Hil Mud wenne op 'e Sumarre Tike. Dy gong ek foar in tsjoenster troch. Dy mat ek wol bern bitsjoend ha.
nl.verhalenbank.21182
Alle Tet fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Dûmny Nieuwenhús fan Surhústerfean (= van de Nieuwenhuizen) krige wol iel fan Alle. Mar op in kear sei er, hy woe gjin wer ha.
It praetsje gong dat Tet, Alle syn wiif de iel bitsjoend hie. (Tet brocht de iel altyd nei dûmny ta.)
nl.verhalenbank.20216
Alde Branders Durkje yn 'e Harkema gong foar in tsjoenster troch. Us mem hie 't net op har bigrepen.
Mar hja gong hinne en lei duveldrek njonken 't hûs del oer 't hiele hiem hinne oan 'e sleat ta.
"Nou kin se der net wer lâns komme", sei mem. En 't wie ek sa. Durkje bleau wei.
nl.verhalenbank.20215
Wy wennen froeger yn 'e Harkema. Dêr wenne doetiids yn 'e Smoarhoeke in âld-minske, Sjouk, dy hie in winkeltsje. Doe't wy yn 'e winkel kommen wie dêr net ien. En doe't wy: 'folk' rôpen kom der net ien by ús. Doe gong heit ta de wenkeamer yn. Doe sweefde Sjouk dêr om 'e lampe hinne. Sjouk wie in tsjoenster. Wy makken gau dat wy fuortkommen.
nl.verhalenbank.36217
Fan âlde Sjouke Kloetstra op 'e Burgumerheide seinen se dat er mei de hounekarre troch 't slotsgat ried.
nl.verhalenbank.20338
As jy in swarte kat tomjitte komme, matte jy op jins hoede wêze, hwant dat bitsjut ûngelok. It koe in tsjoenster wêze.
nl.verhalenbank.36235
By ús mem en dy is 't âldste jonkje stoarn. Se woenen wol ha dat er bitsjoend wie. Letter woarde der wer ien fan 'e jonges siik. Doe tocht mem: Nou wol 'k der op tiid by wêze. Hja toarnde 't kessen iepen en rôp: "Dêr ha 'k him al!"
Doe hie se in krâns yn 'e hannen. Dy ha se forbrând en 't bern is wer better woarn.
nl.verhalenbank.36234
In tsjoenster kin noait fet krije op guon mei in bibelse namme. Paulus, Jakob of Adam ensa.
Ik bin út 'e skrift, sei ús heit. Dat wie in Paulus. My dogge se neat.
nl.verhalenbank.22092
As der by ien in krâns yn 't holkessen siet, dan wie sa'n ien bitsjoend.
nl.verhalenbank.24526
Yn 'e Kompenije ken ik minsken dy ha noch yn 't reid boppe de doar duveldrek sitten; dat dogge se om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen.
nl.verhalenbank.32178
Mem fortelde froeger: Der gongen twa froulju sjongendewei oer de Burgumermar yn in bûteraed. Sy kommen de Burgumer kant út wei en farden sa nei Skûlenburch ta. Dat hie mem as bern wol us heard.
nl.verhalenbank.20259
Yn Aldegea hienen se faek duveldrek ûnder 'e drompels om 'e tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.21198
To Boarnburgum, by de Biskopsstien spoekje de trije biskoppen om. Guon ha se dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.12224
Skoanheit handele yn lytsfé. Hy kom us by minsken op 'e Tike mei hinnen.
Goed soun? frege er oan 'e man. En 't wiif ek?
Né, 't wiif leit op bêd.
Is se dan siik?
Né, mar de geest dy sweeft, dy is der op út. As se aenst wer thúskomt en sy set thé, dan matte jo net drinke, hear.
Ik sil wol wizer wêze, sei skoanheit.
Hy seach mar gau, dat er fuortkom, hwant...
nl.verhalenbank.12232
Alde Melle Antsje (Antsje Fiter) fan Sumarreheide roan mei in kuorke mei galanterijen. It wie in tsjoenster. Sy bitsjoende leafst pas-geboaren berntsjes.
nl.verhalenbank.20280
Ik hie as jongfeint in kammeraet, dy krige us twa apels fan in keardel. Dy died er thús yn 'e learzens. Doe't hy se der letter úthelje soe, wienen it twa podden. Dy keardel koe tsjoene.
nl.verhalenbank.20237
Hynders hienen faek lêst fan nachtmerjes. Yn guon hynstestâllen hienen se in sabel boven it hynder hingjen, men miende dat dat holp tsjin 'e nachtmerje.
nl.verhalenbank.31489
Op it earste Dúnsterhout op 'e Dunen yn 'e Harkema seagen ik en myn kammeraet Rinse de Wind us in kear sawn katten achter elkoar. Sy hienen kroltsjes yn 'e snorren, sa moai hienen se elkoar makke. Dat ha tsjoensters west, dy soenen hjir of dêr in forgadering hâlde.
nl.verhalenbank.20235
In tsjoenster wie hast altyd in âld minske. Ik sei al dat der hjir ek ien wenne dy't der foar hâlden waerd. Dat wie âlde Piter Koaije Hinke, dy wenne hjir flakby oan 'e Boskwei, yn 't hûs dêr't Roel Nicolai wenne hat.
nl.verhalenbank.31808
Alde Klaes Skeltes Tryn koe fleane.
nl.verhalenbank.12238