18,741 datasets found
Dutch Keywords: hekserij Narrator Gender: male Place of Narration: Harkema
Alle Tet hat hjir in hiel soad minsken bitsjoend.
nl.verhalenbank.20136
As de doar heakke, dan wie deselde, dy't der yn kom, in tsjoenster.
nl.verhalenbank.15517
Krintebôlle mat men noait fan in tsjoenster oannimme, hwant dat wurdt altyd bitsjoend.
nl.verhalenbank.16894
Tsjoensters kinne fleane. Dat dogge se meastal op in biezemstok.
nl.verhalenbank.32748
As der ien bitsjoend wie en sy sieden spjelden yn it wetter, dan kommen de tsjoensters boven op 'e skoarstiens.
nl.verhalenbank.16884
As tsjoensters der op út gean to tsjoenen, litte se de pânse achter.
nl.verhalenbank.19972
As der ien bitsjoend is, en men siedt spjelden yn wetter, dan is de earste dy't oan 'e doar komt, in tsjoenster.
nl.verhalenbank.16897
Alde Sytse Durkje wie ek in tsjoenster. Dêr gongen wy as bern allegear foar op 'e loop.
nl.verhalenbank.17561
De kopkes mochten foar de nacht net los fan inoar stean, mar ynelkoar set op 'e tafel. Oars gong it yn 'e nacht op in thédrinken.
nl.verhalenbank.16898
Earde Weening hat in pear bern forlern, dy wienen bitsjoend troch âlde Vogeltsje. Greate Wopke hat dat útmakke, mar hy koe de bern net mear helpe.
nl.verhalenbank.20134
As in tsjoenster der op út giet, is de geest út har lichum wei. De gedaente bliuwt thús. Dêr is dan alle wêzen út, krekt as út in deade. De geest is der út.
nl.verhalenbank.16088
It gebeurde froeger us dat Wytse de Wind bitsjoend rekke. Doe moest er in pod yn 't skelkje ha en dy by him drage, krekt salang oant dy fordroege wie. Alle Tet hie him bitsjoend.
nl.verhalenbank.21132
As Alle Tet der oan kom setten wy as bern altyd in krús op 'e wei mei de klomp. Wy tochten, dat se dêr net oerhinne komme koe.
nl.verhalenbank.21643
Alde Tet fan 'e Bulten yn 'e Harkema wie in tsjoenster. Sy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.29347
Tsjoensters kinne har yn hast alle dieren foroarje.
nl.verhalenbank.24885
Alle Tet koe har yn in skiep foroarje. Ik gong wol us to sichtsjen mei har soan Jetse. Jetse moest us in kear nei de W.C. Wylst er dêr siet, kom der in hiel dik swart skiep oan. 't Wie by Aen. Aen kom bûtendoar. Jetse sei: "Hwat wie hjir in dik swart skiep." Doe seagen se 't op in dyk fleanen, mei gewelt. Aen en Jetse der achteroan. By Alle en Tet woarde...
nl.verhalenbank.22204
Alle Tet foroare har nou en dan yn in sware kat. As men de kat omseame, dan wie Tet even letter bont en blau.
nl.verhalenbank.16891
Edzer Sint koe soldaetsjes út 'e hurddobbe komme litte. Dat wie in fremd man. 't Koe wol wêze, dat er sinten brûke moest, mar in oar net bitelje koe mar dat er de oare deis in berch jild hie. Hy hie him forkocht oan 'e duvel. Hy hie in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.16857
Op 'e Bulten hat in frou wenne, Piters Lyske, dy rekke bitsjoend. Hja waerd siik en doe founen se in krâns by har yn 't kessen. It wie in frommeske út Bûtenpost dy't har bitsjoend hie, neffens se seinen. It is noch net iens safolle jierren lyn doe't dat gebeurde.
nl.verhalenbank.31543
Foar tsjoensters mat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen.
nl.verhalenbank.20670