18,813 datasets found
Dutch Keywords: hekserij Narrator Gender: male Place of Narration: De Westereen
De tsjoensters gongen soms nei Spanje ta nei de wynkelder.
nl.verhalenbank.21068
In nachtmerje komt by de minsken troch 't slotsgat en troch 't goatsgat.
nl.verhalenbank.24478
It mat achter Kollum us gebeurd wêze, dat dêr in nachtmerje sjongendewei oer it wetter kom wie yn in skelp. Dy skelp hie se weistoppe yn 'e snilen, mar hy is foun woarn troch oaren. Dy ha dy skelp doe meinom. Doe koe dy nachtmerje net wer fuortkomme.
nl.verhalenbank.24477
Alde Minne Ael wie in tsjoenster. Dy wenne yn 'e Westerein. Sy fleach op 'e biezem fan 'e iene skoarstien nei de oare.
nl.verhalenbank.25136
Toverboeken hite ek wol duvelboeken. De tsjoensters hienen sa'n boek.
nl.verhalenbank.19411
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje. Ien fan sawn jonges út ien húshâlding is in duvelbander.
nl.verhalenbank.29710
Tsjoensters hâlde forgaderings yn 'e gedaente fan katten. Dêr sjonge se psalms by.
nl.verhalenbank.24581
Men die algemien duveldrek ûnder 'e drompel om 'e tsjoenster to kearen.
nl.verhalenbank.36581
Piter Loos wenne yn 'e Kule. Hy wie troud mei in dochter fan Wybren de Bruin. In frommes hie dêr de rin by harren; ien dy't der oars noait kom. Dat frommes kom mei de trein fan Ljouwert, 't wie in inkoopfrou. Hja striek oer Piter en dy's bern hinne op in kear, doe lei dat bern de oare deis dea. Dat minske hie de kweade hân. It wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.24582
Soms soe er mei syn maten fuort. Dan hellen se him oan, mar dan lei Hanne noch op bêd. "Gean mar fuort," sei er, "ik kom jim aenst wol nei." Dan stie er in tsien k.m. fierder har op to wachtsjen.
nl.verhalenbank.36281
It gebeurde wol dat Hanne der mei syn kammeraden op út wie. It iene momint wienen syn kammeraden by him, it oare momint wie der nergens mear in Hanne to sjen. As se dan hjir of dêr hinne soenen stie er op in plak, dêr't se lâns kommen achter de ien of oare beam har op to wachtsjen.
nl.verhalenbank.36280
Der wienen tsjoensters, dy koenen fleane. Sa'n ien hat der ek yn 'e Westerein wenne.
nl.verhalenbank.30104
Yn Twizelerheide wenne in frou, dat wie in tsjoenster. Dêr doarst net ien hwat op to iten, sa bang wienen se dat se dan bitsjoend wurde soenen.
nl.verhalenbank.36275
Tsjoensters matte alle sawn jier op syn minst ien deatsjoene. Dogge se dat net, dan gean se der sels oan.
nl.verhalenbank.25433
Yn 'e Westerein hienen de minsken froeger allegear duveldrek ûnder 'e drompel. Dat dienen se om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen. Sy hellen it út 'e apteek.
nl.verhalenbank.21535
Under 'e hekke fan 't lân, dêr't hynders yn roannen, hienen se froeger duveldrek lizzen. Se wienen bang dat der forkearde lju yn 't lân komme koenen dy't de hynders bitsjoene woenen.
nl.verhalenbank.36276
In hekse mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.29810
Hjir yn 'e Westerein ha se us in kear in nachtmerje fangd. 't Wie in dochter fan Sikke Boukes Postma. Dy hie sawn dochters. Der wenne in man yn 'e Westerein, dy hie alle nachten lêst fan har. Doe ha se op in joun moal oer him hinne struid en doe't de nachtmerje dy nachts kom, koe se net wer fuortkomme. Sikke Boukes woe fansels net heal lije dat it bikend...
nl.verhalenbank.24476
Oan 'e Swemmer wenne in âld minske, dat wie in echte tsjoenster. Dy hat wolris ien deatsjoend wurdt der biweard. Jy koenen der ek net hwat opite. Der hat ris in man hwat by har opiten. Doe't hy der wei kom wied er bitsjoend.
nl.verhalenbank.36359
Men lei froeger duveldrek ûnder 'e drompel om bifeilige to wêzen tsjin tsjoensters.
nl.verhalenbank.29722