe woe der ris in frou nei har ta. Mar dat minske wie in tsjoenster. Bontsje die gau in krús oer 'e drompel,...
nl.verhalenbank.36153
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Dy hied er fan 'e duvel. As er dy wikseldaelder útjoech, kom er altyd wer. Sadwaende hied er noait gebrek oan jild. Hy die neat oars as skoaijen, mar hy hie dêrom skiep op it lân en hy hie altyd jild om út to lienen. Hy hie him oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.36145
Stammerige Harm wie de pake fan myn nichtsje. Harm koe ek tsjoene. Myn nichtsje fortelde, op in kear soe se har pake wekker roppe, doe lei der in pânse op bêd. Harmsèls wie der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.36144